Springe nei ynhâld

Aliby

Ut Wikipedy

In aliby (fan alibi, Latyn foar "earne oars") is in bewiis dat immen net op it plak fan in misdriuw oanwêzich wie. Soks is in wichtich middel om jins ûnskuld oan it oangeande misdriuw te bewizen. As bygelyks in buorman fermoarde wurdt mei wa't in persoan lang deilis west hat, dan is der sprake fan in aliby as ferskate tsjûgen ferklearje dat dy persoan op it tiidstip fan 'e moard yn in kafee oanwêzich wie. Dêrtroch kin de plysje mei wissichheid fêststelle dat de persoan yn kwestje net de dieder fan it misdriuw wie. Dat wol fansels net sizze dat er der neat mei te krijen hie; sa soed er in oar betelle hawwe kinne om it smoarge wurke foar him op te knappen.

Men sprekt fan in falsk aliby as tsjûgen omkocht of ûnder druk set binne om in ûnwiere ferklearring ôf te lizzen oer it plak dêr't de persoan yn kwestje him op 'e tiid fan it misdriuw befûn. In falsk aliby kin ek ferskaft wurde om 'e persoan yn kwestje yn beskerming te nimmen, bygelyks troch de houlikspartner fan sa'n persoan of troch de âldelju fan in minderjierrige fertochte. As tsjûgen in falsk aliby folhâlde foar de rjochtbank, begeane se meineed, wat strafber is.

In aliby hoecht net altyd te berêsten op tsjûgeferklearrings; it kin ek materieel levere wurde, bygelyks troch in kassabon (dêr't de tiid op oanjûn stiet) fan in winkel yn in oar plak, troch in registraasjelist fan tillefoanferkear op it stuit fan it misdriuw, of troch in fisum fan in oar lân. It wettertichtste aliby is as in fertochte op it tiidstip fan it misdriuw al yn it tichthûs siet. In aliby kin ek mei weromwurkjende krêft foarkomme. As bygelyks immen oanholden en fêstset wurdt op fertinking fan in rige misdriuwen, lykas ynbraken of brânstiftings, dan kin it foarkomme dat men konkludearje moat dat men de ferkearde persoan te pakken hat as dy misdriuwen gewoan trochgeane wylst de fertochte yn 'e sel sit.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.