Springe nei ynhâld

Rients Gratama

Ut Wikipedy
Rients Gratama
Rients Gratama
Rients Gratama
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 24 jannewaris 1932
berteplak Penjum
stoarn 6 septimber 2017 (85 jier)
stjerplak Ljouwert
etnisiteit flagge fan Fryslân Frysk
wurkpaad
berop/amt Kabaretier, akteur, tekstskriuwer, sjonger, dosint
aktyf as Kabaretier, akteur, sjonger
jierren aktyf 1957-2007
offisjele webside
Webstee Rients Gratama

Rients Gratama (Penjum, 24 jannewaris 1932 - Ljouwert, 6 septimber 2017)[1] wie in kabaretier, akteur, liete- en tekstskriuwer en lesjouwer. Hy neamde himsels wol ris in "droktemakker". Gratama kin sjoen wurde as ien fan de bekendste en súksesfolste kabaretiers fan Fryslân, syn programma's waarden altiten goed besocht.

Rients Gratama wie in soan fan Geart Gratama en Johanna Sjaarda. Dy wiene beide aktyf yn it doarps- en ferieningslibben. Yn 1950 ferhuze de húshâlding nei Ljouwert. Hy gie nei de ULO yn Wytmarsum en letter nei de HBS fan Harns. Yn de fakânsje wurke Rients by de CCF. Dêrnei moast er yn tsjinst en kaam dêrnei wer by de ôfdieling bûtenlânske korrespondinsje fan de CCF. Yn 1957 gie hy nei Harns, dêr’t er direksje-siktaris waard by it sûkerwurkfabryk 'Frisia'. Doe’t er dêr noch gjin wike wurke hie, wiisde syn heit him op in advertinsje yn ’e krante fan it selskip "Tetman en Jarich de Vries". Dy sochten in nije meiwurker. Tetman kaam op in dei by him thús en dyselde jûns waard hy foarsteld oan de oare leden fan it selskip.

Soks wie gjin garânsje foar in súksesfol bestean, mar Rients hie alle betrouwen yn it 'ynstitút' Tetman de Vries. Yn Harns hied er in tal minsken kennen leard dy’t letter it grutte rol foar him spylje soenen: syn lettere frou Jetske Bijlsma en de lettere cartoonist Cork (Cor Hoekstra), dy’t kunde hie oan Jan J. Bijlsma (letter learaar en skriuwer). Mei syn trijen foarmen se it kabaretgroepke "De Stikelstekkers". Boppedat wie Rients aktyf as muzikant by de korpsen Penjum en Weidum, dy’t beide "Harmony" hieten. Hy spile meast bugel mar fierder ek hast alle oare blaasynstruminten. By it yn Fryslân toch de revu "De Tiid hâldt gjin skoft" ferneamde selskip "Tetman en Jarich" sieten neist de twilling De Vries ek Riek Landman, Hinke Visser-Oostra en Kor Huisman (piano). Rients kaam yn it plak fan Klaas Westra, dy’t ornaris de rol fan âldere persoanen spile.

Se spilen wol gauris trije stikken yn ien wike: "De tiid hâldt gjin skoft", "De tiid sil’t leare" en "Kleur en Fleur". It wie in treflike learskoalle (hy skreau teksten) dêr’t er de basis lein hat foar syn lettere kariêre. Der waard spile op provisoaryske poadiums en yn feesttinten.

Gratama waard yn 1962 troch it literêre tydskrift De Tsjerne al útroppen ta ‘kabaretman nûmer ien’.

Nei seis jier woe Gratama wat oars: hy begûn in eigen selskip. It earste eigen programma hiet “Se moatte it sels mar witte” en de premjêre wie yn De Lawei yn Drachten. Benammen it sketske “De sjeik fan Arum” sloech tige oan yn de mear as twahûndert foarstellings. Yn syn selskip sieten Jetske Zijlstra, Baukje Felkers, syn âlde freon Cor Hoekstra (CORK) mei as fêste ynfaller Pieter van der Veen (fan 'Barend en Martsje') en pianist/komponist Kor Huisman. Nei trije jier hie Rients lykwols syn nocht. Hy krige yn 1965 in kâns by de NCRV-telefyzje. Radio-ûnderfining hie hy al opdien by de RONO mei syn programma “Bisteboel”. Syn karjêre yn by de NCRV duorre lykwols mar twa jier, doe gie Rients Gratama op de solotoer. “Moai waar en lange dagen” hiet syn earste programma yn 1967. Hy waard begelaat troch in kombo besteande út Henk Ondersteijn, Joop Verbeke en Karst de Groot. It wie in eksperimint, it publyk wie foar de tiid wend oan ‘sketskes’ en liet it al gau ôfwitte. Nei ien jier wie it dien.

Rients makke syn earste langspylplaat en kaam dêrtroch yn kontakt mei Wim Sonneveld. Sonneveld kaam nei Raard om in foarstelling fan Gratama te sjen. It hat laat ta de earste Nederlânsktalige foarstelling “Vingertjes in de Pap” en de premjêre wie yn de lytse seal fan it Konsertgebou yn Amsterdam. Nettsjinsteande dat er stipe fan Sonneveld krige is er nea in topper wurden yn Hollân. Ien fan syn eigenskippen wie dat er himsels faak relativearre. Yn dy tiid wenne er noch oan de Dokkumer Ie by Burdaard.

Tachtiger jierren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt midden de tachtiger jierren wenne Gratama mei syn freondinne Carla van der Heijde yn in monumintaal pân yn Elburch. Sa koe er tichter by Amsterdam wenje, dêr't er dosint oan de Akademy foar Lytse Keunsten wie, mar dochs ek wer net te fier fan Fryslân ôf. Syn soan, Geart Gratama, is grafysk ûntwerper en yllustrator, syn dochter Joukje Gratama is dêr troud.

Tegearre mei freondinne Carla van der Heijde, dy’t skilderet, tekenet en ek les jout, foarme hy in artistyk gelegenheidsduo. Se skreaunen foar Friesland Post in tweintichtal fabels.

In soad muzikanten hawwe yn de rin fan ’e tiid mei Rients wurke lykas: Cees Bijlstra (út Grou), Jaques Sambrink, John Eskes, Peter Sijbenga, Addy Scheele. Mei in soad Nederlânske kollega’s hat er optreden yn kabaret of musical, yn film of op telefyzje. Mei Gerard Cox bygelyks yn “De Grijze Plaag”. En “Beperkte Dijkbewaking’, mei Jasperina de Jong yn de musical “Fien”, mei Nelleke Burg, mei Joke Bruijs (dêr’t er teksten foar skreau, krektas foar Robert Paul). Hy spile in rol yn in film oer it libben fan dûnser en koreograaf Rudi van Danzig.

Yn Fryslân makke hy yn 1976 syn ‘comeback’ mei “Ha dy Basken’. Nei in tal oare programma’s kaam yn 1992 “Euro Super Fries”, dat etnyske minderheden as tema hat. Tsjinspylster dêryn wie Maaike Schuurmans, dy’t ek yn de musical “Mata Hary” spile. De muzyk is fan Addy Scheele en Peter Sijbenga, op ’e bân opnommen.

Rients hannele net sa bot yn de sin fan it oerbringen fan in boadskip nei it publyk, mar mear út in soarte fan artistyk idealisme. Nettsjinsteande syn loftse hert fûn de artyst Gratama amusemint meast wichtiger as engaazjemint. Hy hie der in soad wille fan om dingen út it ferbân te heljen en it dan letter wer yn elkoar te passen. Gratema sei ek dat it skriuwen en meitsjen fan programma’s him hieltyd liniger ôfgie, om in dei nei it applaus alles wer te relativearjen. Benammen de frijheid wie neffens eigen sizzen wichtich foar him. Hy hat op ferskillende poadia stien yn Fryslân, mar ek dêrbûten. Gratama wie ûnder oare aktyf yn de rest fan Nederlân en yn de Feriene Steaten, Afrika, yn de Golfsteaten en yn Nigearia. Bûten Fryslân wie er foaral oan it wurk as entertener by cruises, yn films en op telefyzje. Ek nei in hertoanfal pakte er it wurk fierder op. Foar al syn kulturele aktiviteiten krige er in Fryske Anjer. Yn 1998 kaam er werom yn Fryslân en sette him ta wenjen yn it âlde postkantoar fan Akkrum.

Yn de listen hjirûnder stiet in ûnfolsleine seleksje fan it wurk fan Gratama:

  • De Goudfisk (2010)
  • Euro-Superfries (1992), syn jubleumprogramma, hy stiet dan 35 jier op de planken.
  • Mata Hary (1989) - musical
  • In Fries is in Fries, is in Fries (1988)
  • Makkumer slaat Warkumer (1985)
  • Alle Jierren Feest (1985) (Frysk Festival)
  • Tachtich yn’e bocht (1980)
  • Ha dy Basken (1976)
  • Moai waar en lange dagen (1967)
  • Dichter by Operaesje Fers.
  • Skriuwer fan Eintsje Libben foar Tryater, 2008. Toanieltekst, oerset nei it Nederlânsk troch Peter van de Witte (De Kleine Wereld).
  • De Smellingerlânske kultuerpriis 'de Gratama' is nei him neamd en hy wie sels de earste dy't de priis ûntfong.
  • Yn Hagelslach en it berneboek Ruerd en syn hin ferskine Fryske gedichten fan syn hân, mei yllustraasjes fan Carla van der Heijde.
  • Regisearre Arendz en Arends en de teaterferzje fan de telefyzjerige Baas boppe Baas.

Rients Gratama die mei yn:

dûbel LP
  • 80 yn 'e bocht (1980)
LP's mei oaren
  • Rôlje, rôlje
  • De bêste út Fryslân
CD's
  • Tachtich yn'e bocht (1998)
  • In Fries is in Fries (199?)
  • Kening op sokken (1997)
  • Rike Tiid
  • Hichtepunten út'e "teatershow in...
  • 70 jier Rients (2002)
CD's mei oaren
  • Frysk hit festival 1
  • De beste fan Omrop Fryslân diel 2 (1993)
  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (1998)
  • SimmerTime (2000)
  • SimmerTime 2 (2000)
  • Fryske Stjerrejûn (2001)
  • 70 jier Rients (2002)
  • Tachtich Yn'e Bocht (1998)
  • Trochstrings & CO (1998)
  • Knollentuin (1971), digitalisearre en restaurearre kopy fan de orzjinele LP op CD

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
>

  1. Teäterman Rients Gratama (85) ferstoarn, webstek Omrop Fryslân, 7 septimber 2017