Springe nei ynhâld

Operaesje Fers

Ut Wikipedy

Operaesje Fers wie in Fryske dichterstelefoan ûnder nûmer 058-2131313 dêr't elts nei beleaven ynbelje koe om in gedicht te belústerjen. De poëzij moast sa 'demokratiseare'wurde. Operaasje Fers hat bestien fan 1968 oant 1994. Yn dy tiid hawwe fia de dichterstelefoan mear as 2000 gedichten te belústerjen west: likernôch 1100 Fryske, 800 Nederlânske en sa'n 100 yn oare talen. Oprjochters fan Operaesje Fers wiene Josse de Haan, Meindert Bylsma en Geart van der Zwaag, mar de geastlike heit wie Feyo Schelto Sixma van Heemstra.

Yn 1969 woe de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis, besteande út G.A. Gezelle Meerburg, Lolle Nauta en Jan Wybenga, de priis takenne oan Operaesje Fers, mar Deputearre Steaten fan Fryslân stuts dêr in stokje foar omt it reglemint it takennen fan de priis oan ien auteur foarskriuwt. It telefoannûmer krige ekstra omtinken troch in fers fan Edsard Berger dy't syn 'beschaafde aardrijkskunde' foardroech en dêr't in ARP-senator de PTT-direkteur oer belle:

De plaatsen Calcutta
Pikveld in Drente
Connecticut en Lulea
zullen in een van de volgende encyclieken
worden herdoopt in
Calvaginetta
Penisveld in Drente
Connectivagina
en Penisea

Njonken de oprjochters hawwe ûnder oaren Joop Boomsma, Pier Boorsma en Willem Abma in sit yn de redaksje hân.

Op 27 jannewaris 2005 binne de lûdsargiven fan Operaesje Fers publisearre op de webside fan Tresoar.

  • Kar út 15 jier Operaesje Fers (1984)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: