Springe nei ynhâld

Addy Scheele

Ut Wikipedy
Addy Scheele

Addy Scheele (Ynskedee, 1949), is in musikus út Grins. Hy sit sûnt 1960 yn de muzyk: Hy is pianist, komponist, arranzjeur en producer. Fierder is er pianodosint en spilet ek yn Samar Ynienen.

Scheele gie yn Ynskedee nei de Mulo en HBS-A. Hy krige gitaarles fan Paul de Heer en pianolessen fan frou Burger, Anne Eenkhoorn en Martin Kaptein. (Martin Kaptein wie ek dosint fan Harry Bannink, Jasper van 't Hof, Jan Rietman en Adje van den Berg.) Hy wie aktyf yn skoalorkesten/kabaret, gospel- en popgroepen lykas Sonority Minstrels, Ronal Four en Teach In en de earste jazz-sesjes yn 'De Tor'.

Syn folk hie in tekstylsaak yn Ynskedee. Hy kaam út in muzikaal laach: heit spile fioele yn it Schuttersveldorkest en mem siet by de operetteferiening Casanova. Sûnder dat syn âlden it wisten wie er al in skoft sologitarist fan it bandsje The Ronal Four.

Scheele studearre skoalmuzyk en piano oan it konservatoarium fan Grins. Hoewol't syn stúdzje rjochte wie op klassike muzyk, ûntwikkele er him ta in jazzmuzykant. Hy krige les by Rob van Deinse en helle it diploma 'Akte-A muzykûnderwiis' en hie ek in eigen jazztrio. Hy spile yn ferskate formaasjes en makke syn earste arranzjeminten, komposysjes en studio-sesjes. Tusken 1978-2000 pianist/komponist fan kabaretier Rients Gratama, yn it earstoan mei it Kwartet John Eskes, letter allinnich as pianist, sûnt 1986 yn gearwurking mei pianist/komponist Peter Sijbenga. Yn 1983 waard er dosint Jazz & Ymprovisaasje oan de Universitêre Stifting Foarmingsaktiviteiten (USVA) yn Grins. Yn 1987 waard er dosint piano/syntesizers, jazz-ensembles en komponearjen/arranzjearen oan it konservatoarium yn Ljouwert. Yn 1990 fêstige hy him as selsstannich ûndernimmer ûnder de namme 'Addy Scheele muziekprodukties' .

Addy Scheele wie ien fan de skriuwers fan de musikal Kening op Sokken. Fierders fersoarge er de begelieding fan ferskate Fryske en Grinslanner streektaalartysten lykas Leny Dijkstra, Rients Gratama, Wia Buze, Albert Kamphuis, Ymie bij de Ley, Lianne Abeln, Piter Wilkens en Jan Glas. Dêrby soarge hy bytiden foar de twadde stim. Hy makke mei harren ek lûdsdragers.

  • Glas, Scheele & Lass (Diezeg Laand, boek mei CD)
  • By Nature mei syn eigen fusion-jazzkwartet DEMI-SEQ.
  • Solo/duo/trio/kwartet/kwintet Addy Scheele (promo)
  • Trio Addy Scheele and Guests (promo, jazz)

CD-s yn de mande mei oaren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Hjerstblêden (Ymie bij de Ley, 2003)
  • Romtefyts (2002)
  • Tenminste Houdbaar Tot
  • Onbestemd verlangen, (Marko Poucki)
  • 70 jier Rients (Rients Gratama, 2002)
  • SimmerTime 2 ( 2000)
  • SimmerTime ( De Kast, 2000)
  • 't Tuutjefloitersfestival in t Kielzog (Alex Staal, 2000)
  • Tuutjefloiters Festival, (Grinslanner muzyk)
  • De kleuren woar'k mit leef (Albert Kamphuis, 1999)
  • Trochstrings & Ko (sammel cd, 1998)
  • Rike Tiid
  • Ik goa mien aigen weg (Johan Raspe)
  • Groningen (Ralf Poelman, single cd)
  • Liefde (Denny Christian)
  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 3 (Marista 1998)
  • De Beste fan Omrop Fryslân, diel 2 ( 1993)
  • De Beste fan Omrop Fryslân ( 1992)
  • Rike Tiid (?)
  • Kening op sokken (Rients Gratama, 199?)
  • Rendez-vous (Henriëtte Tukkers)
  • Mei Alle Leafde (Leny Dijkstra, 199?)
  • In Fries is in Fries is in Fries (199?)
  • Thoes (Spitsbergen Recording, 1989)
  • PS With love (jazz, Peter Schneider)
  • Alex Gache and his little orchstra
  • Romtefyts (Piter Wilkens )
  • Come what may (Theo Jansen)
  • Laten we opnieuw beginnen (Hepie)

LP-s yn de mande mei oaren

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Sipelsop en sûkelade (Frysk Bernekoar)
  • Thoes (Liane Abeln)
  • Nait zunder die (Liane Abeln)
  • Verskes dij 'k joe lain (Lianne Abeln, dûbel-LP]
  • Just the way we are (Emile Hartkamp) [MC]
  • Alleen voor jou (Emile Hartkamp)
  • Doch ek leb (Marjol Flore)
  • 80 yn'e bocht (Rients Gratama, dûbel LP)
  • Sundown , (Mieke Blom en Hanns Sueters)mei earste eigen komposysje)
  • Homesick Home (Social Security)
  • Tweiduster (Egbert Meyers)
  • Textielbeat ( sammel CD mei oare sixties-groepen út Ynskedee)
  • Nebula (Egdon Heath)
  • Loving You ( Harmony Trall)
  • Verskes dij k joe lain (2-LP, 't Grunniger Laid, 198?)
  • Nait zunder die (Nova Zembla, 1987)

Filmmuzyk & commercials

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

(Karút)

  • Foarljochting: Vervoer in stad en ommeland, Akzo veilig
  • Edukaasje: Besikerssintrum Orvelte, Het Mes
  • (Bedriuws)promoasje: Friesche Vlag, Thússoarch "De Friese Wouden"
  • Presintaasje: Noppert Beton, C&A moade

Twa spots dêr't ASm de muzyk foar makke: "Haaima" en Thússoarch "De Friese Wouden", waarden al bekroand mei de Fryske Reklamepriis.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: