Springe nei ynhâld

Wytsingeskip

Ut Wikipedy
Moderne ferzje fan in Wytsingeskip

Wytsingeskip of langskip is de sammelnamme foar skippen dy't brûkt waarden yn it tiidrek fan de Wytsingen (793–1066) yn Noard-Jeropa. Sy hiene faak in drakekop of in oar rûn foarme objekt as boechbyld.

Wytsingeskippen wiene bekend om't se rivieren en ûndjipten befarre koene, dêr't oare skippen te djip foar leine. Fierders wiene sy tige seefêst sadat der bygelyks de Noard-Atlantyske Oseaan mei befearn wurde koe. Se fearen der mei fan de Baltyske See oant Yslân, Grienlân, Newfoundland, de Middellânske See, en Afrika ta. Ek Ruslân waard sa oer de rivieren trochkrúst nei de Swarte See en Konstantinopel.

Der wurdt ûnderskied makke by Wytsingeskippen tusken it "langskip", de "knarr" en de "karve". Oare benammingen foar in langskip binne "drak(k)ar" en "snek".

Bekende Wytsingeskippen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne Wytsingeskippen weromfûn yn skipsgrêven, as skipswrakken en as sonkene skippen op de seeboaiem. De bekendste archeologyske fynsten binne it tusken 1867 en 1904 yn Noarwegen, yn skipsgrêven ûntdutsen Gokstadskip, Osebergskip en Tuneskip.[1]

De Wytsingen wienen tige grutsk op harren skippen. De skippen hienen nammen en waarden as in libbend wêzen behannele.

Bekend binne ek de fiif Skuldelevskippen[2], dy't om 1960 hinne op de boaiem fan it Roskildefjord weromfûn waarden by Skuldelev yn Denemark. De fynsten hawwe ta goede rekonstruksjes laat.


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Wytsingeskippemuseum, Oslo (Noarwegen)
  2. Wytsingeskippemuseum, Roskilde (Denemark)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]