Springe nei ynhâld

Wiesbaden

Ut Wikipedy
Wiesbaden
Nije Riedshûs en Marktkirche
Nije Riedshûs en Marktkirche
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
Regierungsbezirk Darmstadt
Stedsyndieling 26 Ortsbezirke
Sifers
Ynwennertal 283.083 (31.12.2022)
Oerflak 203,87 km²
Befolkingsticht. 1.389 ynw./km²
Hichte 72 m.
Oar
Koördinaten 50° 4' N 8° 14' E
Offisjele webside
www.wiesbaden.de
Kaart
Wiesbaden (Hessen)
Wiesbaden

Wiesbaden is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Hessen. It is it haadplak fan Hessen. Wiesbaden leit oan de rivier de Ryn en hat goed 280.000 ynwenners (2023).

De stêd is opdield yn 26 Ortsbezirke.

De Romeinen wiene al bekend mei de waarme boarnen fan Wiesbaden en dy bouden flak nei de jiertelling tichteby in fort. De boarnen waarden foar it earst yn 77 nei Kristus yn Naturalis historia fan Plinius de Aldere beskreaun. Der ûntstie in Romeinske delsetting mei de namme Aquae Mattiacorum, dat it bestjoerssintrum fan 'e Civitas Mattiacorum yn 'e provinsje Germania Superior waard.

Yn it jier 828 waard troch Einhard, in biograaf fan Karel de Grutte, 'Wisibada' foar it earst neamd.

Om 1170 hinne krige greven fan Nassau keizerlik besit yn en om wat no it stedsgebiet fan Wiesbaden is. Kening Adolf fan Nassau stifte yn 1296 it Klarenthal-kleaster, dat it hûskleaster fan 'e Nassau's waard.

Wiesbaden yn 1655

Mei de beneaming fan Wolf Denthener ta de protestantsk-lutherkse dûmny waard yn 1543 de reformaasje yn Wiesbaden ynfierd. Oars as it oan 'e oare kant fan de Ryn lizzende Mainz waard Wiesbaden in protestantske stêd. Tusken 1609 en 1610 waard mei de bou fan it Alde Riedshûs begûn, hjoed-de-dei it âldste gebou fan 'e stêd.

Yn it jier 1744 waard it Slot Biebrich de haadresidinsje fan it Hûs Nassau. Wiesbaden waard yn 1806 de haadstêd en it bestjoerssintrum fan it hartochdom Nassau. As residinsje makke Wiesbaden de desinnia dêrnei in ûnbidige ûntwikkeling mei.

It Kurhaus fan Wiesbaden

Nei de Eastenryksk-Prusyskekriich waard Nassau sûnt 1866 Prusysk. Ut it hartochdom foarme Prusen yn maart 1867 it Regierungsbezirk Wiesbaden en Wiesbaden wie it bestjoerssintrum dêrfan en letter, nei de opdieling dêrfan, it bestjoerssintrum fan 'e Landkreis Wiesbaden. Sels bleau Wiesbaden in Kreisfreie Stadt. Nei't de stêd syn status as residinsje ferlear waard de stêd as kuerplak, kongresstêd en bestjoerssintrum fierder útboud en makke it in grutte bloei mei. It 'Nice fan it Noarden' sa 't Wiesbaden ek neamd waard, krige regelmjittich keizer Wilhelm II op besite en al gau krige de stêd de bynamme 'Keizersstêd'. Mei de keizer kamen in soad aadlik folk, keunsters en rike ûndernimmers nei de stêd om harren dêr nei wenjen te setten. Yn dy tiid waarden in soad moaie gebouwen boud, wêrûnder it Kurhaus Wiesbaden mei syn kasino en it Hessyske Steatsteäter oan 'e Wilhelmstraße.

Wiesbaden om 1900 hinne

Oan it begjin fan 'e 20e iuw gie it ynwennertal foar it earst oer de 100.000. Dat makke grutskalige stedsútwreidings nedich en de nije stedsgebieten waarden yn 'e styl fan it klassisisme, histoarisme en de jugendstil oanlein. Wiesbaden telde yn dy tiid it grutste tal miljonêrs fan Dútslân.

Nei de Earste Wrâldkriich wie it dien mei Wiesbaden as populêr kuerplak. Yn 1918 waard de stêd troch de Frânsen beset en yn 1921 waard yn Wiesbaden de regeling troffen oer de Dútske kriichsbetellings oan Frankryk. De stêd waard yn 1925 it haadkertier fan it Britske Rynleger en bleau dat oant de ôftocht fan de besettingsmachten út it Rynlân yn 1930.

De yn 1938 ferneatige synagoge fan Wiesbaden

Yn 'e Twadde Wrâldkriich waarden meiïnoar likernôch 1.200 joaden út Wiesbaden deportearre en fermoarde. Foar dat doel waarden yn 'e binnenstêd saneamde joadehûzen oanwiisd, dêr't de joaden byinoar fêstset waarden oant hja oerbrocht waarden nei it terrein by it stasjon fan Wiesbaden om dêrwei op transport set te wurden. De synagoge fan Wiesbaden waard al op 10 novimber 1938 yn 'e brân stutsen en ferneatige. De út Wiesbaden ôfkomstige ofsier Ludwig Beck wie ien fan de dieders dy't op 20 july 1944 in oanslach op Adolf Hitler pleegden en dat mei syn libben betelle. Yn Wiesbaden is in priis ynsteld dy't syn namme draacht en oan minsken jûn wurdt mei in soad moed. In oare bekende fersetsman is Martin Niemöller, dy't yn 'e Marktkirche preke foardat er arrestearre waard.

Wiesbaden hie yn 'e Twadde Wrâldoarloch ynearsten mei in rige net al te swiere loftoanfallen te krijen. It swierste bombarbemint waard yn 'e nacht fan 2 nei 3 febrewaris 1945 útfierd troch de Royal Air Force. It minne waar soarge der foar dat it doel fan it bombardemint mist waard, mar likegoed ferstoaren by de oanfal 1000 minsken en rekken 28.000 minsken harren hûs kwyt. 550 gebouwen waarden ferneatige en nochris 450 swier skansearre.

Amerikaanske troepen koene sûnder striid op 28 maart 1945 de stêd ynnimme. By de stêd waard in grut kamp ynrjochte foar 7.500 minsken dy't hûs en hiem kwytrekke wiene, wêrûnder 4000 Poalen, Balten, Italjanen en Jûgoslaven. Ek soe der tusken 1946 en 1947 in kamp foar joaden west ha, mar neffens oare boarnen wie dat kamp yn de Goltz-kaserne yn Mainz-Kastel. Ek waarden fan 1945 oant febrewaris 1951 joaden yn it eardere joadske fersoargingshûs yn 'e Geisbergstraße 24 opfongen. Fierder wie der noch in kamp foar ferdreaune minsken yn 'e Gersdorff-kaserne.

Yn desimber 1952 makke de Hessyske minister fan Ynlânske Saken bekend dat Wiesbaden de haadstêd fan Hessen wurde soe.

Ortsbezirke fan Wiesbaden

Wiesbaden is ferdield yn 26 Ortsbezirke. Fan 'e 26 Bezirken hearre mar seis ta it âlde Wiesbaden, de oaren binne foar in grut part yn 1926 by Wiesbaden yndield en wiene earder selsstannige gemeenten.

De Ortsbezirke Mainz-Amöneburg, Mainz-Kastel en Mainz-Kostheim hearden oarspronklik by Mainz. Dy Ortsbezirke lizze lykas Wiesbaden rjochts fan 'e Ryn en waarden nei de Twadde Wrâdlkriich troch de Amerikaanske en Frânske besettingsmachten yn it ramt fan it fêststellen fan 'e grins tusken de twa besettingssônes by Wiesbaden foege. It foarfoegsel "Mainz" heart lykwols offisjeel noch jimmeroan by de namme. De anneksaasje fan de trije eardere Maizer stedsdielen soarget noch altiten foar wranteligens tusken it oarspronklike protestantske Wiesbaden en it lofts fan 'e Ryn lizzende katolike Mainz.

Elts Ortsbezirk hat in eigen Ortsbeirat dy't troch in Ortsvorsteher foarsitten wurdt.

Nije Riedshûs
Ortsbezirken
  • 01 Mitte
  • 02 Nordost
  • 03 Südost
  • 04 Wiesbaden-Rheingauviertel
  • 05 Wiesbaden-Klarenthal
  • 06 Wiesbaden-Westend
  • 07 Wiesbaden-Sonnenberg
  • 08 Wiesbaden-Bierstadt
  • 09 Wiesbaden-Erbenheim
  • 10 Wiesbaden-Biebrich
  • 11 Wiesbaden-Dotzheim
  • 12 Wiesbaden-Rambach
  • 13 Wiesbaden-Heßloch
  • 14 Wiesbaden-Kloppenheim
  • 15 Wiesbaden-Igstadt
  • 16 Wiesbaden-Nordenstadt
  • 17 Wiesbaden-Delkenheim
  • 18 Wiesbaden-Schierstein
  • 19 Wiesbaden-Frauenstein
  • 20 Wiesbaden-Naurod
  • 21 Wiesbaden-Auringen
  • 22 Wiesbaden-Medenbach
  • 23 Wiesbaden-Breckenheim
  • 24 Mainz-Amöneburg
  • 25 Mainz-Kastel
  • 26 Mainz-Kostheim

Sûnt Wiesbaden yn 'e 19e iuw de haadstêd fan it hartochdom waard sette in foarse groei fan it tal ynwenners yn. Fan 1800 oant 1905 groeide de befoking fan 2.239 ynwenners nei 100.953 ynwenners. Nei't it ynwennertal fan Wiesbaden fuort nei de Earste Wrâldkriich tebekrûn, groeide it tal ynwenners wer nei in weryndieling yn 1926 en 1928, werby it grut tal oare gemeenten by Wiesbaden foege waarden. By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich yn 1939 stie de teller al op 170.354 ynwenners, itjinge foar in grut part te tankjen wie oan de ekonomysk geunstige lokaasje oan 'e Ryn, dy't yn ferbining mei it Ruhrgebiet stie.

Monumint foar de deportearre joaden op it plak fan it eardere laadperron fan it slachthûs

Yn 1933 wennen yn Wiesbaden 2173 joaden. Nei de machtsoername fan de nazy's yn 1933 waard it libben foar de joaden jimmeroan dreger. Oant 1937 emigrearre likernôch de helte fan 'e joaden nei it bûtenlân. Op 10 novimber 1938 waarden de synagoges yn 'e brân stutsen of fernield. In soad joaden waarden oppakt en nei Buchenwald stjoerd. By de pogroms waarden hûzen binnenkrongen en likernôch 23 joaden ferlearen harren libben, wêrfan de iene helte troch selsdeading en de oare helte om 't deaslein waarden. Yn 1940 waarden alle joaden yn likernôch 80 hûzen ûnderbrocht, fral froulju, bern en âlderein. Yn 1942 waarden de joaden fanôf it laadperron fan it slachthûs yn 'e treinen nei it easten deportearre.[1]

De stêd wie relatyf goed troch de Twadde Wrâldoarloch kaam en dat makke dat in soad minsken dêr hinne gyngen te wenjen. Ek de anneksaasje fan de Mainzer stedsdielen Amöneburg, Mainz-Kastel en Kostheim soarge foar fierdere groei. Yn 1947 gie de stêd foar it earst oer de grins fan 200.000. Yn 1977 waarden der op 'e nij dielen by de stêd foege en oan it begjin fan it nije millenium binne nije wiken yn de stedsdielen boud.

Njonken de groei fan 'e stêd is ek de gearstalling fan 'e befolking bot feroare. Sûnt de jierren 1970 naam ek de migraasje nei Dútslân ta, ynearsten mei gastarbeiders en dêrnei mei flechtlingen en nije groepen arbeidsmigranten. Hjoed-de-dei (2020) bestiet 40% fan 'e befolking út minsken mei in migraasje-eftergrûn en dat oantal sil de kommende jierren foars omheech gean want de ferskillen wat âldens oanbelanget binne grut. Fan 'e bern dy't nei skoalle gean is 60% allochtoan. Fan de minsken âlder as 65 jier is 80% autochtoan.[2]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Protestantske Merktsjerke

Oarspronklik hearde Wiesbaden by it bisdom Mainz, mar yn 1543 waard fierde it Hûs Nassau de reformaasje yn. Yn 'e 18e iuw ûnstiene der njonken de lutherske tsjerken ek kalvinistyske tsjerken, dy't yn 1817 mei in uny gearfoege waarden ûnder de namme Evangelische Landeskirche in Nassau. Yn 1934 resp. 1945 fusearren de trije lânstsjerken fan Nassau, Hessen en Frankfurt ta de Evangelische Kirche in Hessen und Nassau (EKHN. De protestantske gemeenten yn de EKHN foarmje meiïnoar it dekanaat Wiesbaden.

Net elkenien wie it mei de unifikaasje fan luthersen en grifformearde iens en sa ûnstie ek yn Wiesbaden lykas op oare plakken de protestantsk-lutherkske tsjerkegemeente, dy't oansletten is by de Evangelisch-Lutherischen Kirche.

Sûnt de 18e iuw wennen der ek wer katoliken yn Wiesbaden, dy't gjin eigen tsjerke hiene en op it 6,5 km súdwestlik fan Wiesbaden lizzende Frauenstein oanwiisd wiene, dat nei de reformaasje katolyk bleau. Sûnt 1791 mochten de Wiesbadener katoliken wer missen fiere en yn 1801 krigen hja wer in eigen tsjerke. Yn 1827 waard it bisdom Limburch stifte, dêr't de Wiesbadener katoliken ek ûnder foelen.

De Mauritiustsjerke (1850)

De midsiuwske tsjerke fan Wiesbaden wie oan Mauritius wijd en bleau ek nei de reformaasje it belangrykste tsjerkegebou fan Wiesbaden. Op 27 july 1850 baarnde de tsjerke ôf en allinne strjitnammen (Mauritiusplatz, Mauritiusstraße, Kirchgasse en Kleine Kirchgasse) betinke noch de tsjerke. De Marktkirche ferfong de ôfbaarnde tsjerke. De mei fiif tuorren útriste Marktkirche wie it protestantske andert op de troch de katoliken oan 'e Luisenplatz boude Bonifatiustsjerke.

Mei de útwreiding fan de stêd oan it ein fan de 19e en begjin fan de 20e iuw waarden nije monumintale tsjerken boud, lykas de Ringkirche, Lutherkirche en de Russysk-Otterdokse tsjerke.

De ûnttsjerklikens hat ek yn Wiesbaden bot taslein en hjoeddedei foarmje de protestanten (2022: 19,1%) en katoliken (2022: 17,6 %) tegearre in minderheid fan 'e befolking. Mei de migraasje nei Dútslân binne oare kristlike mienskippen ûntstien. De moslims foarmje lykwols in foars groeiende minderheid (yn 1987 4%, yn 2022 13,4).

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om 't de Wiesbadener binnenstêd yn 'e Twadde Wrâldkriich folle minder fan bombardeminten te lijen hân hat as oare Dútske stêden en de wichtichste gebouwen bewarre bleaune, hat de stêd gjin grutskalige nijbou yn 'e âldere dielen.

Jugendstil-arsjitektuer yn 'e Niederwaldstraße

It Alde Riedshûs oan 'e Marktstraße waard yn 1610 boud en is it âldste gebou fan 'e stêd. Tusken 1884 en 1887 waard foar de doe folle gruttere stêd tichteby it Nije Riedshûs boud yn 'e styl fan 'e neorenêssânse. It Stedsslot oan it Schlossplatz waard yn 'e jierren 1837-1842 boud en wie foar Wilhelm I en Wilhelm II by harren besites oan 'e stêd it plak dêr't hja residearren.

Tsjin it ein fan de 19e iuw waard de stêd foars útwreide mei nije wenwiken en brede leanen mei ryk fersierde gevels yn 'e styl fan it klassisisme, histoarisme en de jugendstil. In soad fan dy arsjitektuer is te finen yn it Rheingauviertel, it Feldherrenviertel en it Dichterviertel en it gebiet om de Ringstraße hinne. De status as kuerstêd brocht de stêd in soad publike bouwurken, lykas it Kurhaus (1907), it Hessyske Steatsteäter (1894), de Marktkirche (1853-1862) en de Ringkirche (1894).

Slot Biebrich

Bûten it histoaryske stedsgebiet stiet yn Biebrich it tusken 1700 en 1750 boude barokke slot fan de hartoggen fan Nassau. Achter it slot leit in grut park. . Biebrich waard yn 1926 by Wiesbaden yndield. Keizerinne Augusta Viktoria iepene yn 1905 de monumintale Oranienkirche fan Biebrich.

Museum Wiesbaden

It Museum Wiesbaden is it grutste museum fan 'e stêd en is tagelyk it museum fan 'e dielsteat Hessen. De belangrykste samlings binne de Jugendstil- en symbolisme-samling fan Ferdinand Wolfgang Nees, it wurk fan 'e Dútsk-Russyske keunstner Alexej von Jawlensky en ien fan 'e âldste ynsektesamlings mei flinters fan Maria Sibylla Merian en fûgels fan Maximilian zu Wied.

Oer de skiednis fan Wiesbaden ynformearret it Stadtmuseum am Markt. Oare musea binne:

  • It Slot Freudenberg mei in kuierrûte lâns staasjes om ûntdekkingen te dwaan mei de sinnen en it tinken.
  • It Römisches Freilichtmuseum mei kopyën fna Romeinske fynsten bestiet út it lêste diel fan de Romeinske fêsting út 364-375. Njonken de muorre stiet de Römertor, dy't yn 1902 rekonstruearre waard.
  • it It Museum Reinhard Ernst (museum foar abstrakste keunst)
  • it Frauenmuseum Wiesbaden

Fierder binne der yn 'e Ortsbezirke ferskillende Heimatmusea (streekmusea).

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]


Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Wiesbaden


Hessen Flagge fan Hessen
Landkreise

Bergstraße - Darmstadt-Dieburg - Fulda - Gießen - Groß-Gerau - Hersfeld-Rotenburg - Hochtaunuskreis - Kassel - Lahn-Dill-Kreis - Limburg-Weilburg - Main-Kinzig-Kreis - Main-Taunus-Kreis - Marburg-Biedenkopf - Odenwaldkreis - Offenbach - Rheingau-Taunus-Kreis - Schwalm-Eder-Kreis - Wetteraukreis - Vogelsbergkreis - Waldeck-Frankenberg - Werra-Meißner-Kreis

Kreisfreie Städte

Darmstadt - Frankfurt - Kassel - Offenbach - Wiesbaden

· · Berjocht bewurkje