Springe nei ynhâld

Ringkirche (Wiesbaden)

Ut Wikipedy
Ringsjerke
Lokaasje
lân Dútslân
dielsteat Hessen
plak Wiesbaden
adres Kaiser-Friedrich-Ring 7
koördinaten 50° 4' N 8° 13' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskip Protestantske tsjerke Hessen-Nassau
Arsjitektuer
arsjitekt Johannes Otzen
boujier 1892-1894
boustyl Neoromaanske arsjitektuer
Webside
Side Ringkirche
Kaart
Ringkirche (Hessen)
Ringkirche

De Ringkirche (Ringtsjerke) is in protestanske tsjerke yn de Dútske stêd Wiesbaden yn de dielsteat Hessen. De tsjerke waard fan 1892 oant 1894 boud yn de neoromaanke styl. It is de earste protestanske tsjerke fan Dútslân, dy't neffens de foarskriften fan it saneamde Wiesbadener Programm boud waard, in bouprogramma foar de ideale protestanske tsjerke dat al hiel gau in soad nijfolging fûn. Oant de Earste Wrâldkriich stie de Ringtsjerke model foar in hiele rige fan nije protestanske tsjerken yn Dútslân.

Op 30 juny 2003 waard de Ringkirche ta in nasjonaal monumint fan Dútslân útkard. By it krewearjen om de stêd Wiesbaden as wichtichste foarbyld fan it histoarisme yn Dútslân ta te foegjen oan it wrâlderfskip fan UNESCO spilet de Ringkirche tegearre mei de oare grutte tsjerken fan de binnenstêd in sintrale rol.

Wiesbaden seach yn de 19e iuw it ynwennertal hurd oanwaaksjen; de kuerstêd wie in wichtich toeristysk doel foar de hegerein en de ynternasjonale adel. Nei de annekaasje fan it hertochdom Nassau troch Prusen wisten ek de Prusyske kenings en de lettere keizers harren wei nei Wiesbaden te finen, dy't it Nassauske stedsslot as residinsje foar harren besite brûkten. Benammen keizer Wilhelm II mocht dêr graach wêze. Hy kaam somtiden wol trijeris yn 't jier nei Wiesbaden en sette him persoanlik yn foar de ûntjouwing fan de stêd. De stêd makke in enoarme bloei mei en telde om de iuwwikseling de measte miljonêrs fan it Ryk. Yn 1871 hie de stêd noch 35.500 ynwenners en yn 1910 wie dat tal al tanommen oant 109.000. Ut dy tiid stamme talrike bouwurken dy't represintatyf binne foar de doedestiidske bloei fan de stêd, lykas it Steatsteater (1894), it Kurhaus (1907) en it Sintrale Stasjon (1906).

Tekening Johannes Otzen fan de noch te bouwen Ringkirche (1891)

De ûntjouwing hie ek gefolgen foar de protestanske gemeente fan de stêd. Yn 1853, doe't mei de bou fan de Marktkirche útein set waard, telde de gemeente likernôch 9.500 leden. Doe't de tsjerke iepene waard wie it noch de ienige protestanske tsjerke fan Wiesbaden. Mar al gau wie de nije tsjerke fierstente lyts: it ledetal fan de protestanske gemeente naam yn 1871 ta oant 23.000 en yn 1875 oant 29.000 leden. Yn 1879 waard in twadde protestanske tsjerke yn de stêd iepene: de troch Johannes Otzen ûntwurpen Bergkirche. It tal protestanten bleau tanimmen en al gau moast in tredde tsjerke boud wurde. Fanwegen de goede ûnderfinings mei de Bergkirche waard Johannes Otzen ek de foar de tredde tsjerke as arsjitekt oanwiisd.

Otzen keas foar de bou fan de Ringkirche foar de romaansk-gotyske oergongsstyl. Sûnt de stifting fan it Dútske Keizerryk yn 1871 waard dy styl as it meast Dútsk wurdearre. De oarsprong fan de gotyk waard earder te Frânsk fûn en de renêssânse mear Italjaansk. De tsjerke waard foaral útfierd yn romaanske foarmen mei inkele goatyske eleminten, lykas roasfinsters en ribferwulften. Otzen hie foar de bou reade bakstien op it each, lykas by de Markt- en Bergkirche, mar de bouhearen namen giele sânstien foar kar om net allinne yn boustyl, mar ek yn it materjaal oan te sluten by de tradysje fan de domtsjerken yn Speyer, Worms en Mainz.

Yn it begjin fan 1892 waard it bouprojekt fan Otzen, dat doe noch konsekwint Reformationskirche neamd waard, frijjûn foar útfiering. De bou begûn yn febrewaris sûnder in plechtige earstestienlizzing, mar op 31 oktober 1894, de feestdei fan de reformaasje, rûn de hiele stêd út om de ynwijing fan de tsjerke mei te meitsjen. De gemeente wie it lykwols net ienriedich iens oer de namme Reformationskirche en krige pas yn 1906 de namme Ringkirche. Is it net bekend wêrom't de gemeente it net iens wurde koe oer de namme fan de tsjerke, mar nei alle gedachten moat de oarsaak socht wurde yn de ferskillen tusken de lutheranen en de kalvinisten. De lutheranen krigen pas yn it jier 1911 in eigen tsjerke: de Lutherkirche.

Sûnt 2002 fûn der in renovaasje van de tsjerke plak.

De Ringkirche stiet op in eilân tusken drokke ferkearswegen oan it westlike ein fan de Rheinstraße, dêr't de strjitte op de Ringstraße útkomt. De tsjerke foarmet mei de twa 65 meter hege spitsen in tige byldbepalende ôfsluting fan de Rheinstraße. Oan de lokaasje fan de tsjerke oan de Ringstraße, dy't nei de dea fan keizer Friedrich III (1831–1888) omdoopt waard yn de Kaiser-Friedrich-Ring, dankt de tsjerke de hjoeddeiske namme.

It bysûndere grûnplan fan de tsjerke: fan bûten liket de tsjerke in eastlike yngong te hawwen, wylst dy yn werklikheid oan de westlike kant leit
It eastlike oansjen fan de tsjerke
Ferwulft

It grûnplan fan de tsjerke bestiet út in fjouwerkant fan 20 meter lang en breed mei skeve hoeken, oan de fjouwer siden oanfolle mei in oanbou yn de foarm fan in heale achthoek dêr't de galerijen yn ûnderbrocht binne. Op de kreake fan de eastlike oanbou stiet it piipoargel en is de romte foar it sangkoar. Under de eastlike kreake skiedt in muorre de dêr efterlizzende konsistoarje, oare romten en de haadtoer fan de preekstoel, dy't yn in nis stiet. Oan de kant fan de haadtoer is efter in brede bôge op de grûn de saneamde Reformaasjehal ûnderbrocht. Oars as it liket foarmet de hal gjin haadyngong, dy leit nammentlik oan de westlike kant fan it gebou. De rjochthoekige haadtoer giet yn it boppeste diel oer yn twa twillingspitsen. Oan de kanten fan de haadtoer en noardlik en westlik fan de westlike oanbou binne lytse treptuorkes tafoege.

Fan bûten hat de tsjerke dus de skyn dat de haadyngong yn de eastlike toer leit mei dêr efter in tsjerkeskip dat troch in dwersskip (de sintrale bou) ûnderbrutsen wurdt en úteinlik einiget yn in koer of apsis (de echte yngongshal). Om't de echte haadyngong lykwols oan de westlike kant leit, koe de tradisjonele eastlike oriïntaasje fan de tsjerke hanthavene wurde en krige it liturgyske sintrum syn plak oan de eastlike kant.

Yn de trije oare oanbouwsels mei galerijen binne hieltiten trije grutte roasfinsters ynbrocht, wylst yn it midden fan it ferwulft boppe de sintrale romte in rûn raam is ynbrocht mei glês-yn-lead. It ferwulft is troch ribben yn in achthoekige stjer ferdield. It plafond fan it sintrale diel foarmet mei dat fan de oanbousels in ienfoarmich ferwulft, dy't allinne troch brede gurdlebôgen fan inoar skieden wurde. De galerijen, dy't mei harren smelle boarstwarring it sintrale diel ôfgrinzgje, wurde troch smelle pylders droegen.

Under de oargelgalerij stiet de preekstoel yn in healrûne nis mei dêrboppe in gevel dy't mei in krús bekroand wurdt. In dûbele trep rint nei de kûp fan de preekstoel. Op in ferheging stiet foar de preekstoel it alter en krekt as by in teater steane de banken yn in heale rûnte opsteld. De banken op de galerijen steane dêr foar oer parallel oan de boarstwarring opsteld.

De muorren binne fan stúkwurk foarsjoen en mei ornaminten beskildere. De by de bou brûkte sânstien komt mar op in pear plakken te foarskyn. It rykst fersierd is de eastlike oanbou mei it liturgysk sintrum.

It oargel fan de Ringkirche waard yn 1894 troch Eberhard Friedrich Walcker boud. It yntrumint hie 30 registers, ferdield oer twa manualen en pedaal en pneumatyske traktueren. It front fan it oargel waard troch de bruorren Neugebauer út Wiesbaden boud. Tsjintwurdich is it oargel noch jimmeroan foar in belangryk diel orizjineel. Mei 75% fan it oarsponklike piipwurk hat it oargel foar in grut part noch jimmeroan de klank fan de boutiid. Yn 1949 krige it oargel in oare disposysje en yn 1955 elektrifisearre de oargelboufirma Steinmeyer it ynstrumint, wêrby't ek de spyltafel ferboud waard. Dêrnjonken waard op de westlike galerij in rêchposityf ynboud.

Yn 2014 fûn der in grutte restauraasje fan it oargel plak. Doe is it ynstrumint yn de oarspronklike steat werom brocht. De restauraasje waard yn 2016 ôfsletten.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútske Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: Ringkirche