Springe nei ynhâld

West (Utert)

Ut Wikipedy
West
Lokaasje fan de wyk West yn de gemeente Utert
Lokaasje fan de wyk West yn de gemeente Utert
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
Sifers
Ynwennertal 29.280 (2017)[1]
Oerflak 898 ha
Oar
Koördinaten 52° 5' 28" NB, 5° 5' 35" EL
Offisjele webside
http://www.utrecht.nl/west
Leidseweg oan de Leienske Ryn yn de wyk Lombok
Kanaalstraat, in sintrale winkelstrjitte yn de wyk Lombok

Utert-West is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk hat 29.421 (Boarne: gemeente Utert, 2019) en is neffens ynwenners de achtste wyk fan de stêd.

De wyk wurdt yn it westen begrinzge troch de A2 mei de wyk Leidsche Rijn, yn it noarden mei de gemeente Stichtske Fecht, yn it easten troch it Amsterdam-Rynkanaal mei de wyk Noardwest, yn it súdeasten troch de Stedsbûtengrêft mei de Binnenstêd en troch de Weg der Verenigde Naties mei wyk Súdwest.

Likernôch 500 hektare yn it noarden fan de wyk bestiet út it bedriuweterrein Lege Weide, dat foar de gemeentlike weryndieling fan 1954 by de gemeente Zuilen hearde en doe nei de gmeente Utert oergie. De rest fan de wyk bestiet út foarkriichske, benammen arbeiderswenten, buerten.

De Leienske Ryn rint troch de wyk hinne.

De wyk West bestiet út de folgjende ûnderwiken en buerten:

  • Lombok/Leidseweg
    • Lombok-East
    • Leidseweg en omkriten
    • Lombok-West
  • Nieuw Engeland/Schepenbuurt
    • Laan van Nieuw Guinea, Spinozaplantsoen en omkriten
    • Nieuw Engeland, Thomas à Kempisplantsoen en omkriten
    • Schepenbuurt, Bedriuweterrein Cartesiusweg
    • Bedriuweterrein Lage Weide
  • Oog in Al/Welgelegen
    • Oog in Al
    • Welgelegen, Den Hommel
    • Halve Maan

Berne yn Utert-West

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Utert-West fan Wikimedia Commons.
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje