Springe nei ynhâld

Súdwest (Utert)

Ut Wikipedy
Súdwest
Zuidwest
Lokaasje fan de wyk Súdwest yn de gemeente Utert
Lokaasje fan de wyk Súdwest yn de gemeente Utert
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Utert
Gemeente Utert
Plak Utert
Sifers
Ynwennertal 37.725 (2017)[1]
Oerflak 555 ha
Oar
Koördinaten 52° 4' 18" NB, 5° 6' 11" EL
Offisjele webside
http://www.utrecht.nl/zuidwest/
Dichterswijk by it Stasjon Utert-Sintraal
Jutphaseweg mei Vaartse Rijn mei de wettertoer op eftergrûn

Utert-Súdwest is in wyk yn de Nederlânske stêd Utert, haadstêd fan de provinsje Utert. De wyk hat 38.428 ynwenners (Boarne: gemeente Utert, 2019) en is neffens ynwenners de fjirde wyk fan de stêd.

De wyk grinzget yn it westen troch it Amsterdam-Rynkanaal oan de wyk Leidsche Rijn, yn it noarden troch de Weg der Verenigde Naties oan de wyk West, yn it noardeasten troch de Stedsbûtengrêft oan de Binnenstêd, yn it sudeasten troch de Vaartse Rijn mei de wyk Súd en yn it suden troch de A12 oan de gemeente Nieuwegein. Allinnich de ûnderwyk Westraven stekt as in punt súdlik fan de A12 yn de gemeente Nieuwegein.

It Merwedekanaal rint dwers troch de wyk hinne en it gebiet westlik fan dat kanaal wurdt dat part fan de wyk yn de folksmûle oantsjut as Kanaleneiland, wylst neffens de wykyndieling dat part fan de wyk ûnderferparte is yn de ûnderwiken Kanaleneiland en Transwijk.

De ûnderwiken Dichterswijk en Rivierenwijk binne de foarkriichske buerten fan de wyk. Dichterswijk is deun tsjin it spoar foar it Stasjon Utert-Sintraal oer en bestiet út arbeiderswenten. Rivierenwijk is in foarkriichske arbeiderswyk dy't oan de Vaartse Rijn boud waard. Transwijk en Kanaleneiland waarden nei de kriich boud en benammen Kanaleneiland hat in soad heechbou.

Troch de wyk rint de flugge tram nei Nieuwegein en Iselstein. De wyk is mei de Binnenstêd en East de iennige wyk mei in tramferbining.

Utert-Súdwest wurdt ûnderferparte yn de folgjende ûnderwiken en buerten:

  • Transwijk
    • Transwijk-Noard
    • Transwijk-Súd
    • Bedriuweterrein Kanaleneiland (mei it Merwedekanaalgebiet en Westraven)
  • Rivierenwijk/Dichterswijk
    • Dichterswijk
    • Rivierenwijk

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Utert-Súdwest fan Wikimedia Commons.
Wiken en doarpen yn de gemeente Utert
Wiken:
BinnenstêdEast (De Uithof)Leidsche RijnWestOvervechtSúd (HoogravenLunettenTolsteeg en Rotsoord)NoardeastSúdwest (Kanaleneiland)Noardwest (Zuilen)Vleuten-De Meern (Rijnenburg)
Doarpen:
HaarzuilensDe MeernVleuten
Buorskippen:
AlendorpOudenrijn
· · Berjocht bewurkje