Springe nei ynhâld

Steaftsjerke

Ut Wikipedy
Steaftsjerke fan Borgund

In steaftsjerke (Noarsk: stavkirke) is in gehiel út hout oplutsen tsjerkegebou, mei in typyske boustyl dy't benammen yn Skandinaavje oantroffen wurdt. Steaftsjerken binne ûntstien yn de perioade dat it kristendom yn Skandinaavje ferspraat waard.

In steaftsjerke waard boud op in stiennen fundearring dêr't in frame of geramte fan houten balken op set waard. Op dit fûnemint rêsten de peallen. By de alderearste steaftsjerken waarden de staven of peallen yn in gat yn de grûn pleatst. Hoewol't dat foar genôch stabiliteit soarge, holden dizze bouwurken net lang stân trochdat de peallen troch ferrotting oantaast waarden. Dy peallen waarden oan de boppekant oaninoar fêstmakke mei in nij geramte fan horizontale balken. Dizze balken droegen de konstruksje foar it dak. Om dizze konstruksje genôch stevigens te jaan waarden trije metoaden tapast: earst waarden der tusken alle staven in pear krúslings pleatste staven setten, twad waarden der houten bôgen tusken de peallen pleatst en as lêste waard der in lege rûngong om de tsjerke makke dy't wichtich is foar de konstruksje. As ferbiningsmetoaden waarden brûkt: swellesturtferbining, houten pinnen en klam ferbiningen. In staaftsjerke waard nea mei spikers, neils of lym boud sadat de konstruksje fleksibel bleau en it hout wurkje koe (útsette en krimpe).

De ienfâldichste steaftsjerken binne lytse, rjochthoekige gebouwen en besteane út in skip en in lyts koar. It dak rêst op de muorren.

Gruttere steaftsjerken kinne in lange mêst yn 'e midden hawwe, dy't de toerspits draacht en dy't de muorren foar in part ûntlêst.

De meast komplekse steaftsjerken hawwe in hege romte yn 'e midden, dy 't droegen wurdt troch frijsteande mêsten; dy sintrale romte is omjûn troch legere sydboeken dy 't de konstruksje ferstevigje.

Noch oanwêzige steaftsjerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Steaftsjerke (Súd-Noarwegen)
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
Steaftsjerke
steaftsjerken yn Noarwegen
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Garmo Om en de by 1200
Steaftsjerke fan Hedalen 1327
Steaftsjerke fan Hegge 13e iuw
Steaftsjerke fan Høre 1327
Steaftsjerke fan Lom 1160
Steaftsjerke fan Lomen 1179
Steaftsjerke fan Øye 1358 meardere kearen werboud
Steaftsjerke fan Reinli 1237 1x werboud
Steaftsjerke fan Ringebu 1220
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Grip 1450
Steaftsjerke fan Kvernes 1432
Steaftsjerke fan Rødven 1200
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Holtålen 1200 Ferhúze nei in iepenloftmuseum
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Eidsborg om en de by 1250
Steaftsjerke fan Heddal 13e iuw Grutste Steaftsjerke fan Noarwegen
Steaftsjerke fan Høyjord 1100
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Borgund 1182
Steaftsjerke fan Fantoft 1150 2x werboud
Steaftsjerke fan Hopperstad 1140
Steaftsjerke fan Kaupanger 1183 1x werboud
Steaftsjerke fan Røldal 1250
Steaftsjerke fan Undredal 1147 Tsjerke is wyt ferve
Steaftsjerke fan Urnes 1130 De âldste steaftsjerke fan Noarwegen
Tsjerke Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Flesberg 1735
Steaftsjerke fan Gol 1157 Ferhúze nei in iepenloftmuseum
Steaftsjerke fan Nore 1167
Steaftsjerke fan Rollag 1425
Steaftsjerke fan Torpo 1200
Steaftsjerke fan Uvdal 1200

Bûten Noarwegen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tsjerke Lân Boujier Opm.
Steaftsjerke fan Hedared Sweden 1500
Steaftsjerke fan Ruhnu Estlân 1644
Steaftsjerke fan Vang Poalen 1200 Oarspronklik boud yn Vang, mar yn 1842 ferhúze nei Karpacz Poalen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: