Spjochteftigen
spjochteftigen | ||
![]() | ||
In readkrúnspjocht (Melanerpes rubicapillus). | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | spjochteftigen (Piciformes) | |
Meyer & Wolf, 1810 | ||
De spjochteftigen (wittenskiplike namme: Piciformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Mammalia). Dit skift omfiemet mear as 450 soarten fan foar it meastepart arboreäle (beambewenjende) fûgels, ferdield oer likernôch santich skaaien en njoggen famyljes. De bekendsten fan dy famyljes binne de spjochten (Picidae) en de toekans (Ramphastidae). De spjochten beslane, kwa tal soarten, rûchwei de helte fan it hiele skift.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De spjochteftigen waarden foar it earst wittenskiplik beskreaun yn 1810, troch de Dútske ornitologen Bernhard Meyer en Johann Wolf.
De famyljes fan 'e burdkoekoeken (Bucconidae) en de nau dêrmei besibbe glânsfûgels (Galbulidae) waarden fan âlds ta de rôldereftigen (Coraciiformes) rekkene en wurde ek wol apart behannele as in selsstannich skift mei de namme glânsfûgeleftigen (Galbuliformes). Yn 'e ienentweintichste iuw hat genetysk ûndersyk lykwols útwiisd dat de burdkoekoeken en glânsfûgels (Galbuli) better teplak binne as in ûnderskift fan 'e spjochteftigen. Alle sân oare famyljes foarmje dan mei-inoar in oar ûnderskift, mei de namme echte spjochteftigen (Pici).
Guon ornitologen ornearje dat it hiele skift fan 'e spjochteftigen eins as ûnderskift by de rôldereftigen (Coraciiformes) yn pleatst wurde moatte soe. De mearderheid fan 'e saakkundigen is it dêr op dit stuit (2025) net mei iens.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spjochteftigen fariëarje yn grutte fan 'e Maleiske dwerchspjocht (Sasia abnormis), mei in lichemslingte fan 8 sm en in gewicht fan 7 g, oant de reuzetoekan (Ramphastos toco), dy't 63 sm lang is en 680 g weaget. Krekt as de ûle-eftigen (Strigiformes) en de pappegaai-eftigen (Psittaciformes) hawwe dizze fûgels sygodaktyle poaten: mei twa teannen dy't foarút wize en twa dy't efterút wize. De útsûnderings op dy regel binne de trije soarten trijeteanspjochten (Picoides). Spjochteftigen hawwe faak in fel kleure fearrekleed. Utsein de glânsfûgels (Galbulidae) hawwe se nea dûns, ek as piken net, allinnich mar echte fearren.
Libbenswize
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle spjochteftigen nêstelje yn beamholten. De piken binne nêstbliuwers, dy't de earste wiken oant moannen folslein ôfhinklik binne fan 'e âlden foar fersoarging. Spjochteftigen binne oer it algemien ynsektivoaren, hoewol't de Amerikaanske burdfûgels (Capitonidae) en de toekans (Ramphastidae) benammen fruchten frette. De huningspeurders (Indicatoridae) binne unyk mank alle fûgels yn 'e sin dat se it fermogen hawwe om bijewaaks te fertarren (hoewol't se foar it meastepart ynsekten frette).
Skiftopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|