Springe nei ynhâld

Sint Maartensvlotbrug

Ut Wikipedy
Sint Maartensvlotbrug
Bestjoer
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal 705 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 47' N, 4° 42' E
Kaart
Sint Maartensvlotbrug (Noard-Hollân)
Sint Maartensvlotbrug

Sint Maartensvlotbrug is in doarp yn 'e Noard-Hollânske gemeente Skagen. De namme fan it doarp wurdt ek skreaun as St. Maartensvlotbrug. It doarp hat 705 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Nei de oanlis fan in flotbrêge oer it Noard-Hollânsk Kanaal ûnstie der in wenkearn, dat yn 'e 20e iuw útgroeide ta in lyts doarpke.

It doarpke leit tichteby Sint Maartenszee en op 'e grins dêrfan leit it natoergebiet 'Wildrijk'. Dat is bekend fanwegen de tûzenen wylde hyasinten dy't dêr yn 'e maitiid bloeie en fanwegen it Duinrellenproject, dat yn it gebiet foar skjin wetter út de dunen soarget. Op 'e grins mei Sint Maartenszee leit ek in oantal campings en bungalowparken.

Tichteby it doarp stiet ien fan 'e poldermûnen fan 'e Zijpe- en Hazepolder, de Noarder M.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sint Maartensvlotbrug fan Wikimedia Commons.
Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSkagerbrêgeSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
· · Berjocht bewurkje