Springe nei ynhâld

Dirkshorn

Ut Wikipedy
Dirkshorn
Riedshûs en tsjerke fan Dirkshorn
Riedshûs en tsjerke fan Dirkshorn
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Noard-Hollân
Gemeente Skagen
Sifers
Ynwennertal 1.695 (1 jannewaris 2023) [1]
Oar
Ferkearsieren N245
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52° 45' N, 4° 47' E
Offisjele webside
http://www.dirkshornbruist.nl/
Kaart
Dirkshorn (Noard-Hollân)
Dirkshorn
Kaart
Riedshûs en tsjerke fan Dirkshorn
Himrik fan Dirkshorn yn de eardere gemeente Harenkarspel

Dirkshorn is in doarp yn de gemeente Skagen yn de Nederlânske provinsje Noard-Hollân yn de krite West-Fryslân. Under it doarp falle de buorskippen Bliekenbos, De Banne, Schagerwaard en Woudmeer. It doarp wurket op mêd fan ferienings en foarsjennings in soad gear mei de tichteby lizzende lytsere doarpen Groenveld en Stroet.

Dirkshorn hat 1.695 ynwenners (1 jannewaris 2023).

Dirkshorn ûntstie as in lytse wenmienskip. It doarp wie part fan in gebiet dat letter de nammen Harenkarspel krige. De plaknamme betsjut "útstekkende hoeke (horn, ferlykje it Fryske herne) fan in Dirk (Durk/Dierick). Dy Dirk soe mooglik greve Durk I (939-988) wêze kinne. Dy greve krige ferskate lânguod dy't yn it besit fan de Westfryske greve Gerulf, tegearre mei de tsjerke fan Egmond, yn besit wiene. Aldere staverings fan de namme binne Dirxhoin (1325) Dierickshorn (1573), Dirckshorn (1620), Dircks hoorn (1665). It plakje woeks út ta in wier doarp nei't Harenkarspel in hearlikheid waard, dêr't Dirkshorn part fan wie. Dêr stiene ek fjouwer stinzen mei stiennen ûndermuorren. Tusken Kerkbuurt en Dirkshorn stiet hjoed-de-dei noch in pleats dy't sa neamd wurdt (1675 bij den Oosterdijck genaamt "Debbel acker" groot 12 sneesen belent de Oosterdijck ten oosten, “de Stintser weijd” ten zuyden ende Pieter Claasz. Soutman ten noorden).

Om Dirkshorn hinne wiene eartiids in soad lytse marren. De measte fan dy marren waarden letter drûchlein. Sa waard de Skagerwaard yn 1621 drûchlein, De Voorpolder en Koetenmeer yn 1631 en Woudmeer yn 1635. De earste grifformearde tsjerke stie oan 'e eastein fan it doarp op it plak dêr't hjoed-de-dei it âlde riedhûs fan 1870 stiet. De tsjerke wie fan 1659, mei in klok fan 1608, mar baarnde yn 1868 ôf. De twadde tsjerke, hjoed-de-dei benefter it âlde riedhûs is fan 1868. It oargel komt ek fan dy tiid. In preekstoel út 1660 komt noch út 'e earste tsjerke. De tekstbuorden út 1663 binne fan skoalmaster en fynskilder Gerrit Sydwindt fan Warmenhuizen. De predikant wenne earst yn Kerkbuurt, mar letter yn Dirkshorn. De Nij Ofskate Herfoarme tsjerke oan 'e westein fan it doarp komt fan 1920. De katoliken fan Dirkshorn rûnen oer in fuotpaad (Postepad (postpaad) troch lânguod nei Kerkbuurt, dêr't harren tsjerke stie. Op de grins tuske Dirkshorn en Stroet stie in poldermûne. Ek binne der noch in tal âlde pleatsen. Op it bedriuweterrein fan Dirkshorn binne in ambachtlike kofjestokerij en in galery fêstige.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Grifformearde Tsjerke fan 1919 oan de Raadhuisstraat 20.
  • De Herfoarme tsjerke (PKN) oan deRaadhuisstraat 5 fan 1868 is bekroane mei houten tuorke nei in ûntwerp yn eklektyske styl fan arsjitekt B. Sleister. De tsjerke waard boud fan bakstien en de eklektyske sierwurk yn de foargevel waarden fan sânstien makke. De tsjerke ferfong in âldere tsjerke fan 1660 dy't op it plak fan it riedhûs dy't yn 1868 boud waard, stie.
  • It eardere riedhûs fan de gemeente Harenkarspel oan de Raadhuisstraat 1 waard yn 1870 yn neoklassistyske styl. It gebou stiet oan 'e súdkant fan de Raadhuisstraat; de westkant stiet oan it foarplein fan de Herfoarme tsjerke. It riedhûs waard boud op it plak fan de yn 1868 ôfbrutsen eardere herfoarme tsjerke. De kelder fan it reidhûs wie ynearsten in sekretariswente. By in ferbouwing yn 1911 waard it dak fan it riedhûs alhiel ferfongen. De kape, de dakbedeekking fan sink, it fronton en klokketuorke ferdwûnen en waarden ferfongen troch in skylddak mei dakkapel oan de noardkant.
  • eastlike ûndermûne yn 'e buorskip Schagerwaard fan 1630. De mûne waard yn 1923 foar in part ôfbrutsen. De romp fan 'e mûne waard omfoarme ta wenhûs.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Dirkshorn fan Wikimedia Commons.
Gemeente Skagen
Stêd:
Skagen
Doarpen:
BurgerbrugCallantsoogDirkshornEenigenburgGroenveldKrabbendamOudesluisPetten't RijpjeSkagerbrêgeSchoorldam (foar in part) • Sint MaartenSint MaartensbrugSint MaartensvlotbrugSint MaartenszeeStroetTjallewalTuitjenhornValkkoogWaarlandWarmenhuizen't Zand
· · Berjocht bewurkje