Springe nei ynhâld

Sheriff

Ut Wikipedy
De nije sheriff fan Oxford hâldt in taspraak yn 2008.

In sheriff is yn Ingelsktalige lannen in oerheidsfunksjonaris dy't belêstge is mei beskate wetlike, politike en/of seremoniële taken. Hoewol't men yn 'e regel by it hearren fan it wurd daliks oan it Wylde Westen tinkt, is it begryp sheriff net inkeld ta dy histoaryske perioade beheind, noch ta de funksje (min ofte mear gelyk oan dy fan in fjildwachter) dy't de sheriffs dêr hiene.

Oarsprong fan 'e term

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoewol't soms tocht wurdt dat sheriff in ferbastering is fan 'e Arabyske titel sjarif, dy't yn 'e tiid fan 'e Krústochten ta it Westen trochkrongen wêze soe, is dat sa net. Yn it echt is sheriff in gearlûking fan shire reeve, in Ingelske term dy't oerset wurde kinne soe as "distriktsskout", en dy't weromgiet op it Aldingelske scīrgerefa. Sokke funksjonarissen wiene yn it Midsiuwske Ingelân, sawol foar as nei de Normandyske Ferovering fan 1066, fan keningswegen belêstge mei it bewarjen fan 'e frede (reeve) yn 'e histoaryske greefskippen (shires) fan it lân. Ut Ingelân wei wreide de titel him letter út oer de rest fan 'e Ingelsktalige wrâld. Yn it Ingelsk wurdt it amt fan in sheriff of it gebiet dat binnen syn jurisdiksje leit in shrievalty neamd.

Hjoeddeiske sheriffs

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Yn Austraalje waard it amt fan sheriff ynsteld yn 1824. Foarhinne lei dizze funksjonaris rjochterlike beslissings op, fierde er lykskôgings út, hied er it tafersjoch oer it pleatslike tichthûs en bewurkmastere er eksekúsjes troch in anonime boal. Hjoed de dei binne sheriffs yn Austraalje ferantwurdlik foar it oplizzen en útfieren fan rjochterlike fûnissen, ynklusyf it ynjen fan boetes, it beslach lizzen op replik guod yn gefal fan ûnbetelle skulden, it ferrjochtsjen fan hûsútsettings en it beävensearjen fan it sjuerysysteem.
It amt fan sheriff fan Manilla waard yn 1901 ynsteld, doe't de Filipinen nei de Spaansk-Amerikaanske Oarloch krekt ûnder Amerikaansk bestjoer kommen wiene. Dizze sheriff twingt it neikommen fan rjochterlike útspraken ôf, lykas arrestaasje-, frijlittings- en útsettingsbefellen en dagings, en fungearret ek as parketplysje.
Yn Ingelân en Wales hat it (ûnbetelle) amt fan high sheriff troch in stadige evolúsje in frijwol folslein seremoniële funksje krigen. It wurdt útoefene troch in lid fan 'e pleatslike gemeenteried dy't dêrta fan hegerhân beneamd wurdt. It doel is om derfoar te soargjen dat fûnissen fan 'e Britske Hege Ried neilibbe wurde. Yn april 2004 waard de titel offisjeel feroare ta High Court enforcement officer, mar yn it deistich spraakgebrûk stiet er noch altyd bekend as sheriff.
Neffens in oarkunde út 1337 is de sheriff fan Cornwall ien en deselde persoan as de hartoch fan Cornwall (in titel dy't tsjintwurdich droegen wurdt troch de Britske troanopfolger, dy't ek de prins fan Wales is).
Yn 'e stêd Londen wurde elts jier twa sheriffs beneamd, wêrfan't ien in gemeenteriedslid is en de oare net. Harren taken binne om 'e boargemaster te helpen by it útoefenjen fan dy syn plichten, om oanwêzich te wêzen by sittings fan 'e stedsrjochtsbank, de Old Bailey, en om sa nedich petysjes fan 'e stêd oer te langjen oan it Britske parlemint.
Wyatt Earp, ien fan 'e bekendste sheriffs út 'e skiednis fan it Wylde Westen.
Noard-Ierlân hat acht high sheriffs, ien foar eltse county en de beide grutste stêden (Belfast en Londonderry of Derry). Harren funksje is frijwol hielendal seremonieel, en omfiemet û.m. it beëdigjen fan 'e boargemasters fan 'e beide stêden.
Yn Skotlân is it amt fan sheriffs it ekwifalint fan wat yn Nederlân de kantonrjochters binne.
Yn Ierlân besteane twa soarten sheriffs (Iersk: sirriam). De stêd en county Dublin en de stêd en county Cork hawwe elts in sheriff dy't dêr in soarte fan gerjochtsdoarwarder is, wylst der ek amtners fan 'e belestingtsjinst binne dy't har sheriff neame meie.
Yn Yndia hawwe inkeld de stêden Bombay, Kalkutta en Madras, de trije eardere presidintskippen út 'e Britske koloniale tiid, in sheriff. Dy funksje is nei dy fan boargemaster de heechste yn it stedsbestjoer, en de sheriffs sitte ferskate eveneminten en konferinsjes foar en ferwolkomje bûtenlânske gasten fan kwizekwânsje yn 'e stêd.
Yn Kanada hawwe sheriffs oer it algemien op provinsjaal en ûnderprovinsjaal nivo de funksje fan parketplysje, en binne se benammentlik belêstge mei de befeiliging fan gerjochtsgebouwen, it oerbringen fan arrestanten nei de rjochtseal en oare soksoarte saken.
Yn 'e Feriene Steaten is in sheriff meastal (mar net altyd) de heechste plysjefunksjonaris yn in county of parish. Yn 'e measte gefallen wurde sokken by ferkiezings keazen troch de befolking fan 'e oangeande county of parish. Inkeld countys (dy't yn guon steaten parishes neamd wurde) hawwe in sheriff; yn stêden komt dy funksje net foar, mei as iennichste útsûndering de stêd New York. Yn guon gefallen wurdt de sheriff ynstee in marshal neamd, mar dy hat dan persiis deselde funksje. Yn beskate steaten is de sheriff trouwens offisjeel in high sheriff, mar dy folsleine titel wurdt yn 'e Feriene Steaten bûten wetlike dokuminten nea brûkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.