Springe nei ynhâld

Polatsk

Ut Wikipedy
Polatsk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Wyt-Ruslân
Sifers
Ynwennertal 79.896 (2022)
Oerflak 40,77 km²
Befolkingsticht. 1.960 ynw./km²
Hichte 111-126 m
Oar
Stifting 862 (earste fermelding)
Postkoade 211291, 211400 - 211402
211404 - 211415, 211422
Tiidsône UTC +3 (MSK)
Koördinaten 55° 29' N 28° 48' E
Offisjele webside
polotsk.vitebsk-region.gov.by
Kaart
Polatsk (Wyt-Ruslân)
Polatsk

Polatsk resp. Polotsk (Wyt-Russysk: Полацк/Polatsk of Полацак/Polatsak, Russysk: Полоцк/Polotsk) is de âldste stêd fan Wyt-Ruslân. De stêd leit yn it noarden fan it lân oan de Dvina yn de oblast Vitebsk en it is de haadstêd fan it rajon mei deselde namme. Yn de iere midsiuwen wie it plak it sintrum fan it foarstedom Polatsk, ien fan de út de Kiëvske Rûs ûntstiene trije foarstedommen, dy't de basis leine fan it hjoeddeiske Ruslân. Westlik fan Polatsk leit Navapolatsk.

De âlde Eastslavyske namme Polotesk is ôflaat fan de Palota-rivier, dy't by it plak útmûnet yn de Westslike Dvina. Sûnt om en de by it jier 800 kolonisearren de Eastslavyske Polotsjanen it gebiet. Argeologyske opgravings wiisden út dat de delsetting al yn 780 bewenne wie. De Wytsings ferbasteren de nammen fan de stêd ta Palteskja of Paltejsborg. Polatsk heart by de âldste stêden fan de âlde Rûs. Al yn it jier 862 waard de stêd tegearre mei Moerom en Beloozero neamd. De Noardske sagen beskriuwe Polatsk as de bêst fersterke stêd fan de hiele Rûs.

Model fan de oarspronklike Sofiakatedraal

De nammen fan de earste prinsen fan it foarstedom Polatsk binne net bewarre bleaun. De earste dy't yn de kroniken neamd wurdt is Rogvolod (920-978). Under syn bewâld makke it foarstedom syn grutste bloeitiid mei. Tsjin it twadde fearn fan de 11e iuw wie Polotsk ien fan de belangrykste ekonomyske sintra fan de kontrijen. Under Vseslav fan Polotsk waard tusken 1030 en 1060 de noch besteande Sofiakatedraal boud, ien fan de earste tsjerken fan Wyt-Ruslân.

Polatsk wie ien fan de dielnimmers fan it yn 'e simmer fan 1129 op Gotlân sletten Smolensker Ferdrach, in ynternasjonaal fredes- en frijhannelsferdrach. Yn 1132 ûstie der opskuor yn Polatsk, dat late ta in wikseling fan de macht en de ôfskieding fan it foarstedom fan de Kiëvske Rûs. De troan fan Polotsk waard sûnt healwei de 13e iuw faak beset troch Litouwers, mar it foarstedom bleau selsstannich.

Nei 1307 waard Polatsk as in belangryk hannelssintrum ûnderdiel fan it Gruthartochdom Litouwen. Yn it jier 1498 waard de stêd it Maagdeburchsk Rjocht ferliend. Fan 1504 oant 1772 wie Polatsk it sintrum fan it woiwodskip Polatsk fan it Gruthartochdom Litouwen (sûnt 1569 it woiwodskip fan it Poalsk-Litouske Mienebest). Under gruthartoch Aleksander waard yn 1498 in bernadynsk kleaster stifte, dêr't allinne noch ruïnes fan bewarre bleaun binne. It katolike kleaster waard yn 1832 sletten en de kleastertsjerke waard oerdroegen oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke.

Neffens dokuminten hearde Polatsk yn dy tiid mei likernôch 100.000 ynwenners ta de grutste stêden fan Europa. Mar yn de rin fan de tiid soe it ynwennertal troch oarloggen, de pest, hongersneed en brannen bot sakje. Yn 1518 besochten de Russen Polatsk yn te nimmen, mar hja waard ferslein troch it leger fan Polatsk ûnder lieding fan Albertas Goštautas. Nei de oermastering fan de stêd yn 1558 yn de Liiflânske Kriich plonderen troepen fan Ivan de Grousume Polatsk. Dêrnei soe de stêd syn eardere rykdom en gloarje nea werom krije.

De yn 1964 opblaasde Jezuïtentsjerke

Yn opdracht fan Stefanus Báthory krige de stêd yn 1558 in Jezuïtenkollegium, wêrfan't de Stefanuskatedraal (nei 1820 de otterdokse Nikolaaskatedraal) yn 1964 yn de lêste anty-religieuze weach yn de Sovjet-Uny opblaasd waard.

Feroaringen fan de skyline fan Polatsk 1812, 1912, 2006

Yn it ramt fan de earste dieling fan it Poalsk-Litouske Mienebest waard de stêd rjochts fan de Dvina op 25 july 1772 by it Russyske Ryk yndield, de lofter kant fan de Dvina folge by de twadde dieling fan it mienebest yn 1793. Polatsk wie fan 1772 oant 1796 ûnderdiel fan it gûvernemint Pskov. Foar de stêd betsjutte dy tiid in ekonomyske en kulturele opgong; nije gebouwen waarden boud en Polatsk bloeide wer as hannelssintrum.

Slach om Polatsk
Peter von Hess (1812)

Yn de omkriten fan Polatsk fûnen yn 1812 twa grutte fjildslaggen plak tusken Russyske en Frânske legers. Alhoewol't de Russen de ynkringers net opkeare koene, wisten de Russen it mei Napoleon ferbûne Beierske kontingint grutte ferliezen ta te bringen. By de striid foelen de Beierske generaal Erasmus von Deroy en Justus von Siebein. Tusken 18 en 20 oktober 1812 waard der op 'e nij slim fochten by de stêd. De Russen wonnen no de slach en wiene dêrnei yn steat de befoarrieding fan de Grande Armée ôf te snijen.

Yn de Earste Wrâldkriich waard Polatsk yn 'e maaitiid fan 1918 oant novimber 1918 troch Dútske troepen beset. Yn de Poalsk-Russyske Oarloch hie Poalen it fan septimber 1919 oant maaie 1920 foar it sizzen yn 'e stêd. Sûnt 1924 wie de stêd Polatsk ûnderdiel fan de Wyt-Russyske Sosjalistyske Sovjetrepublyk.

Dútske troepen stekke de Dvina oer (1941-1944)

Op 16 july 1941 waard de stêd troch troepen fan de Wehrmacht oermastere. Mar 551 joaden soene de trije jier duorjende besetting troch de Dútsers oerlibje. By de befrijing troch it Reade Leger yn 'e simmer fan 1944 waard de stêd foar mear as 90% ferneatige. De minsken dy't de oarloch oerlibbe hiene, bouden de stêd nei de oarloch wer op.

Polatsk hie oant yn it begjin fan de 20e iuw in grut ferskaat oan etnisiteiten. Der wennen joaden, katoliken, otterdoksen, lutheranen en de stêd hie ferskillende kleasters en tsjerken. De religieuze ferdieling fan de befolking fan Polatsk bestie yn 1891 foar 53,1% út joaden, 34,4% út otterdokse kristenen, 7,6% út katoliken en fierder wiene lytsere minderheden lykas lutheranen en âldleauwigen. By de folkstelling fan 1897 wennen der 20.751 minsken mei in etsnyske ferdieling fan 12.481 joaden, 3.523 Russen, 3.122 Wyt-Russen, 913 Poalen. Flak foar it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich foarmen Wyt-Russen mei 57,6% de mearderheid, joaden fertsjintwurdigen 21,9% fan de befolking, Russen 16,5%, Oekraïners 2,1% en Poalen 0,7%. Yn 2009 wiene de sifers: Wyt-Russen: 80,03%. Russen 14,75%; Oekraïners 1,86%, Poalen 0,43% en Joaden 0,29%.

Joadkse mienskip

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Ferneatige synagoge yn 1941

Tsjin it ein fan de 15e iuw setten joaden harren nei wenjen yn Polatsk. Doe't Ivan de Grousume de stêd yn 1563 oermastere joech dy opdracht om alle joaden dy't wegeren harren te bekearen ta de Otterdokse Tsjerke te fersûpen yn de Dvina. De joaden wisten neitiid wer in mienskip op te bouwen, mar nei't de stêd Maagedeburchsk Rjocht krige, mochten hja net mear yn 'e stêd wenje en waard it harren ferbean beskate beroppen út te fieren. Kozakken makken yn 1654 in ein oan de mienskip, mar al gau dêrnei bloeide der wer in joadske mienskip op. Tjin it ein fan de 19e iuw foarmen joaden sels mei 61% fan de befolking in de mearderheid fan de befolking. Nei de revolúsje sakke it perzintaazje joaden gaueftich. Yn 1926 wennen der noch 8.186 joaden (32% fan it totale ynwennertal) yn Polatsk en yn 1939 wienet dat noch 6.464 (22%). Mei de Dútske besetting op 16 july 1941 waard der yn augustus fan itselde jier in getto ynsteld, mar in moanne letter moasten de joaden ferhûzje nei in kamp by Lozovka. Meïnoar sa 8.000 ynwenners fan Polatsk sieten dêr mei joaden út oanbuorjende doarpen opsletten. In soad ferstoaren dêr al fan honger, kjeld en sykte mar in pear moanne letter waard it kamp romme en de befolking deasketten.[1][2]

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1811 1891 1923 1939 1959 1970 1989 2006 2021
Ynwenners 6.320 20.321 18.194 29.577 44.978 64.182 76.837 81.020 80.795

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Polotsk telt alve musea dy't falle ûnder it Nasjonaal kultureel-histoaryske Museum fan Polotsk (webstee).

Belangrike monuminten:

Sint-Eufrosinekatedraal
  • De Sint-Sofiakatedraal waard yn 1044-1066 boud en nei de ferneatiging yn 1710 yn barokke styl restaurearre.
  • It otterdokse Kleaster fan de Ferlosser en Sint-Eufrosine waard yn 1128 stifte.
  • It otterdokse Epifanykleaster waard yn 1582 stifte oan de rjochter kant fan de Westlike Dvina.
  • Fan it Jezuïetenkolleezje binne de de 18e iuwske gebouwen bewarre bleaun. De Stefanustsjerke, dy't letter tawiisd waard oan de Russysk-Otterdokse Tsjerke en doe Nikolaaskatedraal neamd waard, waard yn 1964 opblaasd.
  • It 17e iuwske 'Hûs fan Peter I' tsjinne yn 1705 yn de Noardske Kriichas ferbliuw fan Peter de Grutte.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru: Полоцк