Keltyske talen
Keltyske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | Britske Eilannen en Bretanje | |
tal talen | 6 | |
tal sprekkers | 820.000 (2011) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Keltysk | |
subgroepen | ● Eilânkeltysk ● Brytoanysk ● Gaelysk ● Lânkeltysk † | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | cel |
De Keltyske talen foarmje in taalfamylje, besteande út 6 libbene en in stikmannich útstoarne talen, dy't allegear fuortkomme út ien en deselde oertaal, it Proto-Keltysk. Se meitsje ûnderdiel út fan 'e gruttere Yndo-Jeropeeske taalfamylje, en wurde sprutsen op 'e Britske Eilannen en op it Frânske skiereilân Bretanje. Yn 'e moderne tiid hawwe ferkaten fan dizze talen har troch emigraasje oant bûten Jeropa ferspraat (te witten: nei Kanada en Argentynje). De libbene Keltyske talen falle útinoar yn 'e Brytoanyske en de Gaelyske taalgroepen. Mei-inoar hawwe alle seis Keltyske talen mar 820.000 memmetaalsprekkers. De grutsten fan 'e seis talen binne it Welsk, it Bretonsk en it Iersk.
Taalbesibskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Keltyske talen hearre ta de grutte Yndo-Jeropeeske supertaalfamylje, dy't û.m. ek de Germaanske, Romaanske, Slavyske en Yndo-Iraanske talen omfettet. Guon taalkundigen binne fan tinken dat de Keltyske talen binnen it gruttere Yndo-Jeropeeske ferbân op deselde oertaal weromgeane as de Italyske talen (wêrfan't de wichtichste taal it Latyn wie). Dêrom wurde de Keltyske talen ek wol mei de Italyske en de dêrút fuortkommen Romaanske talen ûnder ien namme beflapt: de Italo-Keltyske talen. Hoewol't dit in kontroversjele teory is dy't troch saakkundigen beslist net algemien akseptearre wurdt, binne der wol sterke oanwizings foar. Tsjinstanners fan 'e teory beweare lykwols dat it hjir giet om ûntliening oer en wer, in ferskynsel dat feroarsake wêze soe troch yngeand taalkontakt tusken de sprekkers fan 'e iere Keltyske en Italyske talen.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle Keltyske talen geane werom op ien en deselde oertaal, it Proto-Keltysk. Taalwittenskippers binne it net iens oer wannear't dy oertaal útinoar fallen is yn ûnderskate taalgroepen. Ien resinte stúdzje[1] hâldt út dat dit útinoarfallen fan it Proto-Keltysk foar 't neist om 900 f.Kr. hinne plakfûn hat, mar yn elts gefal tusken 1.200 en 800 f.Kr. Hjirby is lykwols inkeld yngien op 'e beide noch libbene taalkloften fan it Keltysk, de Brytoanyske en de Gaelyske talen. In oare, tige kontroversjele stúdzje[2] behelle ek de útstoarne Gallyske talen by it ûndersyk, en kaam doe út op in folle earder stuit, te witten tusken 3.200 en 1.500 f.Kr.
Yn elts gefal wie it areaal fan 'e Keltyske talen yn it earste milennium f.Kr. folle grutter as it lytse hoekje fan Noardwest-Jeropa, dêr't se no ta beheind binne. Yn dy tiid waarden Keltyske talen sprutsen op it Ibearysk Skiereilân, yn Galje (it tsjintwurdige Frankryk) en yn 'e dellings fan 'e Ryn en de Donau oant yn it hjoeddeiske Hongarije en op 'e noardlike Balkan. De Keltyske folksgroep fan 'e Galaten krong sels troch yn Lyts-Aazje, dêr't hja har nei wenjen setten yn 'e omkriten fan it moderne Ankara, in gebiet dat nei harren Galaasje kaam te hjitten.
Al dy gebieten waarden neitiid lykwols ferovere troch de Romeinen, en ûnder harren bewâld waarden de Keltyske talen op it Jeropeeske fêstelân stadichoan ferfongen troch it Latyn (of yn it gefal fan it Galatysk, troch it Gryksk). Tsjin it begjin fan 'e Midsiuwen wiene sadwaande alle Keltyske talen útstoarn, behalven dy op 'e Britske Eilannen. It Bretonsk, dat op it Frânske skiereilân Bretanje sprutsen wurdt, is dêr yn 'e Iere Midsiuwen hinne brocht troch lânferhuzers dy't fan 'e Britske Eilannen kamen.
Yn 'e moderne tiid namen oare lânferhuzers harren Keltyske talen mei oant bûten Jeropa, en dat is der de oarsaak fan dat op it Kanadeeske Kaap Bretoneilân noch Skotsk-Gaelysk sprutsen wurdt en yn 'e Argentynske provinsje Chubut noch Welsk. Op Nijfûnlân wiene beskate kriten lange tiid Iersktalich, mar it Nijfûnlânsk-Ierske dialekt is sûnt útstoarn.
Talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Mei-inoar wiene der yn 2011 820.000 memmetaalsprekkers fan Keltyske talen, mei dêropta noch sa'n 2.710.000 twadde-taalsprekkers. De moderne Keltyske talen binne:
- it Welsk, fan âlds sprutsen yn Wales. It Welsk wie yn 2011 (neffens gegevens fan de Britske folkstelling fan dat jier) yn Wales de memmetaal fan likernôch 320.000 minsken. Oare memmetaalsprekkers wennen yn Ingelân (100.000); de Argentynske provinsje Chubut (5.000); de Feriene Steaten (2.500); Kanada (2.300); Ierlân (2.000); Nij-Seelân (1.100); Austraalje (600); en Skotlân en Noard-Ierlân (mei-inoar 1.000). Fierders wiene der yn Wales noch 673.000 lju dy't it Welsk as twadde taal sprutsen, mei dêropta yn Ingelân 30.000 fan sokken, en yn Chubut 25.000. Dêrmei komt it tal memmetaalsprekkers foar it Welsk op 435.000, it tal twadde-taalsprekkers op 728.000 en it totaal oantal sprekkers op 1.163.000.
- it Bretonsk, fan âlds sprutsen yn it Frânske Bretanje. Neffens gegevens fan it Ofis Publik ar Brezhoneg, dat dêrsanne de regulearjende ynstânsje is oangeande saken dy't mei de taal te krijen hawwe (ferlykber mei de Fryske Akademy op it mêd fan it Frysk), binne der yn Bretanje sels 210.000 minsken dy't it Bretonsk as memmetaal hawwe, mei dêropta yn Parys nochris 16.000, wat it tal memmetaalsprekkers op 226.000 bringt. Dêrnjonken binne der yn Bretanje ek noch 150.000 lju dy't it Bretonsk as twadde taal prate, sadat it totale sprekkerstal op 376.000 útkomt.
- it Iersk, de oarspronklike taal fan it hiele eilân Ierlân, wurdt yn 'e Ierske Republyk noch mar troch 94.000 minsken as memmetaal sprutsen, en yn Noard-Ierlân troch 4.200 lju, sadat it tal memmetaalsprekkers fêststeld wurde kin op 98.000 minsken. Trochdat it Iersk yn Ierlân in ferplichte skoalfak is, binne der yn 'e Ierske Republyk lykwols 1.680.000 minsken dy't it Iersk as twadde taal sprekke. Oare twadde-taalsprekkers wenje yn Noard-Ierlân (91.000) en yn 'e Feriene Steaten (22.000), wêrmei't it tal twadde-taalsprekkers útkomt op 1.795.000 minsken en it totaal oantal sprekkers op 1.891.000 minsken.
- it Skotsk-Gaelysk, dat fan âlds yn noardwestlik Skotlân sputsen wurdt. Dizze taal hat yn Skotlân noch likernôch 57.400 memmetaalsprekkers, mei dêropta noch sa'n 350 yn Kanada (wêrfan 300 op Kaap Bretoneilân en oanbuorjende dielen fan 'e provinsje Nij-Skotlân). Der binne fierders 30.000 twadde-taalsprekkers yn Skotlân, 2.000 yn Kanada, 1.500 yn 'e Feriene Steaten en 660 yn Austraalje; mei-inoar dus 34.000. It totale sprekkerstal fan it Skotsk-Gaelysk komt dêrmei op likernôch 92.000 minsken.
- it Kornysk is de taal fan it súdwestlike Ingelske greefskip Cornwall, dy't wierskynlik yn 1777, mar yn elts gefal oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw útstoar. Fan 'e midden fan 'e tweintichste iuw is dizze taal lykwols nij libben ynblazen, mei as gefolch dat der no wer 600 memmetaalsprekkers en 2.400 twadde-taalsprekkers binne, dus 3.000 sprekkers yn totaal.
- it Manksk is de oarspronklike taal fan it eilân Man, yn 'e Ierske See, tusken Grut-Brittanje en Ierlân yn. Dizze taal stoar yn 1974 út, mar is sûnt it begjin fan 'e njoggentiger jierren ek wer nij libben ynblazen, sadat der no wer goed 100 memmetaalsprekkers en rom 1.700 twadde-taalsprekkers binne.
- it Kumbrysk wie de nau oan it Welsk besibbe taal fan 'e Noardingelske krite Kumbria en súdwestlik Skotlân. Dizze taal stoar yn 'e tolfde iuw út.
Njonken de hjirboppe beskreaune algemien erkende Keltyske talen binne der noch in pear mingtalen dy't soms ek ta dizze taalgroep rekkene wurde:
- it Reizger-Iersk, Sjelta (Shelta) of Sjeldrû (Sheldru), de taal fan 'e Ierske Reizgers, in groep fan wenweinbewenners (dy't net betize wurde moatte mei Roma). Dizze taal komt fuort út Iersk dat fermongen is mei in oare (noch altyd net fêststelde) taal. It Sjelta hie yn 2009 likernôch 86.000 sprekkers
- it Reizger-Heechlânsk (Beurla-reagaird), de taal fan 'e Heechlânske Reizgers út Skotlân, dy't op it rântsje fan it útstjerren balansearret.
Utstoarne Keltyske talen út 'e Aldheid binne:
- it Galatysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn sintraal Lyts-Aazje, yn 'e omkriten fan it tsjintwurdige Ankara.
- it Gallysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn Galje, it moderne Frankryk.
- it Keltibearysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn in grut diel fan it noardeasten fan it Ibearysk Skiereilân.
- it Lepontysk, dat fan 'e sechsde iuw f.Kr. ôf sprutsen waard yn Reesje en Sisalpynsk Galje (it tsjintwurdige noardlik Itaalje). Dit wie de âldste oerlevere Keltyske taal.
- it Noarysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn Noarikum, it hjoeddeiske Eastenryk.
Ta einbeslút binne der noch ferskate talen út 'e Aldheid dy't mooglik ek ta de Keltyske talen heard hawwe, mar wêrfan't soks net mei wissichheid te sizzen falt om't se mar hiel fragmintarysk oerlevere binne. Hjirby giet it om:
- it Gallesysk, dat nei gedachten fan likernôch 500 f.Kr. oant de lette Klassike Aldheid sprutsen waard yn it noardwestlike fearn fan it Ibearysk Skiereilân. Dizze taal is inkeld bekend fan in pear ynskripsjes yn stien yn it Latynske alfabet.
- it Liguerysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn wat no noardwestlik Itaalje en súdeastlik Frankryk is, ynkl. dielen fan Toskane en de eilannen Elba en Korsika (net te betiizjen mei it moderne Liguerysk, dat in Romaanske taal is).
- it Lusitaansk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn wat no de grinskrite fan Spanje en Portegal is. Dizze taal is inkeld bekend út fiif ynskripsjes en in stikmannich toponimen.
- it Piktysk, dat oant yn 'e Midsiuwen yn noardlik en noardeastlik Skotlân sprutsen waard. Dizze taal waard lange tiid beskôge as de lêste Pre-Yndo-Jeropeeske taal fan 'e Britske Eilannen, mar tsjintwurdich is de mearderheid fan 'e saakkundigen fan tinken dat it wierskynlik in Keltyske taal west hawwe moat.
- it Tartessysk, dat yn 'e Aldheid sprutsen waard yn it súdwestlike part fan it Ibearysk Skiereilân, en bekend is fan 95 ynskripsjes.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De klassifikaasje fan 'e Keltyske talen is men it noch altyd net oer iens, wat benammentlik it gefolch is fan brekme oan primêre gegevens. Mei oare wurden: der binne tefolle talen dêr't te min fan oerlevere is om ta in slutende yndieling te kommen. In protte taalkundigen meitsje lykwols gebrûk fan 'e tradisjonele yndieling yn Lânkeltysk (of Kontinintaal Keltysk) en Eilânkeltysk (of Ynsulêr Keltysk). Dêrby wurdt derfan útgien dat de dúdlike ferskillen dy't hjoed de dei besteane tusken de Brytoanyske talen (Welsk, Kornysk en Bretonsk) en de Gaelyske talen (Iersk, Skotsk-Gaelysk en Manksk) pas ûntstien binne nei't de Kelten har op 'e Britske Eilannen fêstigen.
Guon saakkundigen binne lykwols fan tinken dat de Brytoanyske talen nauwer besibbe binne oan it Lânkeltyske Gallysk, en sokken hâlde in nijere yndieling oan yn P-Keltysk en Q-Keltysk. Dy nammen binne ûntliend oan in taalkundige ûntwikkeling wêrby't beskate wurden dy't yn 'e Gaelyske talen begjinne mei in k- of kw-klank (q) yn 'e Brytoanyske talen ferskood binne nei in p oan it wurdbegjin (ferlykje Iersk ceathair mei Welsk pedwar, "fjouwer"; en Iersk cúig mei Welsk pump, "fiif"). Neffens dizze teory soene de Gaelyske talen har it earst fan it Proto-Keltysk ôfskaat hawwe, en dêrút wurde dan alle yn ferhâlding mei de Brytoanyske talen argayske skaaimerken fan 'e Gaelyske talen ferklearre.
Hjirûnder de tradisjonele yndieling (l.) en de P-Keltysk/Q-Keltyske yndieling (rj.)
|
|
Taalferliking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]betsjutting | "blom" | "fiif" | "fjouwer" | "folk" | "njoggen" | "nacht" | "nulle" | "read" | "tsiis" | "wêr" |
Iersk | bláth | cúig/cóig | ceathair/ceithre | tuath | naoi | oíche | snáthad | ruadh | cáis | fíor |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Skotsk-Gaelysk | blàth | cùig/còig | ceithir | tuath | naoi | oidhche | snàthad | ruadh | càis/càise | far |
Manksk | blaa/vlaa | queig | kiare | theay | nuy | oie | snaid | ruy | caashey | raad |
Welsk | blodeuyn | pump | pedwar | tud | naw | nos | nodwydd | rhudd | caws | gwir |
Kornysk | bleujen | pymp | peswar | tus | naw | nos | naswydh | ruth | keus | guyr* |
Bretonsk | bleuñenn | pemp | pevar | tud | nao | noz | nadoz | ruz | keuz | gwir |
Gallysk | ― | pinp- | petuar- | teuto- | ― | nawen | ― | roudos | ― | uirus |
*) ferâldere |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |