Oldersum
Appearance
Oldersum | ||
Bestjoer | ||
Lân | Dútslân | |
Dielsteat | Nedersaksen | |
Lânkring | Lier | |
Gemeente | Moormerland | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.565 (2007) | |
Oerflak | 11,1 km² | |
Befolkingsticht. | 141 / km² | |
Hichte | 3 m |
Oldersum is in doarp yn de Dútske gemeente Moormerland yn East-Fryslân. It doarp leit oan de noardouwer fan de Iems, tusken Leer en Emden. It doarp is ûntstien op in wier, yn Dútslân Warft neamd. Histoarysk lei Oldersum oan de grins fan de streek Krummhörn.
Oldersum en omkriten foarmen in eigen hearlikheid dy't behearske waard troch de haadlingefamylje dy't him nei it doarp fan Oldersum neamde. Binnen de hearlikheid hie it doarp de status fan flek. De hearlikheid waard yn 1631 ferkocht oan de stêd Emden, dy't it dêrmei foar it sizzen krige.
Oldersum waard ek ferneamd om it Oldersumer Kollokwium, dat de oanset joech ta de Reformaasje yn East-Fryslân.
Oldersum is ek de namme fan in eardere wier by Ten Post yn Grinslân.
-
Heimatstube "Klottjehus" (eardere Baptistetsjerke)
-
It Seilmuseum
-
Haven fan Oldersum
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Moormerland | ||
---|---|---|
Haadplak: Warsingsfehn | ||
Doarpen: Boekzetelerfehn • Gandersum • Hatshausen • Jheringsfehn • Neermoor • Oldersum • Rorichum • Terborg • Tergast • Veenhusen | ||
· · |