Neckar
Appearance
De Neckar is in sydrivier fan de Ryn yn it súdwesten fan Dútslân. De rivier ûntspringt op in hichte fan 706 m by Villingen-Schwenningen yn it Swarte Wâld. De rivier rint dêrnei it noardeasten yn oer Stuttgart nei Heilbronn en sa fierder. Dan rint de rivier mear yn westlike rjochting, om ûnder Mannheim yn de Ryn út te kommen. It streamgebiet fan de Neckar beslacht sa'n 14.000 km².
De Neckar is Plochingen foarby te befarren. Der binne 27 sluzen yn de Neckar. Heidelberch leit ek oan de Neckar.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Neckar fan Wikimedia Commons. |