Springe nei ynhâld

Molkrider

Ut Wikipedy
Molkrider yn Britsum, om 1935

In molkrider of molkfarder is in persoan dy't de molke fan de boer nei de suvelfabryk ferfierd mei eigen reau of boat.

Eartiids wie de molkrider ek faak gernier. Syn rûte wie somtiden lang en swier, mei om't in soad binnendiken net ferhurde wiene. It ferfier fan de molke yn molkbussen barde mei hynder en wein; nei de oarloch hieltyd mear mei molkauto's of mei trekker en wein. Somtiden waard de molrider frege om minsken op 'e tiid fan 't bêd te klopjen.

Tsjintwurdich wurdt de molke yn in kuolle opslachtank op de pleats bewarre en ophelle troch in RMO (Ridende Molk Untfangst)-wein.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Melkrijder.