Springe nei ynhâld

Britsum

Ut Wikipedy
Britsum
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Ljouwert
Sifers
Ynwennertal 955 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 5,16 km², wêrfan:
- lân: 5,07 km²
- wetter 0,9 km²
Befolkingsticht. 189 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 15' N 5° 47' E
Offisjele webside
Hiemside Britsum
Kaart
Britsum (Fryslân)
Britsum

Britsum is in doarp yn 'e gemeente Ljouwert. Britsum leit noardlik fan Koarnjum en súdeastlik fan Stiens. De doarpskearn fan Britsum leit benammen oan de Greatebuorren en de Lytse Dyk.

Britsum hat 955 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

Ofgraving terp.

It doarp is stifte op in kwelderwâl, dy't eartiids de eastkant fan de Middelsee wie. Yn 'e 13e iuw krige it doarp der oan de westkant in stik nijlân by.

Yn 'e twadde helte fan 'e 20e iuw hat Britsum nijbou op de eardere Weversterp krige, sadat it tal ynwenners tanimme koe. Troch de lûdsoerlêst fan 'e Fleanbasis Ljouwert wienen Koarnjum en Jelsum minder gaadlik foar nije bewenners, dy't ynstee dêrfan foar Britsum keazen.

Sûnt 2018 leit Britsum yn de gemeente Ljouwert. Dêrfoar lei it doarp yn sawol de gritenij as de gemeente Ljouwerteradiel (noardertrimdiel).

De betsjutting fan de namme Britsum is net dúdlik. It -um tsjut op -hiem. Guon geane der fan út dat it earste part ferwiist nei de persoansnamme Britte of Britto en it soe dan 'it hiem fan Britte' betsjutte. Oaren wize op de âldere foarm Bruggiheim, dy't al foar it jier 1000 yn 'e boeken fan it kleaster Fulda foarkomt. Dat soe dan 'it hiem by de brêge' wêze. Noch in oare útlis komt út op 'it sompige lân'.

De folksferklearring is in reuzeteltsje fan twa reuzen dy't ôfhierd wienen om de Dokkumer Ie te slatten. Op in stuit waarden se wurch en se woenen doe efkes útpûste. Se gienen dêr tsjin in tsjerke oan sitten, mar dy koe harren gewicht net hâlde en foel om. Doe seinen se tsjininoar: 'Dy is britsen.'

Jornsmastate (1722).

Alear hie Britsum in protte states. Der wurdt tocht dat de âldste Tsjessingastate west hat. De namme Tiesinga komt al yn 1431 foar yn in akte. De ferneamdste is faaks Lettingastate. Fierder wienen der noch de states Jornsma, Jeltinga en Eringa of Geringa.

Der wurdt ek noch sprutsen fan Britsenburg, dy't oan 'e Middelsee stien hawwe soe.

De âlde grifformearde tsjerke.

Britsum hat twa tsjerken. De romaansk-goatyske herfoarme Jehannestsjerke datearret likernôch út 1250. By in restauraasje yn 1990 waarden yn oerskildere fresko's oantroffen. De âlde grifformearde tsjerke is fan 1867; yn 1968 waard der in nije grifformearde tsjerke boud, dy't De Hoekstien kaam te hjitten.

Britsum hie in stasjon oan it spoar fan Ljouwert nei Eanjum. It doarp wie de halte tusken Koarnjum en Stiens, mei de geografyske ferkoarting Bts. It stasjon waard iepene op 22 april 1901, doe't it spoar fan Ljouwert nei Ferwert iepene waard en waard wer sletten op 1 desimber 1940, doe't hiel it spoar opheft waard.

'Britsenburgh' is de namme fan it doarpshûs en it doarp hat in feriening fan doarpsbelang. De doarpskrante De Troffel ferskynt ienris yn 't fearnsjier. Britsum docht in soad yn 'e mande mei de doarpen Koarnjum en Jelsum. It doarp hat ferskillende buertferienings.

De Hoekstien.
De Swirrel.

Britsum hie earder twa basisskoallen, 'De Foarikker' en 'De Homeie', dy't yn 2015 fusearren ta 'De Swirrel'. Ek de bern fan Koarnjum en Jelsum geane nei De Swirrel.

Eringastate.

(De list is yn 2023 bywurke mei help fan de doarpsside. Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside fan it doarp)

Doarpshûs Britsenburgh.

Befolkingsûntwikkeling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1848 1900 1954 1959 1964 1969 1973 1999 2004 2009
Ynwenners 326 486 583 610 597 641 686 1112 1085 1020
Jier 2015 2020
Ynwenners 987 957

Aldlânsdyk, De Greiden, De Kamp, Efter de Wâl, Finne, Grutte Buorren, Lange Hage, Lieuwe Jellingastrjitte, Lytse Buorren, Lytse Dyk, Menno van Coehoornwei, Sillân, Sillânsreed, Stêdpaad, Swynserreed, Weversterp.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Ljouwert
Stêd:
Ljouwert
Doarpen en útbuorrens:
Alde LeieBaardBearsBritsumEagumEasterlittensFeinsumFriensGoutumGrouIdaerdHijumHilaardHimpensHúnsJellumJelsumJirnsumJorwertKoarnjumLekkumLeonsMantgumMiedumReduzumSnakkerbuorrenStiensSwichumTearnsWarstiensWartenWeidumWergeaWytgaardWurdum
Buorskippen:
AbbenwierAldskou (foar in part)AngwierBaarderbuorrenBartlehiem (foar in part)Buerstermûne (foar in part)DomwierFinsterbuorrenFjouwerhûsFûnsGoattumHesensDe HimHoekIt HoflânHoptilleMarwertMidsbuorrenNaarderbuorrenNoardeinPoelhuzenRewert (foar in part)SkillaerdSkrinsSuderbuorrenSuoreinIt TichelwurkDe Trije RomersTruerdTsienserbuorrenTsjaardTsjeintgumWammertWesterbuorrenWielstersylWieuwens
· · Berjocht bewurkje