Meerenstein
Meerenstein is de eardere state fan baron en festingbouwer Menno fan Coehoorn (1641-1702) yn Wikel. It stie yn de Menno fan Coehoornbosk, ek wol de "Du Toursbosk" neamd, fan ûngefear 1680 oant 1811. Yn de bosk steane in soad stinzeplanten. Fan it hûs is neat werom te finen. It omlizzende park is bewarre bleaun en hjit no de Coehoornbosksen.
Kiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1641 wurdt Menno, baron fan Coehoorn berne, as soan fan Gozewijn fan Coehoorn en Aeltje Hinckema fan Hinckenborg. Gozewijn en Aeltje wennen de Lettingastate yn Britsum. Letter ferhuze de famylje nei it Hooghuis yn Burgum. Menno fan Coehoorn studearre oan de Frjentsjerter Akademy en tsjinne yn 1673 as kapitein yn de belegering fan Maastricht troch de Frânske Kening Loadewyk XIV fan Frankryk. Hy waard bekend troch de útfining fan lytse mortieren, saneamde 'Coehoornmortieren', dy't brûkt waarden by de Slach by Grave yn 1674. Datselde jier waard hy noch befoardere ta kolonel. Troch de keizer waard hy ferheft ta Ryks Baron.
Menno fan Coehoorn liet yn 1678 de bûtenpleats Meerestein bouwe en luts him werom fanwegen tsjinstellings binnen it leger. Dêr skreau hy "De Nieuwe Vestingbouw", dat yn 1685 útjûn waard. Dat boek waard beskôge as in masterwurk op it mêd fan de festingbou en waard dan ek oersetten yn Dútsk, Ingelsk, Frânsk en Russysk.
Syn folgjende wurkjouwer wie Kening-Steedhâlder Willem III, foar wa't hy forten ûntwurp, lykas it fort fan Namen, en ferdigeningswurken oanlei om Grins, Nymwegen en Bergen op Zoom. Yn 1695 waard hy befoardere ta luitenant-generaal en opperfestingbouwer fan de Republyk. Op it lêst tsjinne hy op hege leeftiid noch yn de Spaanske Suksesje-oarloch en hy stoar oan in oerhaal yn 1704. Hy waard begroeven yn de tsjerke fan Wikel en yn de tsjerke is noch altiten it prealgrêf dat oan him herinnert.
Nei de dea fan Menno waard it hûs bewenne troch syn soan Gosewijn Theodoor fan Coehoorn, dat dêrnei ferkocht waard oan de famylje Patras. Yn 1811 waard it hûs foar ôfbraak ferkocht. Allinnich de omlizzende bosken, de Coehoornbosken, bleaune sparre en binne yn 1950 oankocht troch It Fryske Gea.
Menno fan Coehoorn, liet it hûs koart nei syn houlik mei Magdalena fan Scheltinga bouwe. Minsken dy't by him op besite kamen, wienen altyd feralterearre fan de beskieden ôfmjittings fan it bûten: soks ferwachte men net by sa'n bekend fjildhear as Fan Coehoorn. It hûs lei op in rom omgrêfte terrein en wie sa goed as rjochthoekich. It gebou wie mar twa boulagen heech en waard dekt troch in skylddak, mei yn de nok trije sierfazen en yn 'e midden in mânske skoarstien mei sierlike koer. Bysûnder oan it hûs wie wol in fraaie pyldergevel, dy't grif de fraaiste fan dit type yn Fryslân wie. Dy pylders hienen korintyske kapitelen. It hûs wie sân ramen breed, wêrfan de middelste trije ramen, as tagongspartij, nei foaren sprongen. Boppe de doar siet in aairûn finster omkrânse troch in guirlande. Meerestein wie boud yn in barokke styl, wylst it omlizzende terrein in strakke tún- en parkoanlis hie.
Bewenners
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1678 - 1704 Menno, baron fan Coehoorn
- Gosewijn Theodoor fan Coehoorn
- 1747 - 1811 famylje Anthonie Patras
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |