Springe nei ynhâld

Master fan Alle Ringen

Ut Wikipedy
Master fan Alle Ringen
algemiene gegevens
oarspr. titel The Lord of the Rings
auteur J.R.R. Tolkien
taal Ingelsk
foarm romantrilogy
sjenre fantasy
skreaun 1937-1949
1e publikaasje 1954-1955, Londen
oarspr. útjwr. George Allen & Unwin
rige
rige Middle Earth-syklus
● foarich diel The Hobbit
oersetting nei it Frysk
Fryske titel Master fan Alle Ringen
publikaasje 2011-20??, Ljouwert
útjouwer Utjouwerij Frysk en Frij / Elikser
oersetter dû. Liuwe H. Westra
The Lord of the Rings wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: The Lord of the Rings (betsjuttingsside).

Master fan Alle Ringen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Lord of the Rings (en yn 'e Nederlânske oersetting: In de Ban van de Ring), is in fantasy-trilogy fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Britske skriuwer en taalkundige J.R.R. Tolkien (1892-1973), dy't hjirmei grutdiels ferantwurdlik wie foar de fêstiging fan fantasy as in literêr sjenre. De dielen fan 'e trilogy waarden yn 1954 en 1955 foar it earst útjûn en binne in ferfolch foar in folwoeksen publyk op Tolkien syn eardere berneboek The Hobbit.

Yn 'e trije dielen, It Selskip fan de Ring (The Fellowship of the Ring), De Twa Tuorren (The Two Towers) en De Kening Komt Wer (The Return of the King), wurdt it ferhaal ferteld fan 'e hobbit of healmling Frodo Balsma (yn it Ingelsk: Frodo Baggins), dy't op in lange en gefaarlike kweeste giet nei it fiere lân Mordor, dêr't de dûnkere hear Sauron (de Master of Lord út 'e titel) regearret. Dêr moat er de Iene Ring, dy't it grutste part fan Sauron syn krêften befettet, ferneatigje troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten, dêr't er lang lyn smeid waard.

Troch de jierren hinne is The Lord of the Rings ien fan 'e populêrste boeken ea wurden, dat in grutte en noch altiten merkbere ynfloed (hân) hat op fral fantasy, mar ek op oare literêre sjenres. Yn 2003 waard it troch it Britske publyk ta it bêste Ingelske boek ea keazen yn The Big Read-wedstryd, organisearre troch de BBC (foàr Jane Austen har Pride and Prejudice, dat op it twadde plak einige). It is mei mear as 150 miljoen ferkochte eksimplaren it op ien nei bestferkeapjende fiksjewurk op 'e wrâld en hat derfoar soarge dat it wurd "tolkienesk", as omskriuwing fan eat dat op Tolkien syn wurk liket of deroan tinken docht, yn withoefolle talen opnommen is. De oanhâldende populariteit fan it boek hat laat ta adaptaasjes foar in ferskaat oan oare media, wêrfan't de filmtrilogy fan regisseur Peter Jackson sûnder mis de bekendste is. Begjin 2013 wie The Lord of the Rings (hielendal of foar in part) oerset yn 49 talen; Liuwe Westra syn Fryske oersetting fan The Fellowship of the Ring waard útjûn yn 2011, en dy fan The Two Towers yn 2016.

The Lord of the Rings is in epyske fantasy-trilogy fan it subsjenre dat hege fantasy neamd wurdt. It ferhaal begûn as in ferfolch op Tolkien syn fantasy-roman foar bern The Hobbit, út 1937, mar ûntjoech him úteinlik ta in folle omfangriker wurk as dat de skriuwer earst foar eagen stien hie. De trilogy waard skreaun yn in stikmannich fazes tusken 1937 en 1949, foar in grut part ûnder de Twadde Wrâldoarloch. Tolkien hie it oarspronklik bedoeld as ien diel út in twadielige set (mei The Silmarillion as oare diel), mar dat stie syn útjouwer net oan. Om finansjele redens waard it yn trijen útjûn tusken 29 july 1954 en 20 oktober 1955. Opboutechnysk is elk fan 'e trije dielen yntern wer ûnderferdield yn twa "boeken", mei ferskate taheakken mei bykommende en eftergrûnynformaasje folgjend op it sechsde "boek" (oan 'e ein fan The Return of the King dus).

De trilogy makket mei The Hobbit, The Silmarillion en oare ferhalen diel út fan in grutter epos dêr't Tolkien al fan 1917 ôf oan wurke. Dêr ferwurke er ynfloeden yn fan ûnderwerpen dy't syn belangstelling hiene, lykas taalkunde, (de roomske) godstsjinst, mearkes, Germaanske mytology en, yn mindere mjitte Keltyske, Slavyske, Perzyske, Grykske en Finske mytology. Tolkien hat sels erkend dat er fierders beynfloede wurden is troch it Angelsaksyske Beowulf-epos en de njoggentjinde-iuwske grûnlizzers fan 'e moderne fantasy, George MacDonald en William Morris.

Hoewol't der út The Lord of the Rings en Tolkien syn oanbesibbe wurk net eksplisyt in beskate religy nei foarren komt, hat de skriuwer sels folholden dat it likegoed as in kristlik en leafst noch roomsk ferhaal beskôge wurde moat. Oersetter Liuwe Westra, dy't him yn dat aspekt fan Tolkien syn wurk ferdjippe hat, neamt yn syn essay "Not Wholly True, Not Perfectly Theocentric": In dwerse wurdearring fan Tolkien syn "The Lord of the Rings" as in kristlik boek û.m. it lân Mordor as in allegory op 'e hel en de elfinne Galadriel as in wjerbyld fan 'e Faam Marije, wylst de hobbit Frodo Balsma en de tsjoender Gandalf trekken fan Kristus drage soene. Hy stelt lykwols fêst dat de likenis oerflakkich is en nei syn miening net duorret.

Los fan it ûnderlizzende boadskip fan Tolkien moat fêststeld wurde dat The Lord of the Rings skreaun is yn in epyske styl dy't op plakken tige tinken docht oan 'e Midsiuwske goade- en heldedichten en ridderromans. Punten fan krityk binne benammen de beheinde rol dy't froulju taparte wurdt en de hierskerpe (en dêrtroch folslein ûnreälistyske) skieding tusken goed en kwea.

It ferhaal spilet yn in net neier oantsjutte (en optochte) oertiid fan ús wrâld tusken de opkomst fan it feeëryk en de hearskippij fan 'e minske.

It Selskip fan de Ring

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side It Selskip fan de Ring.

De hobbit Frodo Balsma, út it freedsume hobbit-lantsje it Goa, ervet in ring fan syn omke Bilbo, dat de ferlern waande Iene Ring fan Sauron, de dûnkere hear fan Mordor, blykt te wêzen. Sauron, dy't it meastepart fan syn macht yn it smeien fan dy ring stoppe hat en him nedich is om 'e wrâld te oerhearskjen, kriget der lucht fan dat Frodo him yn syn besit hat. Mei in trijetal freonen en efterfolge troch de ringsjammen, de neiste tsjinners fan Sauron, flechtet Frodo nei Riedelle, dêr't de healelf Elrond him riedt om in kweeste te ûndernimmen nei Mordor, mei't de ring inkeld ferneatige wurde kin troch him yn 'e fjurren fan 'e Doemberch te smiten, dêr't er ek smeid is.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan it ferhaal beskreaun.
As jo it ferhaal sels lêze wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Dêrop set Frodo ôf op dy lange en nuodlike reis, yn it selskip fan 'e trije oare hobbits, Tabe, Merten en Pepyn; de elf Legolas; de dwerch Gimli; Aragorn, de lêste erfgenamt fan 'e minskene keningen; Boromir, de soan fan 'e steedhâlder fan Gondor; en de tsjoender Gandalf. Hjitfolge troch de tsjinners fan Sauron, lykas oarken en wearwolven, tsjogge se troch de lege lannen westkant de Diisbergen, op 'e siik nei in manear om dy hege barriêre oer te stekken. Uteinlik liedt Gandalf harren ûnder de bergen troch fia de ferlitten Minen fan Moarje, in âld dwergeryk. Dêr blike no lykwols oarken en noch mindere dingen te húsmanjen en op 'e nij moatte se flechtsje. By de lêste brêge foar de eastlike poarte falt Gandalf yn 'e djipte as er twongen is en gean it gefjocht oan mei in demoanyske balroch. De oaren ûntsnappe nei it elveryk Lothlórien, eastkant de bergen, dêr't se in hoartsje bekomme.

John Ronald Reuel Tolkien yn 1916.

Dan sakje se de Grutte Rivier ôf oant se by de wetterfal fan Rauros komme. Dêr besiket Boromir Frodo de ring ôf te krijen, mei't er dy brûke wol om syn belegere lân Gondor te rêden. Frodo flechtet mei inkeld syn freon en tsjinstfeint Tabe Snasta de rivier oer, wylst syn efterbleaune freonen krekt dan oerfallen wurde troch in kliber oarken. Boromir wint syn eare werom troch himsels dea te fjochtsjen yn 'e ferdigening fan Merten en Pepyn, mar kin net foarkomme dat dy troch de oarken, yn opdracht fan 'e kweade tsjoender Saruman, finzen nommen en ûntfierd wurde. Aragorn, Gimli en Legolas komme te let om te helpen.

De Wikipedy hat ek in side De Twa Tuorren.

Dwers troch it lân fan Rohan efterfolgje Aragorn, Legolas en Gimli de kliber oarken dy't Merten en Pepyn ûntfierd hat, mar as se dy einlings ynhelje, oan 'e râne fan it wylde wâld fan Fangorn, binne se ferslein en ferdylge wurden troch in ôfdieling ruters fan Rohan. De beide Hobbits binne lykwols ûntkommen nei it wâld, dêr't se yn 'e kunde komme mei de int of beamhoeder Beamburd. Aragorn, Legolas en Gimli moetsje oan 'e wâldsigge Gandalf wer, dy't yn Moarje net omkommen blykt te wêzen, mar troch fjoer en wetter en hichte en djipte hinne gien is om lottere en grutter as tefoaren wer foar 't ljocht te kommen. Hy nimt harren mei nei it hof fan Théoden, de kening fan Rohan, dy't ûnder in tsjoen fan Saruman ferkeart. Gandalf ferbrekt de betsjoening en stjoert Aragorn-en-dy mei Théoden en al syn mannen nei de sterkte fan 'e Helmsdjipte, om him dêr te ferskânzjen tsjin 'e ynfaazje troch it leger oarken en kweaminsken fan Saruman wylst hysels om help giet. Yn 'e Slach om 'e Helmsdjipte warre de trije maten harren omraak, krekt as harren Rohander bûnsgenoaten, mar de fijân is te machtich. As alles op 't lêst ferlern liket, komt einlings Gandalf mei de rest fan 'e Rohirrim opdaagjen en wurde Saruman syn troepen ferslein. Underwilens hawwe Merten en Pepyn de stadige inten oantrune om har tsjin Saruman oan te kantsjen. De inten weve handich ôf mei de efterbleaune oarken yn Saruman syn bolwurk Isengard en tsjin 'e tiid dat Gandalf en de oaren dêr mei it leger fan Rohan oankomme is Saruman in finzene yn syn eigen toer.

Wylst dat allegear bart, reizgje Frodo en Tabe yn súdlike rjochting troch de woeste lannen eastkant de Grutte Rivier. Dêrby moetsje se it trochferkearde wêzen Gollum, de eardere eigner fan 'e ring, dy't him by harren jout mei as doel om syn "skatsje" werom te krijen. Mar as se úteinlik oan 'e grinzen fan Mordor slagje, fine se de Swarte Poarte, yn 'e iennichste berchpas dy't nei dat lân liedt, sletten en swierbewekke. Op oanrieden fan Gollum reizgje se fierder súdoan, by de Skaadbergen lâns dy't de westgrins fan Mordor foarmje. Hja bedarje by de Treppen fan Cirith Ungol, dy't in paad oer de bergen biede, mar ek troch it leger fan 'e reuseftige spinne Shelob liede. Gollum ferriedt de beide hobbits oan har, en Frodo moat it hast mei de dea bekeapje, mar troch rislút yngripen fan Tabe rêdt er it libben derôf en witte se de ring te behâlden.

De Kening Komt Wer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De Wikipedy hat ek in side De Kening Komt Wer.

Gandalf giet mei Pepyn súdoan nei Gondor, dêr't it dan krekt de legers fan Mordor slagge is en stek de Grutte Rivier oer. De ferdigeners fan Gondor lûke har werom yn 'e haadstêd, Minas Tirith, en wurde dêr belegere. Gandalf stjoert tsjin it sin fan 'e oan wanhope ta proai fallen Denethor, de steedhâlder fan Gondor, in fersyk om help nei Rohan ta. Dêrop set it ruterleger fan 'e Rohirrim, mei Merten en de as jonge ferklaaide prinsesse Éowyn, de omkesizzer fan kening Théoden, ek nei Gondor ta. Underwilens binne Aragorn, Legolas en Gimli oer de Paden fan 'e Deaden troch in tunnel yn 'e bergen gien, wêrby't Aragorn de withoefolle geasten dy't dêr omhúsmanje, oan him ûnderwerpt.

Op 'e moarn dat de legers fan Mordor einlings troch de poarte fan Minas Tirith brekke, arrivearret teffens it langferwachte leger fan Rohan en dan fynt de Slach op 'e Fjilden fan 'e Pelennor plak. De Rohirrim en de ta de stêd út kommen Gondorezen witte it oarkeleger te ferslaan, mar dan smyt de fijân de Haradrim, minsken út it fiere suden, yn 'e striid. Théoden wurdt deadien troch de lieder fan 'e ringsjammen, mar tegearre witte Éowyn en Merten dyselde út 'e ljochten te helpen. As de striid suver ferlern liket te wêzen, arrivearje einlik Aragorn-en-dy mei in leger geasten, dy't koarte metten meitsje mei de fijannige troepen.

Nei ôfrin fan 'e slach wurdt Aragorn ynhuldige as kening fan Gondor. Mei Gandalf en Éomer, Éowyn har broer en de nije kening fan Rohan, fiert er in leger oan dat er opmarsjearje lit nei de Swarte Poarte fan Mordor. Dêr fynt de lêste slach plak, dy't foar de bûnsgenoaten ferkeard út liket te pakken as Sauron alle legers fan syn ryk op harren ôfstjoert.

Underwilens reizgje Frodo en Tabe twaresom troch it dûnkere lân Mordor, dêrby hjitfolge fan 'e taaie Gollum, dy't syn plan om 'e ring werom te krijen noch altiten net opjûn hat. Nei in tige lange en wurchsume tocht berikke se einlings en te'n lêsten de Doemberch, dêr't Frodo de ring yn 'e fjurren smite moat. Frodo is der ûnderwilens lykwols sa fan 'e besnijing rekke, dat er der gjin ôfstân fan dwaan kin. Op dat stuit komt Gollum him oer it mad en yn 'e dan folgjende wrakseling falt dy mei de ring yn 'e fjurren. Op datseldichste stuit swynt Sauron, waans macht ommers fierhinne yn 'e ring besletten lei, fuort ta neat en syn Swarte Toer stoart yn, wylst swiere ierdbevings hiele Mordor ferrinnewearje. Frodo en Tabe wurde rêden troch earnen en troch de loft by harren freonen foar de Swarte Poarte brocht. No't Sauron der net mear is, falle syn legers útinoar en reitsje fersille of wurde ferdylge troch Aragorn en syn bûnsgenoaten.

Neitiid keare de fjouwer hobbits werom nei it Goa, dêr't se it lân yn ûnstjoer fine en regearre troch in rôverhaadman dy't nimmen oars as de fersleine tsjoender Saruman blykt te wêzen. Mar Frodo-en-dy hawwe no tefolle belibbe om har dêr noch troch fan 'e wize bringe te litten en weve handich ôf mei sawol Saruman as dy syn trewanten. Dêrnei jouwe se har wer rêstich del yn har âlde libbens, as wie de kweeste fan 'e ring nea bard. It boek einiget as Frodo mei Bilbo, Gandalf en Galadriel yn in elveboat skipgiet om oersee nei it lân Valinor ta, dêr't de elven foar ivich biidzje.

The Lord of the Rings is sûnt syn publikaasje yn 1954-1955 oerset yn in grut tal talen, sij it foar Tolkien syn dea, yn 1973, mar yn acht (mei noch twa oare fertalings dy't op kommendeweis wiene doe't er stoar). Tolkien, dy't in ekspêr op it mêd fan 'e germanistyk wie, hie it foar de moade en rin de oersettings nei, en wat er seach, waard er net bliid fan. Hy hie fûleindige krityk op 'e alderearste (Nederlânske) oersetting fan Max Schuchart, út 1957, benammen oangeande it (al of net, en hoe dan) fertalen fan geografyske en persoansnammen, dy't Tolkien beskôge as in krúsjaal ûnderdiel fan syn wurk.

Sweedske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 1959 oant 1961 kaam (as twadde) de Sweedske oersetting fan Åke Ohlmarks út, dy't fan in suver komysk minne kwaliteit wie. Tolkien koe der lykwols net om laitsje. Yn in brief oan syn útjouwer Rayner Unwin skreau er: "De taheakke dy't jo my brochten fan Almqvist & Co. [Almqvist & Wiksell, de Sweedske útjouwer] wie sawol betiizjend as ergerlik. In brief yn it Sweedsk fan dr. Åke Ohlmarks en in ûnbidige list (9 siden folioformaat) mei nammen yn 'e L.R. [Lord of the Rings] dy't er feroare hie. Ik hoopje dat myn ûnfolsleine kennis fan it Sweedsk — neat better as myn k. fan it Nederlânsk, mar ik besit in f. better Nederlânsk wurdboek! — de yndruk dy't ik derfan krigen haw wat oerdriuwt. De yndruk bliuwt, lykwols, dat dr. Ohlmarks in ferwaand persoan is, minder bekwaam as de sjarmante Max Schuchart [de Nederlânske oersetter], al mei er himsels folle better lije."[1] As reäksje dêrop skreau Tolkien yn 1967 syn Guide to the Names in the Lord of the Rings, om takomstige oersetters ta in rjochtline te tsjinjen. Yn Sweden stie Ohlmarks lykwols sa heech oanskreaun as oersetter (fan û.m. Shakespeare, Dante Alighieri, de Yslânske sêgen en de Koraan), dat de Sweden oant 2005 wachtsje moasten op in goede fertaling.

Nei't The Silmarillion yn 1977 útkaam, stimde Tolkien syn soan en de behearder fan syn beërf Christopher Tolkien inkeld ta yn 'e publikaasje fan in Sweedske oersetting as Ohlmarks der neat mei te krijen hawwe soe. Dat late ta in soarte fan fete tusken Ohlmarks en alles wat mei Tolkien en dy syn wurk te krijen hie. Doe't der yn 1982 by him thús brân west hie, beskuldige Ohlmarks op fertiisde wize Tolkien-fans derfan it oanstutsen te hawwen en neitiid joech er in boekje út wêryn't er Tolkien beskuldige fan "swarte magy" en nazy-tinkbylden.

Liuwe H. Westra, dy't de Fryske oersetting fan The Lord of the Rings makket.
(Foto: Haye Bylstra, Tresoar)

Russyske oersettings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Ruslân (of eins de Sovjet-Uny) ûntstie al gaueftich nei de earste publikaasje fan The Lord of the Rings belangstelling foar de trilogy, lang foar't de earste Russyske oersetting ferskynde. De earste fertaalde ferzje, as dy noch sa neamd wurde kin, kaam út yn 'e jierren sechstich, mar om oan 'e betingsten fan 'e Sovjet-sinsuer te foldwaan, moast dy sadanich ferkoarte en feroare wurde, dat it eins in hiel oar boek waard. It kommunistyske rezjym seach nammentlik in bedriging yn 'e beskriuwing fan 'e yndividualistyske striid fan 'e hobbits en harren bûnsgenoaten tsjin it totalitêre Mordor, dêr't it himsels blykber yn werkende. (Iroanyskernôch seagen Westerske marksisten yn The Lord of the Rings krekt de striid fan it primitive kommunisme fan it Goa (it lân fan 'e hobbits) tsjin 'e kweamachten fan it technokratyske kapitalisme fan Mordor.) De earste folsleine Russyske oersettings sirkulearren sadwaande ûndergrûnsk en waarden pas offisjeel publisearre nei de ynstoarting fan 'e Sovjet-Uny yn 1991.

Opsomming op jier fan útjefte

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The Lord of the Rings is ûnderwilens (hielendal of foar in part) oerset yn 49 talen (stân fan saken begjin 2013), wêrûnder ien (it Noarsk) yn twa sprektaalfarianten (Bokmål en Nynorsk).

  • Nederlânsk (In de Ban van de Ring), fert. Max Schuchart, 1957;
  • Sweedsk
    • (Härskarringen), fert. Åke Ohlmarks, 1959-1961;
    • (Ringarnas Herre), fert. Erik Andersson (gedichten troch Lotta Olsson), 2004-2005;
  • Italjaansk (Il Signore degli Anelli), fert. Vittoria Alliata di Villafranca, 1961-1963;
  • Poalsk
    • (Władca Pierścieni), fert. Maria Skibniewska (gedichten troch Włodzimierz Lewik en Andrzej Nowicki), 1961-1963;
    • (Władca Pierścieni), fert. Jerzy Łozinski (gedichten troch Marek Obarski), 1996-1997;
    • (Władca Pierścieni), fert. Maria Frąc en Cezary Frąc (boek 1-4), Aleksandra Januszewska (boek 5) en Aleksandra Jagiełowicz (boek 6) (gedichten troch Tadeusz A. Olszański; taheakken troch Ryszard Derdziński), 2001;
  • Deensk (Ringenes Herre), fert. Ida Nyrop Ludvigsen, 1967-1970;
  • Dútsk
    • (Der Herr der Ringe), fert. Margaret Carroux (gedichten troch Ebba-Margareta von Freymann), 1968-1972;
    • (Der Herr der Ringe), fert. Wolfgang Krege, 2000;
  • Frânsk
    • (Le Seigneur des Anneaux), fert. Francis Ledoux, 1972-1973;
    • (Le Seigneur des Anneaux), fert. Daniel Lauzon, 2014-2015;
  • Japansk (指輪物語; Yubiwa Monogatari), fert. Teiji Seta en Akiko Tanaka, 1972-1975;
  • Finsk (Taru Sormusten Herrasta), fert. Kersti Juva, Eila Pennanen en Panu Pekkanen, 1973-1975;
  • Noarsk (Bokmål)
    • (Krigen om Ringen), fert. Nils Werenskiold, 1973-1975;
    • (Ringenes Herre), fert. Torstein Bugge Høverstad, 1980-1981;
  • Portegeesk (O Senhor dos Anéis), fert. António Rocha en Alberto Monjardim, 1975-1979;
  • Russysk
    • (Властелин Колец; Vlastjelin Koljec), fert. A.A. Gruzbjerg, 1976 (publ. 2002);
    • (Властелин Колец; Vlastjelin Koljec), fert. V.S. Muravjev (2de-6de boek & gedichten), A.A. Kistjakovskij (1ste boek), 1982-1992;
    • (Властелин Колец; Vlastjelin Koljec), fert. H.V. Grigorjeva en V.I. Grušetskij (gedichten troch I.B. Grinšpun), 1984 (publ. 1991);
    • (Повесть о Кольце; Povjesť o Koľce), fert. Z.A. Bobyr', 1990 (ynkoarte oersetting);
    • (Властелин Колец; Vlastjelin Koljec), fert. Valjerija Aljeksandrovna Matorina, 1991;
    • (Властелин Колец; Vlastjelin Koljec), fert. Marija Kamjenkovič and Valjerij Karrik, 1994;
    • (Властелин Колец; Vlastjelin Koljec), fert. V. Volkovskij, V. Vosjedov en D. Afinogjenova, 2002;
    • (Властелин Колец; Vlastjelin Koljec), fert. Alina V. Njemirova, 2002;
  • Gryksk (Ο Άρχοντας των Δαχτυλιδιών; O Archontas ton Dachtylidion), fert. Eugenia Chatzithanasi-Kollia, 1978;
  • Hebriuwsk (שר הטבעות; Sar ha-Tabbaot), fert. Ruth Livnit, 1979-1980;
  • Spaansk (El Señor de los Anillos), fert. Matilde Horne, Luis Domènech en Rubén Masera, 1980;
  • Hongaarsk (A Gyűrűk Ura), fert. Göncz Árpád en Réz Ádám (boek 1, haadstik 1-11) (gedichten troch Tandori Dezső), 1981;
  • Servysk (Господар Прстенова; Gospodar Prstenova), fert. Zoran Stanojević, 1981;
  • Katalaansk (El Senyor dels Anells), fert. Francesc Parcerisas, 1986-1988;
  • Armeensk (Պահապաննէրը; Pahapannērë), fert. Emma Makarian, 1989;
  • Bulgaarsk (Властелинът на Пръстените; Vlastelinăt na Prăstenite), fert. Ljubomir Nikolov, 1990-1991;
  • Tsjechysk (Pán Prstenů), fert. Stanislava Pošustová, 1990-1992;
  • Koreaansk
    • (?), fert. ?, ±1991;
    • (?), fert. ?, ±1992;
    • (?), fert. ?, ?;
    • (반지의 제왕; Banjieui Jewang), fert. ?, 2002;
  • Yslânsk (Hringadróttinssaga), fert. Þorsteinn Þorarensen (gedichten troch Geir Kristjánsson), 1993-1995;
  • Brazyljaansk-Portegeesk (O Senhor dos Anéis), fert. Lenita M.R. Esteves en Almiro Pisetta, 1994;
  • Litousk (Žiedų Valdovas), fert. Andrius Tapinas en Jonas Strielkūnas, 1994;
  • Kroätysk (Gospodar Prstenova), fert. Zlatko Crnković, 1995;
  • Sloveensk
    • (Gospodar Prstanov), fert. Polona Mertelj, Primož Pečovnik en Zoran Obradovič, 1995;
    • (Gospodar Prstanov), fert. Branko Gradišnik, 2001;
  • Esperanto (La Mastro de l' Ringoj), fert. William Auld, 1995-1997;
  • Estysk (Sõrmuste Isand), fert. Ene Aru en Votele Viidemann, 1996-1998;
  • Turksk (Yüzüklerin Efendisi), fert. Çiğdem Erkal İpek (gedichten troch Bülent Somay), 1996-1998;
  • Roemeensk (Stăpânul Inelelor), fert. Irina Horea, Gabriela Nedelea en Ion Horea, 1999-2001;
  • Galisysk (O Señor dos Aneis), fert. Moisés R. Barcia, 2001-2002;
  • Tradisjoneel Sineesk (魔戒; ?), fert. Lucifer Chu, 2001-2002;
  • Slowaaksk (Pán Prsteňov), fert. Otakar Kořínek en Braňo Varsik, 2001-2002;
  • Taisk (ลอร์ดออฟเดอะริงส; ?), fert. Wanlee Shuenyong, 2001-2002;
  • Masedoanysk (Господарот на Прстените; Gospodarot na Prstenite), fert. Romeo Širilov en Ofelija Kaviloska, 2002;
  • Baskysk (Eraztunen Jauna), fert. Agustin Otsoa Eribeko, 2002-2003;
  • Yndonezysk (The Lord of the Rings), fert. Anton Adiwiyoto en Gita K. Yuliani, 2002-2003;
  • Letsk (Gredzenu Pavēlnieks), fert. Ieva Kolmane, 2002-2004;
  • Perzysk (ارباب حلقهها; Arbāb-e Halqehā), fert. Riza Alizadih, 2002-2004;
  • Oekraynsk
    • (Володар Перснів; Volodar Persniv), fert. Alina V. Nemirova, 2003;
    • (Володар Перстенів; Volodar Persteniv), fert. Olena Fešovec (gedichten troch Nazar Fedorak), 2004-2005;
    • (Володар Перстенів; Volodar Persteniv), fert. Kateryna Oniščuk-Michalicyna (gedichten troch Nazar Fedorak), 2013;
  • Faroysk (Ringanna Harri), fert. Axel Tórgarð, 2003-2005;
  • Albaneesk (Lordi i Unazave), fert. Ilir I. Baçi (1ste diel) en Artan Miraka (2de en 3de diel), 2004-2006;
  • Noarsk (Nynorsk) (Ringdrotten), fert. Eilev Groven Myhren, 2006;
  • Arabysk
    • (سيد الخواتم، رفقة الخاتم، خروج الخاتم; Sayyid al-Ḫawātim, Rafīqat al-Ḫātim, Ḫurūǧ al-Ḫātim), fert. Amr Ḫairy, 2007 (allinne it 1ste diel);
    • (سيد الخواتم; Sayyid al-Ḫawātim), fert. Faraǧallah Sayyid Muḥammad, 2009;
  • Wytrussysk (Уладар Пярсьцёнкаў; Uladar Pjars'cjonkaŭ), fert. Dž'mitryj Mahileŭcaŭ en Krys'cina Kurčankova, 2008-2009;
  • Georgysk (ბეჭდების მბრძანებელი; Beč̣debis Mbrʒanebeli), fert. Nika Samušia (gedichten yn it 1ste diel troch Cico Xocuašvili), 2009-2011;
  • Frysk (Master fan Alle Ringen), fert. Liuwe Westra, 2011-?;
  • Bingaalsk (দ্য লর্ড অফ দ্য রিংস; Sarbadhipoti Angti), fert. ?, 2012-?;
  • Fjetnameesk (Chúa tể những chiếc Nhẫn), fert. Nguyễn Thị Thu Yến, Đặng Trần Việt, Tâm Thuỷ (gedichten troch An Lý), 2013-2014.

Fryske oersetting

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De folsleine Fryske oersetting fan The Lord of the Rings, mei as titel Master fan Alle Ringen, is op kommendeweis. Ein 2011 ferskynde it earste diel, The Fellowship of the Ring, ûnder de titel It Selskip fan de Ring by Utjouwerij Frysk en Frij te Ljouwert, yn gearwurking mei Utjouwerij Elikser. De Fryske oersetting is makke troch dû. Liuwe H. Westra, predikant en universitêr meiwurker te Lollum, dy't der al fan 2001 ôf by de tiid lâns mei dwaande is. It twadde diel, De Twa Tuorren, soe oarspronklik noch yn it neijier fan 2013 útjûn wurde, mar tsjinslaggen by it fertaalwurk holden it op oant nei de jierwiksel, en in skeel mei de útjouwer soarge yn 2014 foar noch mear opûnthâld. Westra brocht De Twa Tuorren yn 'e hjerst fan 2016 yn eigen behear út fia de Stifting Fryske Tolkien. It trêde diel, dat fanwegen de mânske taheakken dy't dêrby hearre it dreechst is, hopet er yn 'e rin fan 2022 te publisearjen.

Troch de jierren hinne is The Lord of the Rings adaptearre foar withoefolle oare media, mei dêrûnder radio, toaniel en animaasje, mar fierwei de bekendste en ek de op kommersjeel mêd súksesfolste adaptaasje is sûnder mis de ferfilming ta in spylfilmtrilogy (de The Lord of the Rings-filmtrilogy) troch regisseur Peter Jackson, dy't útkaam yn trije opienfolgjende jierren yn 2001 (The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring), 2002 (The Lord of the Rings: The Two Towers) en 2003 (The Lord of the Rings: The Return of the King). Alle trije dielen fan dizze produksje fan New Line Cinema waarden troch frijwol eltsenien tajûche, en elts waard nominearre foar en wûn ferskate Oscars. It trêde diel wie de twadde film ea dy't mear as in miljard dollar opbrocht en wûn yn totaal alve Oscars (dy foar bêste film en bêste regisseur ynbegrepen), dêr't er de klassikers Ben Hur en Titanic mei belike. Behalven dat er in kommersjeel súkses wie, slagge it de filmtrilogy ek om in foege kliber net-lêzers, dy't it boek net berikke kinnen hie, foar it earst mei The Lord of the Rings yn 'e kunde komme te litten. En dêrnjonken foarme it in ynspiraasjeboarne, bgl. foar Liuwe Westra, dy't yn syn foarwurd by It Selskip fan de Ring stelt dat er him oantrune fielde om mei syn Fryske fertaling fan 'e trilogy útein te setten nei't er The Lord of the Rings: The Fellowship of the Ring yn 'e bioskoop sjoen hie.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. The Letters of J.R.R. Tolkien, 263.

Boarnen

  • Tolkien, J.R.R., It Selskip fan de Ring, Ljouwert, 2010 (Utjouwerij Frysk en Frij y.g.m. Utjouwerij Elikser B.V.), ISBN 978-9 08 56 60 224.
  • Tolkien, J.R.R., The Lord of the Rings, Londen, 2001 (HarperCollinsPublishers), ISBN 0 00 71 23 817.

  • Westra, Liuwe H., "Not Wholly True, Not Perfectly Theocentric": In dwerse wurdearring fan Tolkien syn "The Lord of the Rings" as in kristlik boek (essay), Lollum, 2006.

Foar fierdere sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.