Springe nei ynhâld

Long Island

Ut Wikipedy
Long Island

De lokaasje fan Long Island yn 'e Amerikaanske steat New York.
flagge wapen

(ûnoffisjeel)
polityk
soarte gebiet eilân
lân Feriene Steaten
steat New York
county New York (stêd)
Nassau County
Suffolk County
haadplak New York (stêd) (ûnoffisjeel)
grutste plak New York (stêd)
sifers
ynwennertal 8.063.232 (2020)
oerflak 3.564 km²
befolkingstichtens 2.262,7 / km²
oar
tiidsône UTC –5
simmertiid UTC –4
koördinaten 40°08′ N 73°03′ E
Dizze side giet oer it eilân yn 'e Amerikaanske steat New York. Foar oare betsjuttings, sjoch: Long Island (betsjuttingsside).

Long Island (Ingelsk foar "Lang Eilân"; útspr.: [lɔːŋ ai̭lənd], likernôch: "lông ailund") is in grut, tichtbefolke eilân foar de eastlike kust fan Noard-Amearika. It makket diel yn 'e Amerikaanske steat New York. De westlike râne heart ta de stêd New York en beslacht twa fan 'e fiif boroughs: Brooklyn en Queens. De rest fan Long Island is ferdield oer twa countys: Nassau en Suffolk. Ynwenners fan 'e stêd New York brûke de term 'Long Island' útslutend foar Nassau en Suffolk, dus sûnder Brooklyn en Queens dêrûnder te skaren. Neffens in skatting út 2020 wennen der doe op Long Island krapoan 8,1 miljoen minsken. It westlikste part fan it eilân hat fierwei de measte ynwenners, wylst it eastlike part in lanlik karakter behâldt.

Long Island is in eilân yn 'e Atlantyske Oseaan foar de eastlike kust fan it wrâlddiel Noard-Amearika. Bestjoerlik falt it ûnder de steat New York, dy't diel útmakket fan 'e Feriene Steaten. Long Island is sawol it langste as it grutste eilân yn 'e legere 48 steaten. It mjit 190 km fan east nei west en, op it breedste punt, 37 km fan noard nei súd. It hat in oerflak fan 3.630 km². Dêrmei is it it op tsien nei grutste eilân yn 'e hiele Feriene Steaten en it op 148 nei grutste eilân fan 'e wrâld. It is feitlik grutter as Rhode Island, mei 3.140 km² de lytste steat fan 'e Feriene Steaten (dy't wol fan island neamd wurdt, mar eins gjin eilân is).

De fjoertoer op Montauk Point, de eastlike útein fan Long Island.

Oan 'e súd- en eastkant fan Long Island strekt de iepen Atlantyske Oseaan him út. Yn it westen wurdt it eilân troch de East River skaat fan it folle lytsere eilân Manhattan. Noardliker foarmet de East River ek de skieding mei de borough The Bronx, op it fêstelân fan New York, en besuden Manhattan foarmje de Boppebaai fan New York en de Underbaai fan New York de skieding mei Staten Island en de Amerikaanske steat Nij-Jersey. Oan 'e noardkant wurdt Long Island begrinzge troch de Long Island Sound, in seestrjitte dy't likernôch like breed is as it eilân. Oarekant dêrfan lizze Westchester County fan 'e steat New York en de súdkust fan 'e steat Connecticut. Yn it noardeasten giet de Long Island Sound oer yn 'e Block Island Sound, oarekant wêrfan't it eilân Block leit, dat ta de steat Rhode Island heart. Yn bredere sin kinne ta Long Island ek in grut tal lytse eilantsjes rekkene wurde dy't by de súdlike, noardlike en eastlike kusten lâns lizze.

Hoewol't it westen fan Long Island tsjintwurdich in tichtbefolke stêd foarmet en it middelste part fan it eilân beslein wurdt troch foarstêden dy't wat langer wat lytser wurde al neigeraden dat men fierder eastlik komt, behâldt de eastlike útein fan Long Island ek tsjintwurdich noch in lanlik karakter. It easten fan Suffolk County is in krite dy't bekend stiet as De Hamptons, om't dêr ferskate plakken lizze wêrfan't de namme einiget op -hampton. Dat is in gebiet dat derom bekend stiet dat in soad superriken út 'e stêd New York der lúkse lânhuzen besitte dêr't se har yn it wykein en yn 'e fakânsjes yn weromlûke.

It Alde Hûs yn Cutchogue is it âldste Ingelske hûs op Long Island.

De oarspronklike bewenners fan Long Island wiene ferskate Yndiaanske stammen. Yn 1643 wiene dy ferdield oer fjirtjin etnyske groepen, dy't allegear Algonkwynske talen sprieken. De wichtichsten wiene de Delawêr (Ingelsk: Delaware), de Massapikwa (Massapequa), de Montôk (Montauk), de Sjinnekok (Shinnecock) en Unketsjôk (Unkechogue of Unkechaug). Dyselden libben op Long Island in bestean dat ûnderstipe waard troch jacht en fiskerij, mar ek troch lânbou. Ut dokuminten út 1636 út Nij-Nederlân docht bliken dat de lânseigen befolking nei it eilân ferwiisde mei de namme Sewanhaka, ôflaat fan sewan, in term foar wampum. (Wampum binne halskeatlings fan reaune skulpen, dy't yn 'e iere koloniale perioade in skoft as jild brûkt waarden yn 'e hannel tusken Yndianen en blanken.) De Nederlanners neamden it eilân ’t Lange Eylandt, fanwegen syn foarm, en dy oantsjutting waard letter oerset yn it Ingelsk as Long Island.

It ierst bekende kontakt tusken Jeropeeske ûntdekkingsreizgers en de Yndianen fan Long Island fûn, ynsafier bekend, yn 1524 plak tusken de Floarentyn yn Frânske tsjinst Giovanni da Verrazano en de Delawêr. Yn 1609 waard de westlike útein fan it eilân ferkend troch de Ingelske ûntdekkingsreizger yn Steatske tsjinst Henry Hudson. De Nederlanner Adriaen Block stelde yn 1615 fêst dat Long Island in eilân wie. Fan 1655 ôf setten Jeropeeske kolonisten har op Long Island nei wenjen, dêr't se lân oankochten fan 'e Yndianen. De westlike râne fan it eilân, likernôch gearfallend mei it hjoeddeistige Brooklyn en Queens, kamen by de Steatske koloanje Nij-Nederlân te hearren, dy't ekploitearre waard troch de Westyndyske Kompanjy (WIC). De rest fan it eilân, likernôch it hjoeddeistige Nassau County en Suffolk County, kaam ûnder Ingelsk bestjoer, en makke oarspronklik diel út fan 'e koloanje Connecticut.

De Brooklynbrêge út 1883, dy't Long Island ferbynt mei Manhattan.

Nei't it westlike part fan it eilân yn 1664, yn 'e Twadde Ingelske Oarloch, mei de rest fan Nij-Nederlân yn Ingelske hannen fallen wie, kaam Long Island yn syn gehiel mei alle byhearrende lytsere eilantsjes yn 'e Long Island Sound yn it besit fan Jakobus Stuart, hartoch fan York, de lettere kening Jakobus II fan Ingelân. Dyselde koestere wrok tsjin Connecticut, mei't yn dy koloanje trije fan 'e rjochters beskûl fûn hiene dy't syn heit, kening Karel I fan Ingelân, yn 1649 ta de deastraf feroardiele hiene. Dêrom ûntskuorde er Long Island oan Connecticut en foege it by de koloanje New York. De Ingelske kolonisten op Long Island liek dat wol nei fleanen, mar nei't se bedrige wiene mei it ferlies fan har lânrjochten, leine se har der yn 1676 by del. Nei't steedhâlder Willem III fan Oranje-Nassau yn 1688 by de Glorieuze Revolúsje op 'e Ingelske troan kommen wie, ferneamden de Ingelsen Long Island nei him en hiet it in skoft Nassau Island. It is ûndúdlik wannear't dy namme krekt yn ûnbrûk rekke is.

Yn 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch waard Long Island al ier troch de Britten ferovere op 'e Amerikanen. Nei't de Amerikaanske generaal George Washington yn 1776 yn 'e Slach om Long Island beslissend ferslein wie, koed er mar nauwerneed syn troepen fan 'e westein fan it eilân evakuëarje tanksij in tichte mist. Neitiid namen de measte Amerikaansksinnige kolonisten de wyk fan it eilân, wylst de loyalisten, dy't it mei de Britten holden, efterbleaune. Long Island wie dêrnei in Britsk bolwurk oant de ein fan 'e oarloch yn 1783.

In filla oan 'e saneamde Gold Coast, oan 'e noardkust fan Nassau County.

Under Amerikaansk bestjoer bleau Long Island noch lang in fierhinne agrarysk gebiet. Yn 1883 ûntstie mei de foltôging fan 'e Brooklynbrêge foar it earst in lânferbining mei Manhattan, dat oan 'e oare kant mei brêgen ferbûn wie mei it fêstelân. Yn 1898 waarden Kings County en Queens County bestjoerlik ôfskaft om op te gean yn 'e gemeente New York. De eastlikste 730 km² fan Queens County, dêr't dy feroaring net foar gou, kaam yn 1899 by Nassau County te hearren. Yn 'e Belle Époque lieten tsjin 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw rike yndustriëlen, lykas J.P. Morgan, William K. Vanderbilt en Charles Pratt, grutte filla's bouwe oan 'e noardkust fan Nassau County. Fan gefolgen krige dy krite de bynamme fan 'e Gold Coast ("Goudkust"). Dy ûntwikkeling en perioade waarden fêstlein yn û.m. de roman The Great Gatsby fan F. Scott Fitzgerald.

Yn 1927 stige loftfeartpionier Charles Lindbergh op fan it fleanfjild Roosevelt Field op Long Island om mei syn fleanmasine de Spirit of St. Louis as earste piloat de Atlantyske Oseaan oer te stekken. Yn 1939 waard yn Queens de Lofthaven La Guardia iepene en yn 1948, ek yn Queens, de Ynternasjonale Lofthaven John F. Kennedy (oarspronklik ûnder de namme Idlewild), dy't beiden noch altyd ta de drokste en wichtichste lofthavens fan 'e Feriene Steaten hearre. Op Long Island wie ek de Loftmachtbasis Mitchel fêstige, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch in sintrum fan 'e Amerikaanske fleantúchbou waard en dat neitiid ferskate desennia lang bleau.

De fjouwer bestjoerlike dielen fan Long Island: Brooklyn (oranje), Queens (gielgrien), Nassau County (giel) en Suffolk County (ljochtbrún). Ek oanjûn binne de trije oare boroughs fan 'e stêd New York (dy't net op Long Island lizze): Manhattan (rôze), The Bronx (turkwaze) en Staten Island (pears).

Bestjoerlik sjoen heart Long Island ta de Amerikaanske steat New York. It eilân wie foarhinne opdield yn fjouwer countys: Kings, Queens, Nassau en Suffolk. Kings County en Queens County foarmje no de boroughs Brooklyn, resp. Queens fan 'e stêd New York. Dy beide stedsdielen lizze oan 'e westkust fan Long Island: Brooklyn op 'e uterste westpunt en Queens justjes mear nei it easten. De rest fan it westlike trêdepart fan it eilân wurdt foarme troch Nassau County, wylst Suffolk county it oare twatrêdepart beslacht. Brooklyn en Queens falle ûnder de gemeente New York, wylst Nassau en Suffolk in eigen countybestjoer hawwe.

Yn 'e folksmûle wurdt Long Island ornaris opdield yn twa parten: the City ("de Stêd"), wêrmei't ferwiisd wurdt nei Brooklyn, Queens en de rest fan 'e stêd New York, en the Island ("it Eilân") of folút Long Island, wêrmei't dan inkeld Nassau County en Suffolk County bedoeld wurde. Hoewol't dat ûnderskie en de Nassau+Suffolk-definysje fan Long Island op harsels gjin wetlike grûn hawwe, dielt it steatsregear fan New York de steat op yn in stikmannich statistyske regio's, wêrfan't ien Long Island hjit. Dy regio bestiet inkeld de beide eastlike countys, mei't de stêd New York (Brooklyn en Queens ynbegrepen) yn dy ferdieling in regio op himsels foarmet.

Hjerst oan 'e noardkust fan Nassau County mei útsjoch op it Cold Spring Harbor Laboratoarium, in ynternasjonaal ferneamde fasiliteit op it mêd fan biomedysk ûndersyk.

Op Long Island bestiet in beweging dy't fan Nassau County en Suffolk County in selsstannige Amerikaanske steat meitsje wol, dus binnen de Feriene Steaten, mar los fan 'e steat New York. Dat idee waard foar it earst oppenearre yn 1896, mar hat mear oanhing krigen sûnt de lêste desennia fan 'e tweintichste iuw. Yn 2010 makke it countybestjoer fan Nassau County bekend dat it efter sa'n ôfskieding fan New York stie. De reden foar de ûnfrede mei de hjoeddeistige sitewaasje is it gefoel dat in protte ynwenners fan Nassau County en Suffolk County hawwe dat se yn 'e steat New York folslein oan it fuottenein sitte. It steatsregear hat syn sit yn it fiere Albany, yn Opper-New York, en yn Neder-New York wurdt inkeld nei de stêd New York sjoen en binne de beide eastlike countys fan Long Island net yn tel. Der bestiet op it eilân ek in beweging dy't fan 'e beide countys in folslein ûnôfhinklik lân meitsje wol, hielendal los fan 'e Feriene Steaten, as de Unôfhinklike Steat Long Island (Independent State of Long Island, ôfkoarte ta ILI). Dat is lykwols mar in marzjinale beweging mei in minime oanhing ûnder de ynwenners.

De ekonomy fan Long Island stipet foar in part op toerisme, benammen by de kusten lâns mei harren strannen. Dêrnjonken wurdt der ek oan yndustry dien; sa spile Long Island histoarysk in wichtige rol yn 'e Amerikaanske fleantúchbou, mei fabriken fan Grumman Aircraft, Republic Aviation, Fairchild Aircraft en de Curtiss Aeroplane and Motor Company. Tsjintwurdich wurdt der in protte oan wittenskiplik ûndersyk dien en binne der in grut tal laboratoaria fêstige, net inkeld fan bedriuwen, mar ek guon dy't ferbûn binne oan ûnderwiisynstituten as it Technologysk Ynstitút fan New York (NYIT) en de Universiteit fan Stony Brook (SBU). Yn Hempstead, yn Nassau County, stiet fierders de Hofstra Universiteit, dy't stifte is troch Amerikaan fan Frysk komôf William Sake Hofstra. De eastein fan it eilân is noch altyd fierhinne in agrarysk gebiet, dêr't û.m. jirpels, fruit en pompoenen ferboud wurde. It bestean fan wyngerds op it eilân is in frij resinte ûntwikkeling.

De skyline fan 'e wyk Long Island City yn Queens.

Ynternasjonaal Filmfestival fan de Hamptons

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Long Island yn 2020 in befolking fan 8.063.232 minsken. De befolkingstichtens bedroech 2.262,7 minsken de km² útsmaard oer it hiele eilân, hoewol't dat sifer eins yn Brooklyn en Queens folle heger is, en yn Nassau en Suffolk folle leger. Feitlik wenje fan 'e eilânbewenners 5.141.538 yn Brooklyn en Queens, en mar 2.921.694 yn Nassau en Suffolk. Yn totaal meitsje de bewenners fan Long Island 40% út fan 'e befolking fan 'e steat New York.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking fan Long Island oangiet, dy wie yn 2010 sa: 43,0% blanken; 20,5% Latino's; 20,4% swarten; 12,3% Aziaten; 0,5% Yndianen; 0,1% Polyneziërs, Melaneziërs en Mikroneziërs; 3,2% oaren of fan mingd etnysk komôf.

In strân yn De Hamptons yn Suffolk County.

Long Island leit yn 'e oergongssône fan in subtropysk klimaat nei in lânklimaat. De simmers binne hjit en faak wiet mei in protte rein en swierwaar, wylst de winters kâld binne, mei sawol sniefal as rein. De temperatueren op it eilân komme selden boppe de 38 °C út, noch sakje se ornaris ûnder de –21 °C. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 28,2 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4,0 °C. Der bestiet in temperatuerferskil tusken de eastpunt en de westpunt fan it eilân, dy't 1 oant 2 °C bedraacht, wêrby't it yn it easten troch de gruttere moderearjende ynfloed fan 'e see simmerdeis koeler en winterdeis waarmer is as yn it westen.

Long Island kriget jiers trochinoar 1.168 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 81 sm snie. It eilân leit fierders yn it paad fan orkanen dy't út it Karibysk Gebiet by de eastkust fan Noard-Amearika lâns ôfbûge nei it noarden. Yn 'e regel hawwe sokke stoarmen al flink oan krêft ynboete as se Long Island berikke, mar dochs kin it der soms flink spûkje. Sa rûn it eilân fikse skea op troch de Grutte Atlantyske Orkaan fan 1944, Orkaan Donna yn 1960, Orkaan Belle yn 1976, Orkaan Gloria yn 1985 en Orkaan Sandy yn 2012.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.