Konseptuele keunst
Dit artikel is in stobbe oer kultuer.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Konseptuele keunst (conceptual art) is in keunstfoarm wêrby't de ideefoarming oftewol it konsept, it om-en-by (environment), it barren (happenings) en/of de útfiering (performance) de gearstallende dielen binne. It kin sa wêze dat de konseptuele keunstner stribbet nei befrijing fan de keunst út har tradisjonele binings, sadat keunst en libben in ienheid foarmje kinne soene en de barrières tusken de ferskillende disciplines opdoekt wurde. It wurk fan sokke keunstners wurdt faak 'ynstallaasjes' neamd.
Fertsjintwurdigers
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Frânsman Marcel Duchamp wurdt wol sjoen as de earste grutte konseptuele keunstner mei syn saneamde readymades.
Al yn 1952 hold John Cage oan it Black Mountains College in bysûnder opfallende lêzing wylst er op in ljedder stie. De lêzing waard ûnderbrutsen troch samar skoften opfold mei muzyk, mei stiltme, mei poezij en mei dûns.
Ed Kienholz en George Segal binne wichtige byldhouwers yn rûnten fan de konseptuele keunst.
Yn Nederlân hearre Marinus Boezem, Jan Dibbets en Ger van Elk ta de wichtichste fertsjintwurdigers fa konseptuele keunst en arte povera. Yn Belgje binne dat Marcel Broodthaers en de betide Danny Matthys.
Wichtige keunstners fan de konseptuele keunst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Art & Language
- Joseph Beuys
- Marcel Broodthaers
- Stanley Brouwn
- Daniel Buren
- Danny Drenth
- Jan Dibbets
- Marcel Duchamp
- Marlene Dumas
- Ger van Elk
- Gilbert and George
- Dan Graham
- J.C.J. van der Heyden
- Ray Johnson
- Ilya Kabakov
- Per Kirkeby
- Yves Klein
- Joseph Kosuth
- Sol LeWitt
- Danny Matthys
- Yoko Ono
- Dennis Oppenheim
- Arne Quinze
- Wim T. Schippers
- Wolf Vostell
- Christopher Williams
- David Woodard
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Webstee "De kunstkijker" oer konseptuele keunst
- Webstee "Thomas Dreher: Intermedia Art" oer konseptuele keunst
- "Thomas Dreher: Conceptual Art and Software Art: Notations, Algorithms and Codes"
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Conceptual art fan Wikimedia Commons. |