Springe nei ynhâld

Kertieren fan Fryslân

Ut Wikipedy
Kertieren fan Fryslân

De kertieren fan Fryslân foarmen in bestjoerlike yndieling (1579-1795) fan Fryslân.

De eardere goaen Eastergoa, Westergoa en Sânwâlden wienen de trije plattelânskertieren, ûnderferdield yn tritich (respektivelik alve, njoggen en tsien) gritenijen. It fjirde kertier wie in stêdekertier en bestie út de Fryske alve stêden.

Kertier Flagge Oantal Gritenijen/ stêden
Eastergoa alve Achtkarspelen, Dantumadiel, Ferwerderadiel, Idaarderadiel, Kollumerlân en Nijkrúslân, Ljouwerteradiel, East-Dongeradiel, Raarderhim, Smellingerlân, Tytsjerksteradiel en West-Dongeradiel
Westergoa njoggen Baarderadiel, Barradiel, Frjentsjerteradiel, Himmelumer Aldeferd, Hinnaarderadiel, It Bildt, Menameradiel, Wûnseradiel en Wymbritseradiel
Sânwâlden tsien Aenjewier, Doanjewerstâl, Gaasterlân, Haskerlân, Lemsterlân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Skoatterlân, Utingeradiel en Weststellingwerf
Stêden alve Boalsert, Dokkum, Frjentsjer, Harns, Hylpen, Drylts, Ljouwert, Sleat, Snits, Starum en Warkum