Karel de Keale
Karel de Keale (Frânsk: Charles le Chauve) (Frankfurt am Main, 13 juny 823 - Avrieux (Savoaye), 6 oktober 877) wie kening fan West-Frânsje, it westlik diel fan it Frankyske Ryk.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel de Keale waard berne yn Frankfurt oan de Main as jongste soan fan keizer Loadewyk de Fromme, de ienige út dy syn twadde houlik, mei Judith fan Beieren. By it Ferdrach fan Ferdun (14 febrewaris 843) erfde hy it westlike part fan it troch syn pake Karel de Grutte opboude Frankyske Ryk. Karels gebiet lei westlik fan de rivieren Skelde, Maas, Saône en Rhône. It waard omskreaun as West-Frânsje of West-Frankenlân. Dêrmei wurdt hy beskôge as de earste kening fan Frankryk, hoewol't Hugo Kapet faaks in gebrûkliker en bettere kar wêze soe, omdat der yn Karel syn tiid noch net echt sprake is fan in Frânske of Dútske nasjonale identiteit dy't de polityk bepaalt.
Karel hie syn erfenis net sûnder stjit of slach krigen. Syn healbruorren Loadewyk de Dútser en Lotarius I moasten nei de dea fan Loadewyk de Fromme yn 840 bestriden wurde. Yn 842 sluet hy mei Loadewyk de Dútser de Eed fan Straasburch tsjin Lotarius.
Yn 860 besocht Karel om 'e nocht de besittings fan de soan fan Lotarius, Karel fan Provence te feroverjen, mar waard ferslein. Karel krige nei de dea fan Lotarius syn opfolger, Lotarius II fan Loataringen, yn 870 (Ferdrach fan Meerssen) ek noch in diel fan dy syn Middenryk.
Op 25 desimber 875, nei de dea fan Lotarius syn âldste soan Loadewyk II fan Itaalje, dy't ek de keizerstitel hie, ferstoar, waard Karel e Keale troch paus Johannes VIII ta Roomsk keizer kroand en soe dat oant syn dea yn 877 bliuwe.
Karel de Keale troude yn 842 mei Ermentrudis fan Orléans en yn 870 mei Richildis, dochter fan Bivinus fan Metz, beiden út Frankyske huzen. Twa fan syn bern út it earste houlik oerlibben him: Loadewyk de Stammerder, dy't him opfolge, en Judith fan West-Frânsje.
Judith waard om krysttiid 861 yn Senlis skaakt troch de earste greve fan Flaanderen, Boudewyn I mei de Izeren Earm. Fermoedlik flechten se nei it Kastiel fan Rumbeke, letter fia Loataringen sels nei Rome. Hy boaske har in jier letter yn Auxerre, nei tuskenkomst fan de paus, en lei dêrmei de grûnslach fan it Greefskip Flaanderen.
Yn 864 furdige Karel it Edikt fan Pîtres út.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der waard wol beweard dat syn namme earder figuerlik en net letterlik brûkt waard, en dat er net iens keal wie, mar in soad hier hie. De oantsjutting "de Keale" kin bedoeld wêze as sa dat Karel ynearsten hast gjin lân tadield krige. "Keal" soe yn dat gefal ferwize kinne ta syn lânleazens, yn 'e tiid dat syn (heal)bruorren al foar in skoft ûnderkeningen wiene.
Houlik en bern
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karel boaske mei Ermentrudis, dochter fan Odo I, greve fan Orléans, yn 842. Hja ferstoar yn 869. Yn 870, boaske Karel mei Richildis fan de Provâns, dy't fan in aadlike famylje út Loataringen kaam.
Bern mei Ermentrudis:
- Judith (om 843 hinne–nei 866), boaske earst kening Æthelwulf fan Wesseks, dêrnei mei syn soan kening Æthelbald, en dêrnei mei Boudewyn I, greve fan Flaanderen
- Loadewyk de Stammerder (846–879)
- Karel it Bern (847–866)
- Lotarius (848–866), mûnts in 861, waard Abt fan Saint-Germain
- Karloman (849–876)
- Rotrudis (852–912), in non, kleasteroerste fan Saint-Radegunde
- Ermentrudis (854–877), in non, kleasteroerste fan Hasnon
- Hildegardis (berne 856, jong ferstoarn)
- Gisela (857–874)
- Godehilde (864–907)
Bern mei Richildis:
- Rotildis (871–929), boaske earst mei Hugo, greve fan Bourges en dêrnei mei Rogier, greve fan Maine.
- Drogo (872–873)
- Pepyn (873–874)
- in soan (berne en ferstoarn 875)
- Karel (876–877)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|