Jaffa
Jaffa (Arabysk: يافا :Jaffa, Hebriuwsk: Jafo) is in tige âlde havenstêd yn Israel en no in stedsdistrikt fan de gemeente Tel Aviv-Jaffa. Yn de Bibel wurdt it plak Joppe neamd. Jafa betsjut moai. Jaffa leit oan de Middellânske See.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jaffa is ien fan de âldste stêden fan de wrâld en wie tûzenen jierren in wichtige havenstêd; it is de âldste haven fan Palestina. Jaffa waard yn it ferline bewenne troch Filistinen. Neffens it boek Jona yn de Hebriuwske Bibel fear de profeet Jona út Joppe wei doe't er syn ferplichtingen besocht te ûntflechtsjen. Sederhout foar de timpel fan Salomo waard fia Joppe oanfierd.
Jaffa wurdt ek neamd op klaaitabletten dy't by Tel-el-Amarna fûn binne, en yn it ferhaal fan Andromeda út de Grykske mytology. Ek yn kristendom hie de stêd letter een wichtige rol.
Jaffa is fierders ek bekend wurden troch de Jaffa-sinesappels dy't oer de hiele warâld eksportearre wurde. Under oare fanwegen de opkomst fan de havens fan Haifa en Ashdod wurdt Jaffa net mear brûkt as frachthaven. Dêr lizze no fiskersboaten, wat jachten en rûnfeartboaten.
It tichteby lizzende Tel Aviv, oarspronlik mar in doarpke, is yn de rin fan de tiid in stik grutter en wichtiger wurden as Jaffa. Yn 1950 waard Jaffa opnomd yn de gemeente Tel Aviv-Jaffa.
Jaffa-poarte
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ien fan de âlde poarten fan Jeruzalem hjit de Jaffa-poarte. De poarte leit oan de westkant fan de âlde stêd dêr't ea de wei fan Jeruzalen nei Jaffa begûn. In haadstrjitte yn Jeruzalem dy't nei de poarte laat, hjit de Jaffostrjitte.
Berne yn Jaffa
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Ahmad Abu Laban (1946-2007), Egyptysk-Deenske imam
- Aboe Nidal (1937-2002), Palestynsk terrorist
- Itzhak Perlman (1945), Israelysk fioelist
- Haim Ramon (1950), Israelysk politikus en fakbûnsbestjoerder