Springe nei ynhâld

Jadeboezem

Ut Wikipedy
De Jadeboezem mei rjochts it skiereilan Butjadingen

De Jadeboezem (Dútsk: Jadebusen) is in 190 km² grutte see-earm yn de Noardsee foar de kust fan Dútslân. De Jadeboezem is in part fan de Waadsee. De namme komt fan de rivier de Jade dy't yn de boezum útmûnet.

De Jadeboezem is yn de Midsiuwen ûntstien troch in rige stoarmfloeden, dêr't de earste fan de Sint-Julianafloed út 1164 wie. De Jadeboezem krige yn 1725 troch bediking syn tsjintwurdige foarm. Yn 1856 waard de (marine)havenstêd Wilhelmshaven oan de Jadeboezem boud.

Middenyn de Jadeboezem stiet de fjoertoer Arngast op it plak dêr't earder in eilân lein hat.