Hearlikheid Fryslân
Hearlikheid Fryslân | |
---|---|
01524 - 1795 | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Ljouwert |
offisjele taal | Aldfrysk/Midfrysk Nedersaksysk Nederlânsk |
steatsfoarm | hearlikheid |
ûntstien út | Fryslân ûnder de Saksen |
opgien yn | Bataafske Republyk |
no diel fan | Fryslân |
Hearlikheid Fryslân is de beneaming dêr't it Westerlauwersk-Fryske gewest mei oantsjut wurdt yn it tiidrek tusken 1524 oant 1795. It ûntstie doe't keizer Karel V fan it Hillige Roomske Ryk de rjochten oer Fryslân krige en einige mei de oprjochting fan de Bataafske Republyk. Fryslân waard yn dy tiid regearre troch steedhâlders.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It Westerlauwerske Fryslân hie, lykas de rest fan de Fryske lannen yn de midsiuwen gjin lânshear yn de tiid dy't bekendstie as de Fryske Frijheid. Oan dy frijheid kaam in ein troch de oanboazjende tsierderijen tusken Skier en Fet, benammen doe't der machten om utens by behelle waarden. Keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk fan it Hûs Habsburch joech hartoch Albrecht fan Saksen Westerlauwersk Fryslân, Stellingwerf, Grins en de Ommelannen, Dithmarschen en Noard-Fryslân foar in liening fan $300.000 gûne yn lien út oan him. Hy koe lykwols allinnich Westerlauwersk Fryslân yn syn macht krije yn 1498.
Doe wie der foar it earst in lânshear oan de macht dêre. De steatsopbou waard yngeand feroare. De Saksers koene harren lykwols net yn Fryslân hanthavenje en it waard boppedat te djoer. Yn 1515 ferkocht Albrecht syn soan, Joaris mei it Burd de rjochten oan Karel V, pakesizzer fan keizer Maksimiliaan. Joaris liet in binde hierlingen, de Swarte Heap neamd, yn Fryslân efter dy't moardzjend en plonderjend troch it gewest raasde. Ek boer Pier Gerlofs Donia, bekend as Grutte Pier, wie it slachtoffer. Hy rjochte in legerke op en ferdreau de Swarte Heap út Fryslân wei. Hy krige de help fan hartoch Karel fan Gelre, dy't al foar in tal jierren yn kriich tangee wie mei it Hûs Habsburch en de Boergonjers.. Doe't Pier yn 1520 ferstoar, waard er troch Wijard Jelckama opfolge. Jelckama en de Geldersken waarden yn 1523 troch legers fan Karel V, ûnder lieding fan Georg Schenk fan Toutenburch ferslein. Jelckama waard yn Ljouwert ûnthalzge en Karel V waard yn 1524 as hear fan Fryslân erkend.
Skiednis fan Fryslân |
Skiednis fan Fryslân Fryslân yn de Midsiuwen Dieling nei de midsiuwen Hjoed |
It gewest waard doe oantsjut as in "algemiene hearlikheid" oftewol "Heerlykhied Fryslân". Schenk fan Toutenburch waard de steedhâlder út namme fan Karel V. Fryslân waard opnommen yn de Habsburchske Nederlannen en de Boergondyske Rykskrite. De Hearlikheid Fryslân wie fierders in alhiel selsstannich gebiet.
De Steaten fan Fryslân wienen gearstald út ôffurdigen fan de 30 gritenijen en fan de 11 stêden: Starum (1118), Harns (1234), Drylts (1268), Ljouwert (1285), Dokkum (1298), Boalsert (1455), Hylpen (1372), Frjentsjer (1374), Warkum (1399), Sleat (1426) en Snits (1456). Letter waarden yn de Steaten de gritenijen fertsjintwurdige yn trije plattelânskertieren Westergoa, Eastergoa en de Sânwâlden. De alve stêden waarden fertsjintwurdige yn in fjirde kertier. Karel V waard yn 1556 opfolge troch syn soan Filips II as hear fan Fryslân. Dêrmei kaam Fryslân ûnder it bestjoer fan de Spaanske Habsburgers. Under syn bestjoer soe it protestantisme oanboazje. Yn de snuorje fan de Reformaasje krigen de protestanten stadichoan de mearderheid yn de Steaten fan Fryslân. Yn 1566 sleat Fryslân him oan by de Nederlânske Opstân yn de striid tsjin Spanje. De katolike steedhâlder George fan Lalaing, greve fan Rennenberch, fan in Henegousk aadlik laach ôfkomstich, keas ynearsten de kant fan de protestanten, mar yn 1580 stapte er oer nei de Spaanske kant, itjinge letter troch protestantske skiedskriuwers as it Ferrie fan Rennenberch omskreaun waard. Rennenberch waard doe ôfset.
Yn 1580 waard it grutste diel fan Fryslân opnommen yn de Uny fan Utert. Fanwege de ynterne ferdieldheden waard Fryslân as fiifde yn rang, dus nei Utert, yn it ferbûn opnommen.
Fan 1580 ôf binne de steedhâlders altyd leden fan it Hûs Oranje-Nassau west. In feit dat de Oranjes letter brûkten as basis foar harren kleem op keningskip oer de Nederlannen, dat ek oer Fryslân. De Hollânske steedhâlders waarden lykwols net troch de Steaten fan Fryslân keazen en de takke fan de Oranje-Nassau's dy't Fryslân bestjoerden, waarden bekend as de Fryske Nassau's. Dêrtroch waard Ljouwert in wiere hofstêd. De politikus Karel Roarda, dy't in soad ynfloed yn de Fryske polityk hie, wie fan betinken om net ivich yn de Uny te bliuwen. Yn 1592 kaam er yn konflikt mei steedhâlder Willem Loadewyk oer de Hasselter kwestje, dêr't er it noarden fan Oerisel, allyk Drinte, Grins en de Ommelannen by Fryslân belûke woe. Willem Loadewyk wie der poer op tsjin en die krige lang om let syn gelyk.
Op 29 july 1585 stifte steedhâlder Willem Loadewyk yn Frjentsjer in universiteit foar (kalvinistyske) predikanten. Der waard foar Frjentsjer keazen sa't Ljouwert net te wichtich wurde soe. Yn 1645 waard de Fryske Admiraliteit fan Dokkum nei Harns ferpleatst.
Yn 1648 waard Fryslân net langer as hearlikheid sjoen en mei de Frede fan Münster opdoekt ta in echt gewest fan de Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen.
Yn 1747 waard de Fryske steedhâlder Willem Karel Hindrik Friso erfsteedhâlder fan alle gewesten fan de Republyk. Dêrtroch ferliet er Ljouwert en sette er him nei wenjen yn De Haach. Syn mem, regintesse Marijke Meu bleau oant har ferstjerren yn 1765 yn Ljouwert wenjen.
Yn 1795, nei de Bataafske Revolúsje waard Fryslân part fa de Bataafske Republyk. De Hearlikheid Fryslân hold doe offisjeel op te bestean. Fryslân waard in gewest fan de Bataafske Republyk oant 1798 doe't by de steatsfernijing it gewest Fryslân ek ophold te bestean. Westergoa, Eastergoa waard mei it gewest Stêd en Lân feriene ta it Departemint fan de Iems, wylst de Sânwâlden mei Drinte, Oerisel en in part fan Gelre part fan it departemint fan de Alde Isel waard. Yn 1813 kamen de âlde grinzen werom, mar waard Fryslân in provinsje fan it sintralistyske Feriene Keninkryk fan de Nederlannen.
Steedhâlders
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Foar it Hûs Habsburch:
- Floaris fan Egmont, greve fan Buren, 1515–1518
- Willem fan Roggendorf, 1518–1521
- Georg Schenk fan Toutenburch, 1521–1540
- Maksimiliaan fan Egmont, greve fan Buren, 1540–1548
- Jan fan Arenberch, 1559–1568
- Karel fan Brimeu, greve fan Megen, 1568–1572
- Gilles fan Barlaymont, baron fan Hierges, 1572–1574
- Caspar de Robles, 1574–1576
- George fan Lalaing, greve fan Rennenberch, 1576–1581 (ôfset yn 1580)
Foar Spanje:
- Francisco Verdugo, 1581–1594 (yn namme)
Foar de Steaten fan Fryslân:
- Willem fan Oranje, 1580–1584
- Willem Loadewyk, 1584–1620
- Ernst Kasimir, 1620–1632
- Hindrik Kasimir I, 1632–1640
- Willem Freark, 1640–1664
- Hindrik Kasimir II, 1664–1696
- Jehan Willem Friso, 1696–1711
- Willem Karel Hindrik Friso, 1711–1751 (waard erfsteedhâlder fan de Republyk as Willem IV yn 1747)
- Willem V, 1751–1795
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|