Fernão do Pó
Fernão do Pó (Portegal) wie in Portegeeske seefarder dy't om 1472 hinne Kameroen ûntduts en tal fan eilannen yn de Golf fan Guinee (ûnder oaren Bioko). Kameroen tanket har namme oan him. Yn 1472 besocht er dat lân en wie doe tige te sprekken oer de grutte grenaten (cameroes) dy't er dêr fûn. It eilân Bioko hjitte eartiids fan Fernando Pó/Fernando Póo nei syn Jeropeeske ûntdekker. Hy ferkende de West-Afrikaanske kust út namme fan kening Alfonso V fan Portegal.
It is witten dat er de kakao yn Gana yntrodusearre.
Oer him en syn libben is fierders net folle bekend. Hy krige in aadlike titel en lân fan de Portegeeske Kroan. Guon fan syn neiteam wenje noch op it foarâlderlik stee. Oaren emigrearren nei Kuba en de Feriene Steaten (FS). De famyljenamme is no dePoo wurden yn de FS.