Feanwâlden
Feanwâlden | ||
Skierstins | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Dantumadiel | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 3.605 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 13,46 km², wêrfan: - lân: 12,55 km² - wetter: 0,9 km² | |
Befolkingsticht. | 286 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' N 5° 59' E | |
Doarpsgebiet Feanwâlden (grien) yn 'e gemeente Dantumadiel | ||
Offisjele webside | ||
Doarpsbelang Feanwâlden-F'-wâl | ||
Kaart | ||
Feanwâlden is in doarp dat yn de gemeente Dantumadiel leit. Feanwâlden leit noardlik fan Noardburgum, noardeastlik fan Hurdegaryp, súdwestlik fan De Westerein en besuden De Falom. Feanwâlden hat 3.605 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners. De doarpskearn fan Feanwâlden leit benammen oan de Oastein, Haadstrjitte, Stinswei en Suderwei.
It buorskip Kûkherne (lyts diel) en in diel fan it doarp (sûnt 2011) Feanwâldsterwâl heart ek by Feanwâlden.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut archeologyske fynsten is dúdlik woarn dat der al yn de Stientiid minsklike aktiviteit wie yn de omkriten fan Feanwâlden. Der binne in soad pylkpunten, fjoerstienmateriaal ensfh. fûn.
Ierste skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feanwâlden is ûntstien út twa doarpen: Eslawâld (earste fermelding 1387) en Jehanneswâld (earste fermelding yn 1372). Beide doarpen leinen op in hege sânkop. Yn it lânskip binne noch inkele terpen sichtber dêr't út opmakke wurde kin dat der wat bewenning wie foardat begûn waard mei it oanlizzen fan diken. Doe't úteinlik yn de 11e iuw diken oanlein waarden, kaam it omlizzende lân mei heechfean en leechfean drûch te lizzen. Dat waard yn de iuwen dêrnei ôfgroeven.
Eslawâld en Jehanneswâld hienen elts in eigen tsjerke. De beide plakken binne nei alle gedachten groeid nei de bediking; Eslawâld grif as earste. Twa parochy's op lytse ôfstân (ûngefear in kilometer) fan elkoar wienen yn dy tiid net libbensfetber. Jehanneswâld sil in oerwicht krigen hawwe troch de bou fan de Skierstins om 1300 hinne. Dat is it ienige oerbleaune stienhûs fan Fryslân; in gebou is relatearre is oan de behearsking en beskerming fan in gebiet dat fan grut ekonomysk belang wie.
It kleaster Klaarkamp waard de wichtichste machtsfaktor yn Feanwâlden; al hielendal om't dy yn 1439 de Skierstins oankocht. Der binne oanwizings dat Eslawâld ynearsten ûnder kleaster Mariëngaarde foel en pas letter ûnder ynfloed fan Klaarkamp komd is. Der soe dus in soarte machtsstriid tusken de beide kleasters west hawwe kinne om grûn en turf. Eslawâld ferdwûn tusken 1450-1500 as selsstannige parochy. It sintrum fan Feanwâlden kaam te lizzen yn Jehanneswâld wylst it eardere Eslawâld (tsjintwurdich 'de Hoek') in úthoeke fan it doarp waard. De tsjerke fan Eslawâld stoartte begjin 17e iuw yn. Oant nei 1800 wienen der begraffenissen op it tsjerkhôf fan it eardere doarp. Yn 1875 waard de grûn fan it Alde Tsjerkhôf ferkocht oan partikulieren.
Sûnt begjin 16e iuw waarden beide doarpsnammen gearfoege ta de mienskiplike namme 'Feenwold', letter Feanwâlden. It is de ienige plaknamme dy't einiget op –wâlden ynstee fan –wâld(e). Dat meartal hat te krijen mei it feit dat it ûntstien is út twa doarpen.
Lykas earder skreaun wie de macht fan it katolike kleaster tige grut yn Feanwâlden. De leauwensoertsjûging fan katolyk nei protestant (reformaasje) sil dan ek grutte gefolgen hân hawwe foar it doarp. Yn geskriften út 1549 is trouwens beskreaun dat der in 'ketterske' pastoar yn Feanwâlden wie. De lêste katolike pastoar waard fermeld yn 1580. Yn dat jier waarden alle roomske besittings konfiskearre, wêrûnder de úthof Skierstins yn Feanwâlden (dy kaam fan 1609-1916 yn hannen fan partikulieren). It lânbesit fan de kleasters waard by opbod ferkocht.
Ut folkstellingen út 1749 en 1829 kin in goede ynventarisaasje makke wurde fan de ferskillende beroppen yn Feanwâlden. Dêrút falt op te meitsjen dat it persintaazje arbeiders (ûngefear 45%) itselde bleaun is. Dêrneist is it oantal fan de boeren en feanbazen yn de tuskentiid bot sakke, wylst it oantal middenstanders en skippers/fiskers krekt mear waard. Ek docht út de folkstelling bliken dat yn 1829 goed 60% fan de befolking yn Feanwâlden berne is en dat in soad ôfkomstich binne út de súdlike buordoarpen Burgum en Hurdegaryp. Mear as 90% fan de doarpelingen is yn dat jiertal protestantsk.
Namme
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De namme "Feanwâlden" is de iennige plaknamme mei in 'n' efter "wâlde". It plak is earder ûntstien út de plakken Johanneswâld en Eslawâld. Jehanneswâld lei wêr't de Jehannestsjerke en de Skierstins no steane en Eslawâld moat krekt benoarden it hjoeddeiske Feanwâldsterwâl lein hawwe.
De Haven
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De ûntginningsaktiviteit en turfwinning yn de midsiuwen wie oanlieding om fearten en sleaten oan te lizzen yn de rjochting fan Feanwâlden. Dy stienen yn ferbining mei de noardliker lizzende wetters, bygelyks de hjoeddeiske Lauwersmar, of mear nei it suden de Burgumer Mar en yn earder tiden oer dy wetters ek mei it kleaster Klaarkamp. De ienige feart dy't no noch befarber is, is de útgroeven Feanwâldster Feart.
Oan beide kanten fan de feart (de strjitten de Finnen en de Haven) wie eartiids in soad aktiviteit en stienen in soad huzen. Boppedat wie der in helling en yn de haven leinen skûtsjes, tsjalken en oare binnenfeartskippen, dy't fracht ferfierden nei oare plakken. Der waard strie en reid, mar benammen turf ferfierd. Sûnt ûngefear 1900 ek sûkerei. Nei de Twadde Wrâldoarloch rekken de havens geandewei har funksje kwyt. Tsjintwurdich lizze der allinnich noch plezierboatsjes.
Stasjon, trein en tram
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1866 krige Feanwâlden in treinstasjon oan it spoar Grins-Ljouwert. It jier dêrop waard foar it stasjon oer it sjike stasjonskofjehûs ‘’villa Schoonoord’’ boud. Dit bleau bestean oant 1947. It treinstasjon is meardere kearen ferboud en útwreide. Om de hege ûnderhâldskosten waard yn 1972-1973 it âlde stasjonsgebou ferfongen troch in moderner en geryfliker stasjonsgebou.
Yn 1880 kwam op inisjatyf fan de NTM de earste tramrûte fan Fryslân klear: Feanwâlden-Dokkum. De tramraljes waarden yn Feanwâlden oanlein oer de tsjintwurdige Stinswei, Haadstrjitte en Eastein. In herberch waard omboud ta in mânsk stasjon, dêr't in hotel en it regionale kantoar fan de NTM yn sieten. Tusken it treinspoar en it tramstasjon lei in ranzjearstasjon foar de trams. Yn 1881 waard in twadde tramspoar Feanwâlden-Burgum oanlein. Ek waarden meardere tramraljes oanlein foar it treinstasjon, sadat beide ferfiermiddels goed op inoar oan slueten. Earst wie op beide linen in hynstetram oanwêzich, nei 1913 (Feanwâlden-Drachten) en 1926 (Feanwâlden-Dokkum) waarden dy ferfongen troch de stoomtram. Noch wer letter kaam de motortram. Troch de hieltiten effisjinter wurdende bussen koe de tram de konkurrinsje net mear oan. Op 5 oktober 1947 ried de lêste tram út Feanwâlden. It eartiidske tramstasjon wie troch de eigener, de famylje Popma, omboud ta restaurant. Yn 1969 moast it gebou plakmeitsje foar de Rûnwei en is doe ôfbrutsen. In nij restaurant mei deselde namme waard inkele tsientallen meters fierderop boud.
Bûterfabryk Freia en feemerk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Wikipedy hat ek in side Molkfabryk Freia.
Suvelpionier Mindert Bokma de Boer fêstige him yn 1874 te Feanwâlden. Hy kaam te wenjen yn de toch him sels boude grutte filla "El Dorado" oan de Suderwei. Yn de jierren dêrnei boude hy it bûterfabryk Freia efter syn hûs, dat iepene waard yn 1879. Dat wie it earste bûterfabryk yn Fryslân. Nei in dreech begjin ferkocht Bokma de Boer it fabryk al nei trije jier. Yn de desennia dêrnei waard it fabryk tige winstjouwend. Ek de âlde feemerk fan Feanwâlden profitearre fan it fabryk. Ut sifers docht bliken dat de merk nei 1880 hurd groeide. Op de hjerstmerk fan topjier 1886 waarden bygelyks yn totaal 2250 stiks fee ferhannele. De merk hâlde op te bestean yn 1921. De namme fan de feemerk libbet tsjintwurdich troch yn it koartlyn boude winkelsintrum "de Koemarkt", dat op itselde steed stiet as dêr't de merk hâlden waard.
De fabrykspiip fan Freia stuts mei syn 50 meter boppe it hiele doarp út. It joech wurkgelegenheid oan maksimaal sechtich man. Yn 1970 gie it fabryk ticht. Der hawwe lang plannen west om der in museum fan te meitsjen, mar yn 1991 waard it gedieltlik oerbrocht nei it Iepenloftmuseum Arnhim. Yn Feanwâlden stie it fabryk op it plak dêr't no de Freiahôf is.
Wettertoer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1925 waard opdracht jûn ta de bou fan in wettertoer, oan de tsjintwurdige Wettertoerwei. It wetter waard dêr oppompt, suvere en troch in parslieding transportearre nei Ljouwert. De masines wurken op stoomkrêft en doe't it stoomtiidrek foarby wie, rekke de toer syn funksje kwyt. Yn 1957 waard de wettertoer dêrom ôfbrutsen.
De Sanjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krekt bûten Feanwâlden lei eartiids in iepenloftswimbad: de Nije Sanjes. Dat bestie út twa baden. It waard oanlein yn it begjin fan de twadde helte fan de tweintichste iuw. Om 1990 hinne is it swimbad sloopt.
Op itselde plak as dêr't it eardere swimbad stie, is nei 1998 on boarterspark komd, oprjochte troch de hear Visbeek út Rinsumageast. Dat is it grutste boarterspark fan Fryslân en hjit SanjesFertier. In pear jier letter is dêrneist noch in amusemintspark, Sanjesplezier, iepene. Offisjeel falt de Sanjes ûnder de Westereen, mar himelsbreed leit it tichter by Feanwâlden. It âlde swimbad foel wol altiten ûnder Feanwâlden.
Nijbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oant de 19e iuw bestie it doarp benammen út in lintbebouwing fan de Hoeke, Achterwei, Haadstrjitte en it Eastein. Fierders wie der noch wat bewenning by de Haven, it stasjon en oan de súdlik lizzende doarpsgrins de Swette. Yn de 20e iuw is it oantal wenten yn Feanwâlden hurd groeid.
- Yn de jierren ’20 en ’30 waard it Bûtefjild oanmakke. Foarhinne wie dit sompich gebiet. Troch it oanmeitsjen kaam der hûnderten hektaren greide foar tsientallen boeren by.
- Yn 1934 waarden de Falkenawei en Nijewei oanlein.
- Yn de jierren ’50 waarden strjitten oanlein besuden de buorren. De strjitten waarden ûnder oare ferneamd nei yn de Twadde Wrâldoarloch fallen doarpsgenoaten lykas Johannes Prins.
- Om 1967 waard de Fûgelbuert foltôge yn it easten fan Feanwâlden. Dat binne rychjeshuzen.
- Yn de jierren ’70 waard de beammebuert yn it noarden fan Feanwâlden boud. Dat binne benammen rychjeshuzen.
- Fan de jierren '70 ôf waard begûn mei de oanlis en ynrjochting fan it yndustryterrein fan Feanwâlden yn it suden. Yn de fjouwer desennia dêrnei is it gebiet foar it meastepart folboud.
- Yn 1982 waard troch prins Bernhard it Tichelkamp yn it westen fan it doarp iepene. Dat is in wyk mei frijsteande huzen. De strjitten krigen nammen fan loftfeartpioniers. Tagelyk waard de sporthal Hoantserid mei byhearrende sportfjilden iepene oan de eastkant fan it doarp.
- Ein jierren ’90 waard in nijbouwyk yn it noardwesten boud. Dy wurdt yn de folksmûle it nije plan neamd. Dêr steane frijsteande en twa-ûnder-ien-kape wenten.
Feanwâlden hat altyd yn sawol de gritenij as de gemeente Dantumadiel lein.
Doarpswapen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Beskriuwing: Yn goud in toer fan keel, dekt fan azuer, mei in tichte poarte en fiif finsters, yn de boppeste skyldhoeken mei in elzeblêd fan sinopel; en in skylfoet skeake fan sulver en sabel fan fiif rigen fan sân balken.
It wapen is basearre op de namme fan it doarp. De skyldfoet ferwiist nei it fean (lykas eartiids yn de eardere wapens fan de feanpolders). De stins stiet foar de bekende Skierstins. De elzeblêden stean foar de Fryske Wâlden yn dit diel fan Eastergoa yn de oergong nei feangebieten oan de noardkant fan it doarp. Foar it oantal fan twa is keazen, omt Feanwâlden gearstald is út de eardere doarpkes Eslawâld en Johanneswâld. It gehiel yn de kleuren fan it gemeentewapen.
Mienskip
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It doarpshûs hjit 'De Mienskip'. It multyfunksjoneel sintrum yn Feanwâlden wie in stapke tichterby kaam troch de oankeap fan de âlde drogisterij yn de Haadstrjitte. Der wurdt al jierren neitocht oer de bou fan in multyfunksjoneel sintrum, mar yn 2022 is dat noch jimmeroan sa.[3] It doarpskrantsje Doarpskompas fan de Feriening Doarpsbelangen wurdt yn eigen behear fersoarge en besoarge yn Feanwâlden, Feanwâldsterwâl, Bûtefjild en Kûkherne.
Tsjerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Feanwâlden hat yn 2009 fjouwer tsjerkegenoatskippen (PKN, Menisten, Kristlik Grifformearden en Ald Grifformearden) en fiif tsjerkegebouwen.
Dit tsjerkegebou waard oant foar koart brûkt troch de Herfoarme Gemeente. Resint is de gemeente oansluten by de PKN, wêrby't de namme fan de tsjerke feroare is yn Jehannestsjerke. De takomst fan de tsjerke is ûnwis omdat der twa gemeentes yn Feanwâlden oansluten binne by de PKN en dat tsjerkegebou te lyts is foar beide gemeentes.
De tsjerke is foltôge yn 1648 sa stiet op de toer te lêzen. Der is ek in âlde Steatebibel út dy tiid. Pas nei hûndert jier krige de gemeente syn eigen dûmny, dêrfoar wie der sprake fan ‘’dielde’’ predikanten mei de omlizzende doarpen. De tsjerke hat in sealtektoer dy't yn de tsjerke boud is mei dêrop in fergulde waarhoanne. Opmerklik is dat de drompel ûnder de tagongsdoar fan de tsjerke in Roomske alterstien west hat. De klokken yn de toer binne út 1715 en it oerwurk út 1798. In balustrade-oargel kaam klear yn 1890 doe't ek de preekstoel restaurearre waard en ferpleatst waard fan de sydkant nei foaren. Der binne ek antike kroanluchters, jûnsmielsulver, doopbekken en tekstbuorden yn de tsjerke. Yn 1924 wie der in driigend tekoart fan sitplakken wêrtroch't keazen waard om in kreake te bouwen. Resintere grutte restauraasjes wienen yn 1971, 1991 en 2004-2005. Fan binnen is it ynterieur fan de tsjerke no frij modern en it oarspronklike karakter is dúdliker oan de bûtekant te sjen.
De tsjerke hat ek in pastorij dy't op inkele tsjientallen meters stiet. Wannear't dy boud is, is ûnbekend, grif om 1780. It gebou hat in grutte tún en wurdt noch altiten brûkt as pastorij.
Dit tsjerkegebou waard oant foar koart troch de Grifformearde gemeente fan Feanwâlden brûkt. Resint is de gemeente oansluten by de PKN wêrby't de namme feroare is yn Swettetsjerke). De takomst fan dy tsjerke is ûnwis omdat de PKN gemeente fan Feanwâlden twa tsjerkegebouwen hat en dy tsjerke oan restauraasje ta is.
It pân waard boud yn 1871. Dêrfoar kamen de grifformearden gear yn Burgum. De pastorij waard njonken de tsjerke boud en hat dy funksje no noch. It grutter wurden fan de gemeente makket útwreiding fan it pân needsaak; dat waard yn 1922-1923 realisearre. Tagelyk krige it gebou in klokketoer. De lêste renovaasje wie yn 1954.
Meniste Tsjerke
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op 10 septimber 1609 krige Michiel Saeckes út Feanwâlden in fisioen. Hy krige in soad bekendheid en troch him is nei alle gedachten in menistegemeente yn Feanwâlden ûntstien. Al yn 1691 waard melding makke fan in menistegemeente yn Feanwâlden. Dy hie syn skûltsjerke yn Feanwâldsterwâl, yn in gebou dat no omboud is ta wenning. Yn 1865/1866 lieten de dopersken in tsjerke en pastorije sette oan de tsjintwurdige Suderwei, dêr't de tsjerke no noch stiet. Yn 1895 kaam der in oargel yn. Yn 1973 en 1997 hawwe der restauraasjes west.
De Kristlik Grifformearde Tsjerkegemeente fan Feanwâlden waard grut ûnder lieding fan doarpsgenoat Hindrik Bijlsma. Men tsjerke earst bûten it doarp, mar nei in skoftke kaam men gear yn de kapperssaak fan Bijlsma dêr't gastprekkers ûntfongen waarden. Dy romte waard al rillegau te lyts en neist de wenning fan Bijlsma waard in beskieden tsjerkegebou realisearre (no oan de Boargemaster Faberwei). Dy moast al gau útwreide wurde. De gemeenteleden waarden Bijlianen neamd, nei Hindrik Bijlsma. Yn 1930 sluet dy tsjerke fan Feanwâlden him oan by de Kristlik Grifformearde Tsjerke. Mar yn 1954 bruts de tsjerkerie wer mei dat tsjerkegenoatskip. In diel fan de gemeente folge de tsjerkerie, wylst in oar part fan de leauwigen him wer oanslute woe by de Kristlik Grifformearde Tsjerke fan Nederlân. Dy twadde groep kaam gear y it eardere hotel Schoonoord, foar it stasjon oer. Doe't it oantal gemeenteleden him sterk útwreide waard it eardere hotel opkocht en ferboud ta Kristlik Grifformearde Tsjerke mei pastorij.
Yn 1954 wie der in skuorring yn de Kristlik Grifformearde Gemeente fan Feanwâlden. De tsjerkerie en har folgelingen brutsen mei dat Tsjerkegenoatskip en neamden har Kristlik Grifformearde Tsjerke Bûten Ferbân. De tsjerkestjinsten bleaunen yn it Bijlsma tsjerkje oan de Boargemaster Faberwei. Yn 1962 sluet de gemeente him oan by it Ald-Grifformearde Tsjerkegenoatskip. Yn de doarpsmûle wurdt it 'de swarte kousetsjerke' neamd. De lytse gemeente telt ûngefear 70 leden. Leden komme út de wide omkriten nei dy tsjerke, mei om't it de ienige tsjerke is yn it noarden fan Nederlân dy't oansluten is by it Ald-Grifformearde Tsjerkegenoatskip.
Skoallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2009 hat Feanwâlden twa basisskoallen. De kristlike basisskoalle de Frissel mei ± 300 learlingen en de iepenbiere basisskoalle dr.'Theun de Vriesskoalle mei ± 150 learlingen.
Iepenbier ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It âldste bekende skoalgebou fan Feanwâlden kaam yn 1778 klear. It bestie út in skoallokaal en skoalhûs dat grinze oan it tsjerkhôf fan de herfoarme tsjerke. It gebou is resint sloopt wylst it skoalhûs noch bestiet. It hat noch in ynmitsele betinkingsstien. Yn 1892 ferlear de skoalle syn funksje en waard it in wenning. Troch romtegebrek waard yn 1892 in nije skoalle boud oan de Feintensleane. Dêrneist waard it skoalhûs setten. Beide gebouwen ferlearen harren oarspronklike funksje yn 1954. Yn dat jier ferhuze de iepenbiere skoalle fan Feanwâlden nei in nij gebou oan de Johannes Prinsstrjite. Dêr sit de skoalle yn 2010 noch. Sûnt 1979 hjit dy skoalle de 'dr. Theun de Vriesskoalle', ferneamd nei Theun de Vries, in ferneamd skriuwer. It âlde gebou oan de Feintensleane waard letter omboud en is noch brûkt as badhûs en gymnastyklokaal. Letter is it noch brûkt as ynloopsintrum, pjutteboartersplak en jeugdsoas. Yn 2009 is it gebou sloopt en it plan is om it op te nimmen yn it winkelsintrum. De eardere skoalmasterswente der njonken waard ein jierren ’60 ôfbrutsen en op it stee stiet no in moadehûs.
kristlik ûnderwiis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1869/1870 waard in kristlike skoalle mei in skoalhûs setten oan de Swette. Dat wie ien fan de earste kristlike basisskoallegebouwen fan Fryslân. Dat die tsjinst oant 1909, doe't de skoalle ferhuze nei in nij gebou efter de grifformearde tsjerke. Dat pân sluet yn 1960 en krige in oare funksje. Yn 1930 waard in twadde kristlike skoalle boud oan de Nijewei. De learlingen fan de oare kristlike skoalle kamen der tusken 1958-1960 by. Nei meardere útwreidings waard de skoalle te lyts. Der waard besluten ta it bouwen fan in twadde kristlike skoalle by de Haven. De skoalle oan de Nijewei krige de namme 'it Beaken' en dy oan de Haven de Paadwiizer. Ein jierren '90 binne beide skoallen op it grûngebiet fan lêstneamde fusearre ta 'De Frissel'. Yn it gebou oan de Nijewei sit no in sportskoalle.
Ferienings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Autocrossteam
- Excelsior - brassband
- Fuotbalferiening Feanwâlden
- Fûgelwacht Feanwâlden en omkriten
- Gymnastsykferiening Feanwâlden
- It Kompas - dowen
- Kuorbalferiening Feanwâlden
- Motorklup
- Volleybalferiening S.C. Feanwâlden
Rêsthuzen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn Feanwâlden hawwe sûnt de jierren '20 ferskate rêsthuzen stien. De earste fersoargingstehuzen fan it doarp binne ûntstien troch de stichting Talma Rustoord. Dy stichting sette him yn foar de âldereinfersoarging. Earst waarden filla's opkocht foar âldereinopfang: Villa de Clerq (yn 1898 boud as wenhûs foar de Amsterdamse bankier Pieter de Clerq) en Filla Van Kleffens (fan om 1880-1920 in notariswenning). Oan de Stinswei waard yn 1930 in opkocht hearehûs omboud ta rêsthûs Talmahûs, foar it ferplegen fan langduorjende siken en ynfaliden. It gebou baarnde op 5 febrewaris 1958 oan de grûn ta ôf. Twa pasjinten kamen dêrby om.
De bewenners fan de Talma rêstoarden waarden yn 1977 ferhuze nei it nije soarchsintrum Talma Rêstoard (no Talma Hoeve), oan de noardkant fan Feanwâlden.
Yn 1967 waard foar demintearjende âlderein in oar rêsthûs iepene: Talmahûs.
Fierders stiet der noch it senioarekompleks de Swanneblom.
Winkelsintrum
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 2006 binne der plannen foar it bouwen fan winkelsintrum de Komerk yn it sintrum fan Feanwâlden. Yn 2009 is it foar in part klear. It leit yn de bedoeling om alle winkels yn Feanwâlden dêr ûnder te bringen.
Befolkingsferrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1989 | 1994 | 2000 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 1.739 | 1.736 | 1.861 | 2.252 | 2.581 | 3.710 | 3.656 | 4.003 |
Jier | 2005 | 2010 | 2015 | 2020 | ||||
Ynwenners | 3.753 | 3.614 | 3.543 | 3.612 |
Persoanen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Theun de Vries, skriuwer is hjir hikke en tein. Hy publisearre syn proaza yn it Nederlânsk, mar foar poëzij brûkte er it Frysk. Der is wol proaza fan him yn Frysk oerset. De roman Stiefmoeder aarde/Stiefmem ierde is troch Jan de Jong, Snits, yn it Frysk oerset.
- Douwe Kootstra, skriuwer.
- Bertus Mulder, steatelid en deputearre fan Fryslân (PvdA).
- Bert Looper, direkteur Tresoar.
- Arie Aalberts, politikus.
- Elske de Walle, sjongster, hikke en tein yn Feanwâlden.
- Femke de Walle, presintatrise, hikke en tein yn Feanwâlden.
- Theun Plantinga, akteur en sjonger, berne yn Feanwâlden.
- Durk van der Ploeg, skriuwer.
- Mindert Bokma de Boer, suvelpionier
- Pieter de Clerq, bankier, wenne hjir.
- Thijs Feenstra, politikus.
- Trijntje Jansma-Boskma, âldste Nederlanner, wenne yn Feanwâldsterwâl.
- Willem den Toom, teolooch, wenne hjir.
- Gerhard Vlieger, kampioen fierjeppen.
- De muzykband De Kast kaam út Feanwâlden.
Ynfrastruktuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tagongswegen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Iuwenlang wie de wichtichste ferbining fan Feanwâlden it eastlik lizzende kleasterpaad dat no fytspaad is.
Yn 1852 waard in ferhurde wei fan Dokkum-Quatrebras oanlein. Ek Feanwâlden waard dêryn opnomd wêrnei't de Haadstrjitte en it Eastein ferhurde waarden. De tsjintwurdige Stinswei en de Suderwei binne yn dy tiid oanlein. Pas yn 1971 kaam de rûnwei ree, dy't de sterk tanimmende ferkearsdrokte troch it sintrum fan it doarp ûntlêste moast.
Yn 2014 waard in begjin makke mei de oanlis fan de Sintrale As. Dy waard oanlein om de berikberens fan it noarden fan Fryslân te fergrutsjen. Dy snelwei rint by Feanwâlden lâns en foarmet sa in twadde ringwei, dy't net fier fan de besteande rûnwei te lizzen komme sil.
Strjitten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Alle strjitten yn Feanwâlden.
- De Lysterstrjitte yn Feanwâlden kaam yn jannewaris 2005 folop yn it nijs troch in buorre-ynsidint.
Gebouwen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Midden yn it doarp stiet de ienige oerbleaune stiennen ferdigeningstoer yn Fryslân: de Skierstins út 1300.
- De eardere Herfoarme Tsjerke fan 1648.
Sjoch ek
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dantumadiel | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Broeksterwâld • Damwâld • Driezum • De Falom • Feanwâlden • Feanwâldsterwâl (foar in part) • Rinsumageast • Readtsjerk • Sibrandahûs • Wâlterswâld • De Westereen | ||
Buorskippen: Kûkherne (foar in part) • Eastwâld | ||
Eardere doarpen: Dantumawâld • Ikkerwâld • Moarrewâld | ||
· · |