Ekspeditus
Ekspeditus | ||
hillige | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | ûnbekend | |
bertedatum | ûnbekend | |
berteplak | ûnbekend | |
stjerdatum | ± 303 | |
stjerplak | Melitene (Armeenje) | |
etnisiteit | Armeensk | |
wurkpaad | ||
berop | soldaat | |
hillichferklearring | ||
fereare troch | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
hjeldei | 19 april (R.-K.) | |
attributen | krús, raaf, martlerstûke | |
patroan fan | seelju, studinten en eksamenkandidaten foar it heljen fan in rydbewiis |
Ekspeditus (ek Elpidius fan Melitene', ferstoarn ± 303) is in roomske hillige en wie in romeinsk ofsier yn it doedestiidske Armeenje. Yn april 303 waard Ekspeditus yn Melitene (tsjintwurdich Malatya yn Turkije) tegearre mei fiif oare martelders om it libben brocht om't er him ta it kristendom bekeard hie. De hillige waard oanroppen foar saken dy't gjin fierder útstel ferneare koene en syn feestdei is op 19 april.[1]
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oer Ekspeditus is net in soad bekend. Hy soe tagelyk mei teminsten fiif oare Romeinske soldaten (Rufus, Gaius, Galatas, Aristonis en Hermogenes) yn de tiid fan de kristenferfolgens ûnder Diokletianus yn Melitene ûnthalze wêze. As er oan it begjin fan de 4e iuw dêr stasjonearre wie, hat er nei alle gedachten lid west fan Legio XII Fulminata.
Fan in kultus yn de ier-kristlike tiid of yn de midsiuwen is neat bekend. De earste oanwizing fan ferearing datearret út de twadde helte fan de 17e iuw. Syn namme wurdt efkes neamd yn 1675 yn de Acta sanctorum foar april. Lykwols, neffens de Flaamske jezuïet Hippolyte Delehaye, is de namme Ekspeditus in gefal fan it ferkeard oernimmen fan de namme Elpidius.
Oarspronklik waard de hillige oanroppen foar driuwende saken. Letter waard er ek beskermhillige fan seelju, studinten en eksamenkandidaten foar it rydbewiis. Ek wurdt de hillige oproppen foar súkses yn rjochtsaken.
Benammen yn Itaalje, Frankryk en guon gebieten yn Dútslân waard Ekspeditus yn de 19e iuw in populêre hillige. Mei de skinking fan in byld fan Ekspeditus oan de doe nije parochytsjerke fan Lemiers troch de ynwenners fan Aken, ûntstie der yn Súd-Limboarch ek in plak dêr't Ekpeditus fereare waard, it iennige plak yn Nederlân dêr't Ekspeditus in bepaalde foarm fan ferearing kriget.[2]
Leginde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Neffens de tradysje wie Ekspeditus in Romeinsk ofsier yn Armeenje, dy't him ta it kristendom bekearde en yn 303 yn de tiid fan de ferfolgings fan keizer Diokletianus ûnthalze waard. Op de dei dat Ekspeditus it beslút naam om kristen te wurden naam de duvel de foarm fan in raven of krie (of slange) oan, dy't Ekspeditus hiet om de bekearing oant de folgjende dei út te stellen. Ekspeditus stampe lykwols op de fûgel en deade it bist mei de wurden "Ik sil hjoed in kristen wurde".
Oarsprong
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ekspeditus waard al foar 1781 opnomd yn de martyrologieën fan Itaalje. Dêr bestie in tradysje dat Ekspeditus' help frege wurde koe om drege rjochtssaken te regeljen. Ekspeditus wurdt yn Jeropa fereare, mar namste mear yn Latynsk-Amerika. Yn Brasylje yn São Paulo wurde op 19 april grutte festiviteiten organisearre, dy't in soad folk mei somtiden wol hûnderttûzenen minsken lûke.
Oer de oarsprong fan de kultus fan Ekspeditus binne in soad ferhalen bekend. Guon wolle hawwe dat de ferearing begûn mei de komst fan in pakket mei reliken of stânbylden fan ûnbekende hilligen. Op it pakket stie it wurd expedite, itjinge sizze woe dat der haast mei makke wurde moast. De ûntfangers giene der lykwols fan út dat de bylden en reliken fan in hillige mei de namme Ekspeditus wiene en sa begûn de ferearing. In soartgelyk ferhaal spile him yn 1781 yn Frankryk ôf. Yn in kleaster yn Parys waard in kiste levere mei de reliken fan in hillige, dy't eartiids yn de katakomben fan Denfert-Rochereau begroeven lei. De ôfstjoerders hiene it Frânske wurd expédit op de kiste skreaun om der wis fan te wêzen dat de kiste mei faasje ôflevere waard. Mar de nonnen tochten dat expédit de namme wie fan in martler en hja begûnen te bidden om syn foarspraak. Doe't ien fan dy gebeden ek nochris ferheard waard, rekke de hillige populêr yn hiel Frankryk en sadwaande ek yn oare katolike lannen.
In oare ferzje fan it ferhaal spile him ôf yn New Orleans, Louisiana, dat doedestiids in grutte ynfloed ûndergyng fan de katolike Frânske kultuer. It ferslach skriuwt dat de Us-Leaffrou fan de Guadalupe-kapel yn New Orleans in grutte levering fan ferskate hilligen krige en dat op ien fan de kisten in beskriuwing fan de hillige ûntbriek. Wol stie it wurd expédit op de kiste en dus tochten se dat dat de namme fan de hillige wêze moast.
Réunion
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Op it Frânske eilân Réunion wurdt Ekspeditus op in hiel soad plakken fereare. It ûntstean fan syn ferearing dêr folget it foar Ekspeditus typyske oarsprongsferhaal: in pakket mei it wurd expédit dat besoarge waard as in bydrage om de fromme deugden fan de minsken oan te trunen.
Rûnom op it eilân steane skrinen oan 'e kant fan de wei en op krusings, somtiden sa lyts as in doaze mei in byldsje fan de hillige, somtiden in kapel mei stânbylden, kearsen en blommen. Yn alle gefallen wurde de alters yn gleonreade kleuren skildere. Lykas wênst binne der ek eks-voto's, dy't Ekspeditus tanksizze foar syn foarspraak of geunsten.
Sily
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ek yn Sily is Ekspeditus in tige populêre hillige woarn. De kultus dêr begûn doe't in frou in ôfbyld fan San Expedito, sa't er yn it Spaansk hjit, meinaam nei Viña del Mar. Dy frou frege oan inkele preesters om har dêr te helpen mei it bouwen fan in lytse tsjerke foar de hillige, mar de autoriteiten wiisden har idee ynearsten ôf. Nei't de preesters en de frou de help ynrôpen fan Ekspeditus krigen se tastimming om yn minder as njoggen dagen in tsjerkje te bouwen. It Santuario San Expedito yn Reñaca yn Viña del Mar is tsjintwurdich simmerdeis in drokbesocht beafeartsplak.
Ikoanografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ekspeditus wurdt yn de keunst as in jonge Romeinske ofsier foarsteld. Yn syn hân hâldt er in krús mei it wurd hodie, (Latynsk foar 'hjoed'). De soldaat stiet mei in foet op in raven of krie, de snaffel fan de fûgel hâldt in spreukbân fêst mei it wurd cras (Latynsk foar 'moarn').
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Expeditus
|