Dream Walkin' (liet)
Dream Walkin’ | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Toby Keith | |
album | Dream Walkin' | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | countrymuzyk | |
útbrocht | jannewaris 1998 | |
opnommen | 1997 | |
doer | 3:56 | |
label | Mercury Records | |
skriuwer | Toby Keith en Chuck Cannon | |
komponist | Toby Keith en Chuck Cannon | |
produsint | James Stroud en Toby Keith | |
resultaten | ||
hitlisten | nû. 3 yn Kanada nû. 5 yn de Feriene Steaten |
Dream Walkin’ is in liet fan 'e Amerikaanske sjonger Toby Keith. It heart ta it sjenre fan 'e countrymuzyk.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dream Walkin’ waard skreaun en komponearre troch Keith yn gearwurking mei lietsjeskriuwer Chuck Cannon, en produsearre troch Keith en James Stroud foar platemaatskippij Mercury Records. De byhearrende fideoklip waard regissearre troch Michael Salomon. It liet waard yn jannewaris 1998 útbrocht as de trêde en foarlêste single fan it album Dream Walkin'. (De oare singles fan dat album wiene We Were in Love en I'm So Happy I Can't Stop Crying, beide útbrocht yn 1997, en Double Wide Paradise, dat yn juny 1998 ferskynde.)
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dream Walkin’, dat safolle betsjut as "yn dreamelân omrinne", hat in doer fan 3:56 minuten en is skreaun yn it ik-perspektyf. De sjonger fertelt oer in onenightstand dy't er hân hat. Doe't er de oare moarns wekker waard, wie syn bêdpartner al fuort, mar se hie in giele roas yn in flesse op syn nachtkastke efterlitten mei in papierke derby dêr't se yn lippestift op skreaun hie dat se it tige nei 't sin hân hie. Hy wit fierders neat fan har, sels har namme net, en kin har dus net weromfine. No besiket se him inkeld noch elke nacht yn syn dreamen en dêrom wol er net mear wekker wurde, mar draait er him nochris om.
Hitlisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Feriene Steaten bleau Dream Walkin’ op it fyfde plak yn 'e countryhitlisten stykjen, mar yn Kanada berikte it nûmer it trêde plak. Yn Billboard, it toanoanjaande tydskrift fan 'e Amerikaanske muzykyndustry, skreau resinsinte Deborah Evans Price dat it liet "in sterke meldij" hie, wylst se de liettekst as "tige fisueel" karakterisearre. Sjonger Toby Keith levere neffens har in "winnend optreden" ôf, wêrby't "syn djippe country-bariton eltse lyryske nuânse ferkent."
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |