Springe nei ynhâld

Liettekst

Ut Wikipedy

In liettekst of songtekst is de tekst fan in byhearrend liet. It bestiet út wurden dy’t meiïnoar it liet foarmje. In liettekst wurdt wol skreaun troch de útfierende, mar kin ek troch oaren skreaun wurde. It jout de mooglikheid om mei te sjongen mei it liet en soms ek om goed te begripen wêr’t it liet oer giet. De measte lietteksten binne skeaun yn in ienfâldich rymskema. Dat jout dat de tekst maklik te ûnthâlden is. Meast wurdt einrym brûkt.

In liettekst wurdt yn de popmuzyk faak songtekst neamd. De teksten dy’t brûkt wurde om in liet mei te sjongen, wurde yn dit sjenre mei in Ingelske term faak ‘'lyrics neamd.

Ynstrumintale lieten ha gjin tekst. De komponist Robert Schumann skreau in searje ‘Lieder ohne Worte’ foar piano dy’t ferneamd wurden binne.