Dirty Dancing
Dirty Dancing | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Emile Ardolino | |
produsint | Linda Gottlieb | |
senario | Eleanor Bergstein | |
kamerarezjy | Jeffrey Jur | |
muzyk | John Morris Erich Bulling Jon Barns | |
filmstudio | Great American Films Limited Partnership | |
distribúsje | Vestron Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | Jennifer Grey Patrick Swayze | |
byrollen | Cynthia Rhodes Jerry Orbach Jane Brucker Jack Weston Lonny Price | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 21 augustus 1987 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | histoaryske romantyske film | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 100 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $5 miljoen | |
opbringst | $170 miljoen | |
prizen | 1 × Oscar 1 × Golden Globe 1 × Grammy Award |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske film út 1987. Foar oare betsjuttings, sjoch: Dirty Dancing (betsjuttingsside).
Dirty Dancing is in Amerikaanske histoaryske romantyske dramafilm út 1987 ûnder rezjy fan Emile Ardolino, mei yn 'e haadrollen Jennifer Grey en Patrick Swayze. De titel betsjut "Smoarch Dûnsjen" (yn 'e sin fan seksualisearre dûnsjen). It ferhaal fan dizze ûnôfhinklike film folget Frances "Baby" Houseman, in teenagefamke út in begoedige sosjaal fermidden, dat yn 1963 mei har âldelju en âldere suster Lisa de simmer trochbringt yn in fakânsjeresort en fereale wurdt op 'e âldere, stoere dûnslearaar Johnny Castle. Se rekket behelle by it wol en wee fan Johnny en syn freonen en wurdt dêrby foar it earst yn har libben konfrontearre mei de twadieling dy't der bestiet tusken earm en ryk. Dirty Dancing waard foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes. De film krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en waard in ûnbidich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. It liet (I've Had) The Time of My Life, in duët fan Bill Medley en Jennifer Warnes, dat foar de film skreaun waard, groeide út ta in reuseftige hit en waard bekroane mei in Oscar, in Golden Globe en in Grammy Award. De populariteit fan 'e film soarge der ek foar dat neitiid ferskate adaptaasjes makke waarden.
Plot
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e simmer fan 1963 giet de húshâlding Houseman foar de fakânsje nei Kellerman's, in hotel-resort yn it Catskill-berchtme fan súdlik New York, dêr't alderhanne simmerkampaktiviteiten organisearre wurde. De Housemans hearre, krekt as alle oare gasten yn Kellerman's, ta in begoedige sosjaal fermidden. Heit Jake Kellerman is in kundich dokter mei progressive ideeën. Hy hat de âlde Max Kellerman, de eigner fan it hotel, fan in net by namme neamde sykte of oandwaning genêzen, wêrnei't de beide mannen befreone rekke binne. Mem Marjorie Houseman is in húsfrou, en sy en Jake hawwe twa sa goed as folwoeksen dochters, Lisa en de jongste, dy't Frances hjit, mar troch eltsenien 'Baby' neamd wurdt.
De jûns nei't se oankommen binne, giet Baby op ferkenning út en is se der troch in doar dy't yn it kier stiet, tsjûge fan hoe't Kellerman ynstruksje jout oan syn obers. Dat binne allegear jonges út deselde maatskiplike klasse as de gasten, dy't Kellerman mei sin om dy reden oanlutsen hat fan 'e elitêre universiteiten (lykas Harvard en Yale), dêr't se studearje. Kellerman hjit de obers om derfoar te soargjen dat de gasten in oangename fakânsje hawwe, en dat betsjut dat se mei de dochters fan 'e gasten flirte moatte, ek al binne dy noch sa ûnoantreklik. De stêf dy't foar it eigentlike entertainment soargje moat, komt út 'e arbeidersklasse, en Kellerman hâldt en draacht him delbûgend yn harren rjochting. Ien fan 'e entertainers is Johnny Castle, in stoere dûnsynstrukteur fan yn 'e tweintich, ta wa't Baby har op slach oanlutsen fielt.
Heit en mem Houseman en Lisa jouwe har entûsjast by de aktiviteiten dy't foar de gasten organisearre wurde, mar Baby fynt der net folle oan. It helpt net dat har heit en Kellerman har oerdúdlik besykje te keppeljen oan Kellerman syn waanwize pakesizzer Neal. Dyselde spant har de twadde jûns foar syn karke om mei te helpen by de organisaasje fan it fermaak, mar sadree't se kin, knypt Baby der tuskenút. Se doarmet bûtendoar oer it resortterrein en giet op lûde muzyk ôf. It blykt te gean om in klandestyn feestje fan 'e entertainmentstêf, dêr't "smoarch" (want seksualisearre) dûnse wurdt. Hoewol't dat eins net tastien is, nimt ien fan 'e jonges, dy't Billy hjit, Baby mei dêrhinne en stelt har foar oan Johnny, dy't syn neef is. Op it feest dûnset de bleue Baby in skoftke mei Johnny en sa rekket se smoarfereale op him.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
In dei letter, as Neal har wer op sleeptou nommen hat, fangt Baby yn 'e kokens in glimp op fan Penny, Johnny syn dûnspartner, dy't yn in stil hoekje sit te gûlen. Se soarget derfoar dat Neal neat wizer wurdt troch him dêrwei te lieden. Dêrnei siket se Billy en Johnny op, dy't se nei Penny ta bringt. It docht bliken dat Penny swier rekke is nei in aventoerke mei Robbie, ien fan 'e obers. Dat is ien dy't medisinen studearje wol oan 'e Universiteit fan Yale, en dy't no syn each op Baby har suster Lisa falle litten hat. Billy leit út dat Penny gjin inkele oare ynkomsten hat as út har dûnsjen, en dat se dus ta djippe earmoede ferfalle sil as se gjin abortus ûndergiet. No witte se dat der nije wike in dokter yn 'e buert wêze sil dy't soks docht, mar dy freget der 250 dollar foar, en dat jild hat Penny net, en de oare dûnsers kinne it har net jaan om't sy it ek net hawwe. Baby ornearret dat Robbie it wol hat, mar Johnny fertelt har poerlulk dat Robbie wegeret om ferantwurdlikheid foar syn dieden te nimmen.
No is Baby ien dy't besiket altyd it juste te dwaan en deryn leaut dat de wrâld better makke wurde kin. It wol har suver net oan dat der lju binne dy't oars tinke. Dat, se stapt nei Robbie ta, dy't ta har ferbjustering it hiele ferhaal befêstiget, al heakket er dêroan ta dat er net wis is oft it bern sines wol is, want sa'n slet giet fansels mei jan en alleman op bêd. Hy leit Baby út dat der twa soarten minsken yn 'e wrâld binne: guon dy't der ta dogge en oaren dy't der net ta dogge. En Penny is ien dy't der net ta docht, dat wêrom soed er yn 'e frede jild oan har besteegje? As se dat heart, ferliest Baby har gewoanlike kalmte alhiel. Se byt him ta dat er in walchlik mantsje is, en dat er mar better by har en Lisa wei bliuwe kin, oars sil se derfoar soargje dat er ûntslein wurdt. Dêrop giet Baby nei har heit, oan wa't se 250 dollar te lien freget, sûnder út te lizzen wêr't se dat foar brûke moat. Har heit freget har oft it wat yllegaals is, en sy liicht him tefoaren fan net. Hy jout har it jild, dat se dêrnei by Penny bringt.
Dy wol it lykwols earst net oannimme, want der is nòch in probleem. De dokter is nammentlik inkeld beskiber op 'e jûn dat sy en Johnny optrede moatte yn it Sheldrake, in oanbuorjend hotel-resort. As se dêr ferstek gean litte, ferlieze se net inkeld de ynkomsten fan dy iene jûns, dy't se goed brûke kinne, mar de ynkomsten fan it hiele seizoen foar wat it Sheldrake oangiet. Boppedat kinne se dan ek nei de kâns fluitsje om dêr takom jier wer op te treden. Dêrop biedt Baby oan om foar Penny yn te fallen, sadat sy nei de dokter kin. Mei't se sa goed as neat fan dûnsjen ôfwit, oefenet se de folgjende dagen elts momint mei Johnny dat hy net hoecht te wurkjen. Hja begjint wif, mar ûnder training fan Johnny en ek fan Penny leart se gau by. It is de bedoeling dat se de dûns yn it Sheldrake beëinigje sille mei in lift, wêrby't se troch Johnny horizontaal lizzend op syn hannen boppe syn holle tild wurde sil. Dat oefenje se yn in marke, sadat se by it fallen, dat net te mijen is, sêft yn it wetter del komt. Geandewei de de dûnstrainings wurdt dúdlik dat Johnny him ek ta Baby oanlutsen fielt en der ûnstiet in beskate seksuele spanning tusken harren.
De jûns fan it optreden giet it goed mei it dûnsjen fan Johnny en Baby. Sy makket wat flaters dy't troch Johnny syn grutte ûnderfining foar it publyk ferblomme wurde kinne. Allinne de lift oan 'e ein fan 'e dûns mislearret om't Baby wifelet. Nettsjinsteande dat komme se mei in poerbêst sin werom te Kellerman's, dêr't harren lykwols in aaklike ferrassing wachtet. De 'dokter' wie in ûnkundige suffert dy't de abortus dan wol útfierd hat, mar Penny dêr raar by gnjirde hat. Hja is der raar oan ta, leit dûbel fan 'e pine, en Billy en Johnny en de oare dûnsers witte net wat se foar har dwaan moatte. Baby draaft lykwols daliks nei it fakânsjehúske fan har âlden en hellet har heit derby, dy't Penny har tastân wit te stabilisearjen.
Houseman is lykwols tige lulk oer de hiele sitewaasje, en as er freget wa't ferantwurdlik is foar Penny, en Johnny antwurdet dat hy dat is, nimt er oan dat Johnny har swier makke hat. Hy hjit Baby om tenei by Johnny-en-dy wei te bliuwen en net wer gedoente mei harren te hawwen. Sadree't har heit wer op bêd leit, glûpt Baby lykwols fuort om Johnny op te sykjen om har ûntskuldigings oan te bieden foar har heite hâlden en dragen. Johnny fynt dat hy net better fertsjinnet, mei't hy mar in ienfâldige jonge út 'e arbeidersklasse is, wylst Baby har heit trochleard hat. Dat beart Baby, dy't altyd bybrocht is dat eltsenien gelyk is, as skuorde klokken yn 'e earen. Se wol der neat fan witte en besiket Johnny derfan te oertsjûgjen dat hy likefolle wurdich is as elk oar. Hy fertelt har hoefolle oft er har bewûnderet om't se nearne net benaud fan is en alles wol oandoar. Sy seit dat se krekt oeral benaud fan is, en it benaudst fan alles om dit momint foarbygean te litten sûnder him te fertellen dat se fan him hâldt. Se freget him en dûnsje mei har, wat er docht, en njonkelytsen reitsje se mei-inoar op bêd en bringe se de nacht tegearre troch.
De oare deis wol har heit net mear tsjin Baby prate. Sy giet lykwols temûk troch mei har omgong mei Johnny. As sy en Johnny inoar treffe by in besyk oan Penny, dy't stadichoan opbetteret, merkt Penny oan 'e hân fan 'e inoar ûntwikende blikken en de ûngemaklike stiltes yn it petear fuortendaliks wat der geande is. Nei't Baby ôfset is, freget se Johnny wat er no eins by de ein hat en hjit se him om it sa gau mooglik mei Baby út te meitsjen, om't der inkeld bargebiten fan komme kin. Johnny jout har folslein gelyk, mar docht persiis it tsjinstelde. Underwilens hat Baby har suster Lisa har foarnommen om har oan Robbie de ober 'te jaan', eat dat Baby har sterk ôfriedt, sûnder derby te sizzen wêrom. It soarget foar spanning tusken de beide susters, mei't Lisa it gefoel hat dat Baby it har fergunt om lokkich te wêzen.
As Baby Johnny ris in kear freget mei hoefolle froulju oft er op bêd west hat, antwurdet er earst ûntwikend. Mar as se him derop ferget, leit er út dat in protte âldere, troude froulju dy't de fakânsje te Kellerman's trochbringe, net fiis binne fan wat oerhoer mei in oantreklike jonge lykas hy. Baby konkludearret dat er sokke froulju inkeld brûkt. Johnny sprekt dat tsjin en seit dat se hìm inkeld brûkten, en dat er der dêrom mei opholden is. Letter is Baby der tsjûge fan hoe't Johnny sa'n útnûging ôfslacht fan Vivian Pressman, wylst har man Moe, dy't blykber fan 'e aventoerkes fan syn frou op 'e hichte is, him jild besiket ta te stopjen om syn frou "wille hawwe te litten". Sadwaande sjocht frou Pressman oars om en rekket se mei Robbie op bêd. It treft dat krekt dy nachts Lisa fuortglûpt om Robbie te ferlieden, en him by it hawwen fan seks mei frou Pressman trappearret. Dat genêst Lisa al fluch fan har romantyske opstigings oer Robbie, en neitiid fermoedsoenet se har mei Baby.
As Vivian de oare moarns de hutte fan Robbie ferlit, sjocht se Baby út 'e hutte fan Johnny kommen. Se kriget it idee dat er har ynruile hat foar in jongere minneresse en wurdt spinnidich. As letter dy deis bliken docht dat de beurs fan har man Moe poater is, nimt se wraak troch tsjin Max Kellerman te suggerearjen dat Johnny dy wol stellen hawwe sil, mei't se him yn 'e buert sjoen hat fan 'e stoel dêr't Moe syn kolbêrjaske oerhinne hongen hie. Om't der koartby ek stellen is yn it Sheldrake doe't Johnny dêr wie, ûnderstiet Kellerman Johnny oer de saak en freget him nei in aliby. Mar Johnny seit dat er de nacht allinne yn syn hutte trochbrocht hat mei lêzen. Kellerman is dan ree om him te ûntslaan, mar as Baby dat heart, bringt se út dat sy de hiele nacht by Johnny west hat, sadat hy de dief net wêze kin. De echte dieven, it kleptomane âldere troud pear Sydney en Sylvia Schumacher, dy't Baby en Johnny ek yn it Sheldrake sjoen hiene, wurde letter oppakt en blike yn ferskate oare Amerikaanske steaten socht te wurden foar soartgelikense misdriuwen. Nettsjinsteande dat wurdt Johnny dochs noch ûntslein om't er in seksuele relaasje ûnderhâldt mei ien fan 'e gasten, wat foar entertainers dúdlik net de bedoeling is. Likegoed is Johnny der djip fan ûnder de yndruk dat Baby harsels om him yn 'e problemen brocht hat, om't noch nimmen ea soks foar him dien hat.
Baby giet nei har heit ta en seit dat er net foar ivich tsjin har swijen bliuwe kin. It spyt har dat se tsjin him liigd hat dat it doel fan it jild net yllegaal wie (abortus wie doe noch net dekriminalisearre), en ek dat se efter syn rêch om glûpe moatten hat, mar se ûntskuldiget har net foar har relaasje mei Johnny. Dêrnei beskuldiget se har heit derfan dat hy hàr ek foarliigd hat, want hy hat har altyd foarholden dat eltsenien lykweardich is, mar no hat se sjoen dat dat net wier is. Noch helte minder, hy docht sels mei oan 'e diskriminaasje fan lju út 'e legere klassen. Ear't er ôfset, besiket ek Johnny en praat mei Baby har heit, mar dy sjocht him noch altyd as dejinge dy't Penny swier makke hat, en sa'nent wol er net by syn dochter yn 'e buert hawwe. Johnny besiket net om 'e wiere tadracht fan it spul út te lizzen. Hy nimt ôfskie fan Baby en fertelt har dat er nea spyt krije sil fan syn românse mei har, wêrnei't er yn 'e auto stapt en fuortriidt.
Inkele dagen letter, op 'e lêste jûn fan 'e fakânsje, wurdt der yn Kellerman's in talintejacht holden dêr't ek Lisa oan meidocht. Houseman langet Robbie in brief fan oanrikkemandearring oer foar syn stúdzje medisinen te Yale. Yn it petear dat se dêrnei fiere, bringt de omkoal sels op 't aljemint dat hý dejinge is dy't Penny swier makke hie, mei't er der fan útgien wie dat Baby dat wol oan har heit ferteld hawwe soe. Houseman wit net wat er heart, en Robbie, dy't syn flater te let ynsjocht, besiket it oer te himmeljen troch te sizzen dat je mei sokke famkes nea wis wêze kinne fan sokke saken; eltse willekeurige fint soe de heit wol west hawwe kinne. Houseman skuort him lulk it brief wer út 'e hannen en keart him de rêch ta.
De jûn wurdt besletten mei in liet dat troch al it betsjinjend personiel foar de gasten songen wurdt. Efter de skermen fertrout Max Kellerman syn âlde orkestlieder Tito Suárez ta dat er it gefoel hat dat it mei Kellerman's hast dien is. De bern fan tsjintwurdich wolle op fakânsje nei Jeropa. Se wolle net mear mei heit en men op simmerkamp om 'e foxtrot te learen. It liet wurdt fersteurd as Johnny werom komt. Hy hellet Baby oan 'e tafel fan har âldelju wei (mei de ikoanyske wurden "Nobody puts Baby in a corner", "Net ien set Baby yn 'e hoeke"). Johnny nimt Baby mei op it poadium, dêr't er efter de mikrofoan de hiele seal fertelt hoe'n goede minske se is en hoe't se fan him ek in bettere minske makke hat. Houseman giet oerein om syn dochter werom te heljen, mar foar it earst lit mem Houseman har jilde, dy't tsjin har man seit: "Gean sitten, Jake." En Jake giet sitten.
Baby en Johnny dogge foar it each fan 'e hiele seal de dûns dêr't se sa lang foar oefene hawwe. Diskear fertrout Baby Johnny folslein, sadat se de dûns op klimaktyske wize beëinigje kinne mei in perfekte lift. Houseman jout ta dat er mis wie oer Johnny en biedt syn ekskuzes oan. Wylst de stêf en alle gasten mei Baby en Johnny de dûnsflier op geane om har entûsjast oer te jaan oan dit nijerwetske soarte fan dûnsjen, sjocht Kellerman nij ljocht foar syn resort en freget Suárez oft er hjir blêdmuzyk fan besette kin.
Rolferdieling
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Frances "Baby" Houseman | Jennifer Grey |
Johnny Castle | Patrick Swayze |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Penny Johnson | Cynthia Rhodes |
dokter Jake Houseman | Jerry Orbach |
Lisa Houseman | Jane Brucker |
Max Kellerman | Jack Weston |
Neil Kellerman | Lonny Price |
Billy Kostecki | Neal Jones |
Robbie Gould | Max Cantor |
Marjorie Houseman | Kelly Bishop |
Vivian Pressman | Miranda Garrison |
Stan | Wayne Knight |
Tito Suárez | Charles Coles |
Moe Pressman | Garry Goodrow |
Sylvia Schumacher | Paula Trueman |
Sydney Schumacher | Alvin Myerovich |
Produksje en distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirty Dancing waard makke nei in senario fan Eleanor Bergstein en is foar in grut part basearre op ûnderfinings en foarfallen út har eigen jonkheid. As de jongste dochter fan in Joadske dokter út New York brocht se har simmerfakânsjes troch mei de rest fan 'e húshâlding yn in hotel-resort yn it Catskill-berchtme. Dêr die se mei oan ferskate "dirty dancing"-dûnskompetysjes. Se waard op dy leeftyd sels ek "Baby" neamd. Yn 1980 skreau Bergstein it senario foar de film It's My Turn, mei Michael Douglas, mar de produsinten knipten in eroatyske dûnssêne út it skript. Dat late derta dat Bergstein in hiel nij en foar in part autobiografysk senario om dy sêne hinne betocht.
Yn 1984 levere se it foltôge senario fan Dirty Dancing by filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) yn. Studiobaas Eileen Miselle fûn it wol in goed skript en brocht Bergstein yn kontakt mei filmprodusinte Linda Gottlieb. Yn ûnderling oerlis besleaten se it ferhaal yn 1963 te pleatsen. It personaazje fan Baby waard basearre op Bergstein sels, en dat fan Johnny Castle op 'e ferhalen fan Michael Terrace, in dûnsynstrukteur dy't Bergstein yn 1985 yn 'e Catskills mette doe't se research die foar har senario. Yn novimber 1985 wie de úteinlike ferzje fan it senario klear, mar troch posysjewikselings yn 'e top fan MGM kaam de fierdere produksje fan Dirty Dancing muorrefêst te sitten.
Dêrfandinne dat Bergstein mei har skript te suteljen gie by oare studio's. Se krige ferskate kearen nul op rekest, oant se dermei nei Vestron Pictures gie. Dat wie gjin grutte studio, en om 'e produksje dêr mooglik te meitsjen, snie Gottlieb har foarstelde finansiering midstwa, sadat der in budget oerbleau fan $5 miljoen (yn in tiid dat de trochsneed film $12 miljoen koste). Se frege Emile Ardolino, as regisseur; de film soe syn debút yn dy funksje wurde. De studio's dêr't Vestron de eigentlike produksje fan Dirty Dancing oan útbestege, wiene Great American Films en Limited Partnership. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jeffrey Jur, en de filmmuzyk waard fersoarge troch John Morris, Erich Bulling en Jon Barns. De goreografy waard beävensearre troch Kenny Ortega.
Casting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Regisseur Emile Ardolino stie der op om foar Dirty Dancing dûnsers te casten dy't ek aktearje koene ynstee fan akteurs dy't ferlet hiene fan stunt doubles foar de dûnssênes. Dat lêste wie dien foar de film Flashdance (1983), dy't Ardolino sjoen hie, en dêr wied er bepaald net fan ûnder de yndruk. Senarioskriuwster Eleanor Bergstein keas foar de rol fan Baby de 26-jierrige (mar folle jonger lykjende) Jennifer Grey, de dochter fan akteur en dûnser Joel Grey, dy't in Oscar wûn hie foar syn rol yn Cabaret (1972).
Foar de manlike haadrol waard earst sjoen nei de 20-jierrige Billy Zane, mar de screentests doe't dy oan Grey keppele waard, wiene net geweldich. De twadde kar wie de 34-jierrige Patrick Swayze, dy't earder mei Grey gearwurke hie yn 'e oarlochsfilm Red Dawn (1984). Hy wie in dûnser mei ûnderfining, mei't er in eftergrûn yn it ballet hie. Mar op syn curriculum vitae hied er "gjin dûnsjen" set, omreden fan in blessuere oan 'e knibbel. Nei't er it senario lêzen hie, besleat er lykwols en nim de rol dochs oan. Grey wie yn 't earstoan net wiis mei dy ûntwikkeling, want de gearwurking mei Swayze op 'e set fan Red Dawn hie stroef west. Mar doe't se in screentest diene dêr't se yn dûnsen, koe eltsenien de gemy tusken harren sjen.
Yn 'e rol fan Baby har heit Jake Houseman waard Broadway-akteur Jerry Orbach cast, foar wa't de film it begjin wie fan in nije karriêre op it wite doek en op 'e tillefyzje (as resjersjeur yn 'e plysjesearje Law & Order). Jane Brucker spile de rol fan Baby har âldere suster Lisa, en skreau sels it liet Hula Hana, dat se sjongt yn 'e sêne mei de rippetysje foar de talintejacht.
De mem fan Baby en Lisa soe earst spile wurde troch Lynne Lipton. Dyselde is hiel koart gewaar te wurden yn 'e begjinsêne fan 'e film, dêr't har blûne hier inkele sekonden sichtber is op 'e passazjiersstoel fan 'e auto fan 'e Housemans. Hja waard lykwols siik yn 'e earste wike fan 'e opnamen en moast ferfongen wurde. Regisseur Ardolino en de produsinten besleaten Kelly Bishop nei dy rol troch te skowen, dy't al ynhierd wie om 'e rol fan Vivian Pressman te spyljen. De assistint-goreografe fan 'e film, Miranda Garrison, waard doe ynset foar de rol fan Vivian.
Fierders is yn in hiel lyts roltsje, fan aktiviteitelieder Stan, de doe folslein ûnbekende akteur Wayne Knight te sjen, dy't letter ferneamd wurde soe troch syn rollen yn 'e film Jurassic Park (de ferriedlike automatisearringsmeiwurker Dennis Nedry) en de tillefyzjesearjes Seinfeld (Seinfeld syn aartsfijân, de postrinner Newman) en 3rd Rock from the Sun (plysjeman Don Orville).
Opnamen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De opnamen foar Dirty Dancing setten op 5 septimber 1986 útein en duorren oant en mei 27 oktober fan dat jier. Mei't in protte fan 'e resorts yn it Catskill-berchtme tsjin 'e midden fan 'e 1980-er jierren opdoekt wiene, moast men oars omsjen nei in gaadlike opnamelokaasje. Uteinlik waard gebrûk makke fan twa plakken: Lake Lure, yn Noard-Karolina, en Pembroke, yn Firginia. Troch soarchfâldich te filmjen slagge it om it lykje te litten as rûnen dy beide lokaasjes yninoar oer, hoewol't se yn it echt hûnderten kilometers útinoar leine.
Yn Lake Lure waard filme yn in earder kamp fan 'e Paadfinerij, dat Camp Occoneechee hiet (op dat plak stiet no in wenwyk mei de namme Firefly Cove). Dêr waarden ûnder mear de sênes opnommen op 'e golfbaan, dêr't Baby har heit om it jild freget, en mei de beamstam, dy't Baby en Johnny by de dûnsoefenings as lykwichtsbalke brûke. De klimaktyske dûnssêne op 'e ein fan 'e film waard opnommen yn 'e balseal fan 'e Lake Lure Inn. It Mountain Lake Hotel, oan it Mountain Lake by Pembroke, giet yn 'e film troch foar Kellerman's. Dêr waarden ek de sênes opnommen mei de spultsjes op it strân, de fakânsjehúskes en hutten foar de stêf, in gûlende Penny yn 'e koken en de liftoefening yn it wetter fan 'e mar.
De opnamen fan Dirty Dancing hiene te lijen ûnder de waarsomstannichheden, mei't it oan it begjin fan 'e opnameperioade bûtendoar 41 °C wie. Mei de waarmte dy't de beljochting en de kamera's ôfjoegen, koe de temperatuer binnendoar wol oprinne ta 49 °C. Neffens goreograaf Kenny Ortega foelen der by ien opname binnen 25 minuten tsien akteurs flau. Geandewei oktober keldere de temperatuer lykwols, en doe't de liftoefening yn it wetter fan 'e mar filme waard, wie it noch mar 4 °C, sadat Jennifer Grey en Patrick Swayze suver befrearen.
In oar probleem wie de wurkrelaasje tusken Grey en Swayze, dy't inoar net lije mochten troch ûnderlinge swierrichheden by in eardere gearwurking op 'e set fan Red Dawn (1984). Se hiene har skeel langernôch oan 'e kant witten te setten om in ferpletterjende yndruk op 'e regisseur en de produsint te meitsjen mei harren screentest, mar doe't de opnamen ienris úteinset wiene, kaam âldsear wer boppedriuwen. Regisseur Emile Ardolino en produsinte Linda Gottlieb losten dat op troch harren te twingen om 'e screentest te besjen, wat it winske effekt hie. Swayze hie it bykommende probleem fan in minne knibbel, dy't er fierder ferknoffele doe't er by de dûnsoefening op 'e beamstam ferskate kearen kaam te fallen. Hy moast nei it sikehûs om focht út syn opsette knibbel sûge te litten foar't er fierder koe.
Distribúsje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De distribúsje fan Dirty Dancing waard fersoarge troch Vestron Pictures. De film waard op 12 maaie 1987 foar it earst fertoand op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Cannes, yn Frankryk, en iepene dêrnei op 21 augustus 1987 yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 18 july 1987 by platemaatskippij RCA Records.
Untfangst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan 'e filmkritisy krige Dirty Dancing oer it algemien positive resinsjes. Sa joech Gene Siskel fan 'e Chicago Tribune de film in tomme omheech, om't er it aktearjen fan Jennifer Grey de muoite wurdich fûn, al hied er krityk op oare eleminten fan Dirty Dancing. Yn The New York Times neamde Samuel G. Freedman de film "ûnskuldich" en "in metafoar foar de Feriene Steaten yn 'e simmer fan 1963: oarderlik, wolfarrend, barstend fan 'e goede bedoelings".
Oare resinsjes rûnen der mear út. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times joech Dirty Dancing in tomme omleech omreden fan 'e "idioate plot", dy't er fierder omskreau as in "wurch en ûnophâldlik foarsisber ferhaal oer de leafde tusken jongelju fan ferskillende eftergrûnen." En yn in retrospektyf stik op 'e webside Jezebel neamde Irin Carmon Dirty Dancing "de bêste film aller tiden", om't it "in geweldige, dappere film foar froulju" wie, mei "subtile, efterôf besjoen skerp opmurken bekritisearrings fan klasse en sekse".
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Dirty Dancing in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 70 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Krekt as syn sympatike personaazjes brûkt [de film] yndrukwekkende goreografy en de krêft fan sang om in rige formidabele obstakels te oerwinnen." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Dirty Dancing in goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 20 resinsjes.
Resultaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Opbringst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Dirty Dancing brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $63 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $107 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $170 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $5 miljoen betsjut dat in winst fan $165 miljoen. Hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte, wie Dirty Dancing dêrmei ien fan 'e súksesfolste films fan 1987.
Ynstee fan it publyk fan teenagers, dat de makkers fan 'e film ferwachte hiene, rûnen de bioskopen fol mei folwoeksenen. In protte dêrfan kamen, as se de film alris sjoen hiene, noch in kear werom om him in twadde kear te sjen. It beheinde budget fan distributeur Vestron Pictures stie gjin grutte marketingkampanje ta, mar troch mûle-ta-mûlereklame rekke de film earst yn 'e Feriene Steaten en letter ek dêrbûten bekend. De populariteit fan 'e film late ta in raazje op it mêd fan it learen fan itselde soarte seksualisearre dûnsen as yn 'e film te sjen binne, ta profyt fan dûnsskoallen oer de hiele wrâld.
Ek nei't Dirty Dancing net mear yn 'e bioskoop te sjen wie, woeks de rom fan 'e film noch fierder oan. It wie de bêst ferhierende VHS-fideo yn 'e fideoteken fan 1988, en waard ek de earste film dêr't mear as in miljoen VHS-keapfideo's fan ferkocht waarden. Doe't Dirty Dancing yn 1997, tsien jier nei't er oarspronklik útkommen wie, op 'e nij yn 'e bioskopen útbrocht waard, en Patrick Swayze tagelyk dêrmei in stjer op 'e Hollywood Walk of Fame krige, giene keapfideo's fan 'e film noch hieltyd mei 40.000 eksimplaren yn 'e moanne oer de toanbank. Yn 2005 waarden fan 'e film in miljoen dvd's yn it jier ferkocht, en yn 2007 wiene der yn totaal al tsien miljoen dvd's fan ferkocht. Anno 2020 hat Dirty Dancing $214,6 miljoen opbrocht.
Fanwegen de populariteit fan Dirty Dancing ûnder froulju en famkes wurdt de film soms oantsjut as "Star Wars foar famkes". Wat dat oanbelanget, skoart Dirty Dancing better as oare tige populêre saneamde 'chickflicks', lykas The Sound of Music, Grease en Pretty Woman.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]By de Oscars wûn Dirty Dancing yn 1988 de priis yn 'e kategory bêste orizjinele liet, foar (I've Had) The Time of My Life, in duët fan Bill Medley en Jennifer Warnes, dat ûnder de klimaktyske dûnssêne op 'e ein fan 'e film te hearren is. By de Golden Globes waard Dirty Dancing nominearre yn fjouwer kategoryen, wêrûnder bêste film (musical of komeedzje), bêste akteur yn in musical of komeedzje (Patrick Swayze) en bêste aktrise yn in musical of komeedzje (Jennifer Grey). De film wûn de Golden Globe foar bêste orizjinele liet foar (I've Had) The Time of My Life. Dat ferske wûn ek de Grammy Award foar bêste popoptreden mei sang troch in duo of groep. It nûmer groeide út ta in reuseftige, wrâldwide hit.
Ferfolchfilms en adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Prequel, remake en ferfolch
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2004 waard der in prequel fan Dirty Dancing makke, mei as titel Dirty Dancing: Havana Nights. Dêryn wurdt it ferhaal ferteld fan in beskerme grutbrocht Amerikaansk teenagefamke, dat troch dûns leart hoe't it libben yninoar sit as se mei har âldelju nei Kuba emigrearret krekt foar't dêr yn 1959 de Kubaanske Revolúsje plakfynt. Patrick Swayze waard $5 miljoen betelle foar in cameo as dûnslearaar.
Yn 2015 bestelde it Amerikaanske tillefyzjenetwurk ABC in remake fan Dirty Dancing foar op 'e tillefyzje. It resultaat, dat ek Dirty Dancing hjit en yn 2017 foar it earst útstjoerd waard, hie in spyldoer fan trije oeren en in cast mei grutte nammen, lykas Debra Messing (bekend fan Will & Grace), Sarah Hyland (bekend fan Modern Family), Nicole Scherzinger (fan 'e popgroep The Pussycat Dolls) en Billy Dee Williams (bekend fan Star Wars). De film krige lykwols oer it algemien negative resinsjes fan 'e tillefyzjekritisy.
Fierders waard yn 2020 in ferfolchfilm op Dirty Dancing oankundige, wêrfoar't Jennifer Gray fannijs yn 'e hûd fan Baby Houseman krûpe sil. Yn 2022 waard troch filmstudio Lionsgate Films, dy't de auteursrjochten op 'e fûnskatalogus fan it al yn 1993 opdoekte Vestron Pictures yn besit hat, bekendmakke dat de titel fan it ferfolch foarearst DD is. De opnamen sille yn maart 2023 begjinne en de premiêre stiet pland foar 2024.
Adaptaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populariteit fan Dirty Dancing hat derfoar soarge dat der ferskate adaptaasjes fan 'e film makke binne. Yn 1988 brocht it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS de searje Dirty Dancing op 'e tillefyzje, mar dy wie net súksesfol en waard al nei inkele ôfleverings stopset.
Yn 2004 waard yn Austraalje in toanielferzje fan 'e film op 'e planken brocht ûnder de titel Dirty Dancing: The Classic Story on Stage. It stik rûn seis moannen en wie in súkses mei 200.000 ferkochte kaartsjes. It waard dêrnei ek produsearre yn Dútslân, it Feriene Keninkryk, Ierlân, Kanada (Toronto) en de Feriene Steaten (Chicago, Boston en Los Angeles).
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaanske romantyske dramafilm
- Amerikaanske histoaryske film
- Amerikaanske coming-of-agefilm
- Amerikaanske jeugdfilm
- Histoaryske romantyske film
- Romantyske jeugdfilm
- Histoaryske jeugdfilm
- Unôfhinklike film
- Ingelsktalige film
- Film fan Vestron Pictures
- Film fan Emile Ardolino
- Film út 1987
- Film oer fakânsje
- Film oer in simmerkamp
- Film oer in dûnser
- Film oer dûns
- Film oer abortus
- Film oer heiten en dochters
- Film oer susters
- Film oer ferskil yn maatskiplike klasse
- Film oer in ûnmooglike leafde
- Film oer earmoede
- Film oer fammesteat