Springe nei ynhâld

Die Friesen

Ut Wikipedy
Die Friesen
Partijlieder
Partijfoarsitter Eike Steinig
Oprjochting 2007
Haadsit Auwerk
Ledetal ~90
Jongereinorganisaasje
Rjochting Lofts
Ideology Federalisme, Regionalisme
Wittenskiplik buro
Europeeske fraksje EFA
Ynternasjonaal gearwurkingsorgaan
Webside www.die-friesen.eu

Die Friesen (Sealterfrysk; Do Fräisen. Eastfrysk (Nederdútsk); De Freesen) is in politike partij yn East-Fryslân. De partij sjocht himsels as politike fertsjintwurdiger fan de Fryske minderheid yn Nedersaksen.

De partij sjocht himsels as fertsjintwurdiging foar de Friezen yn Nedersaksen. Ien fan de spearpunten is mear foech foar East-Fryslân, mei in demokratysk keazen Frysk parlemint foar de regio East-Fryslân.

De partij is foar better ûnderhâld fan de seediken. Earlike ferdieling fan it gasjild dat de dielsteat Nedersaksen fertsjinnet mei de gaswinning yn de Noardsee en Waadsee. De partij wol de East-Fryske ekonomy stimulearje troch de jildstipe earlik te ferdielen yn Nedersaksen. De partij komt op foar de boeren en wol ynsette op duorsume foarmen fan enerzjy, mei behâld fan it karakteristyk lânskip. It behâld fan de eigen identiteit is foar de partij in wichtich punt; bygelyks Fryske skiednis as ferplicht fak op skoalle soe moatte. Wat it ferkear oanbelanget wol de partij in goede treinferbining tusken Lier, Emden, Auwerk, Wilhelmshaven en Grins en Ljouwert.

East-Fryslân

Yn 2005 en 2006 kaam it Friesisches Forum yn East-Fryslân mei inisjativen om diskusje oer in politike partij yn East-Fryslân fan 'e grûn te krijen.[1] Op it ynternet kaam in enkête mei de fraach oft East-Fryslân ferlet hie fan in politike partij. Fan 275 stimmen beändere 85 persint de fraach mei 'ja'.[2]

Op freed 16 maart 2007 wie der in gearkomste yn it East-Fryske Hesel oer de opset fan in East-Fryske partij. Hja hawwe by de Opstalbeam gearkomste fan 29 maaie 2007 harren sels presintearre as politike partij. It beslút om in partij op te rjochtsjen foel op 11 july 2007. By dy gearkomste waard ek besletten om mei te dwaan oan de lândeiferkiezings yn jannewaris 2008 yn Nedersaksen. De partij die yn trije disktrikten mei. It bêste risseltaat wie yn it kiesdistrikt Lier/Borkum mei 4,5 persint.[3]

Yn maart 2008 waard Marron Fort om syn krewearjen foar it Eastfrysk Plat en it Sealterfrysk earelid fan de partij.[4]

Op 11 april 2008 waard de partij, as observator, lid fan Europeeske Frije Alliânsje. By in ledegearkomste yn maart 2009 yn Barcelona waard besletten om de partij as folslein lid fan de EFA ta te litten.[5] Dit oant 2018 doe't it ophâlde in diel derfan te wêzen

Op 11 septimber 2011 dienen Die Friesen foar it earst mei oan de regionale ferkiezings yn Leechsaksen. De partij die by dy ferkiezings noch net yn alle bestjoerlike distrikten mei dy't yn Leechsaksen ta it Fryske wengebiet rekkene wurde. De partij helle in sit yn de Kreistag fan it bestjoerlike distrikt Lier, yn de Samtgemeinderat fan it Brookmerlân en Hesel, en yn de Gemeinderat fan Rauderfean.

De partij hat syn sit yn Auwerk. Der binne op it stuit sa'n hûndert leden. De partij hie yn maart 2008 twa ôfdielingen (Kreisverbände) yn East-Fryslân[6]

Partijfoarsitter
Tiidrek Namme
11 july 2007 - 14 maaie 2011 Arno Rademacher
Sûnt 14 maaie 2011 Eike Steinig

Die Friesen is sûnt april 2008 folslein lid fan de Europeeske Frije Alliânsje.[7] De partij wurket gear mei de FNP en de SSW (Frysk-Deenske partij yn Sleeswyk-Holstein).[8][9][10]

By de regionale ferkiezings (Kommunalwahl) leit it swiertepunt fan de partij yn de regio East-Fryslân. It elektoraat by de dielsteatferkiezings is lykwols grutter, dan meie alle ynwenners fan Nedersaksen stimme op de partijen dy't meidogge om sitten te heljen yn it dielsteasparlemint. By de dielsteatsferkiezings meie alle ynwenners fan de dielsteat Nedersaksen, salang't se oan alle betingsten foldogge, kieze. Soks betsjut dat it elektoraat fan de partij by de dielsteatsferkiezings ek bûten de Fryske regio leit.

  • By de dielsteatferkiezings fan 2008 helle de partij it bêste risseltaat yn it kiesdistrikt Lier/Borkum (4,5 persint fan de stimmen).
  • Nei de regionale ferkiezings yn Nedersaksen yn 2011 is de partij yn it bestjoerlike distrikt Lier mei ien sit fertstjintwurdige yn de Kreistag en yn twa gemeenten dy't ûnder it bestjoerlike distrikt Lier falle.

Status as minderhedepartij

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Die Friesen wurdt troch de Dútske steat as minderhedepartij sjoen.[11]

Yn it Dútske kiessysteem moatte partijen mear as fiif persint fan de stimmen krije om yn it parlemint te kommen (op alle bestjoerlike nivo's). Foar de Dútske bûnsdei jildt de útsûndering dat minderhedepartijen net oan de fiif persint kiesdrompel hoege te foldwaan. Op dielsteatnivo jildt datselde foar Sleeswyk-Holstein (Südschleswigscher Wählerverband - Frysk-Deenske partij) en Brandenboarch (Serbska ludowa strona - Sorbyske partij). Yn de dielsteat Saksen, dêr't 2 kear safolle Sorben wenje as yn Brandenboarch, is gjin útsûndering makke foar minderhedepartijen. Foar it kiesrjocht fan Nedersaksen jilde ek gjin útsûnderings wat de kiesdrompel oangiet. De Friezen yn Dútslân (Noard-Fryslân yn Sleeswyk-Holstein en East-Fryslân yn Nedersaksen) binne erkend as nasjonale minderheid troch in ramtferdrach fan de Ried fan Europa dat troch Dútslân ratifisearre is.

Yn desimber 2007 skreau de partij in brief oan de presidint fan de lândei yn de dielsteat Nedersaksen. Yn it brief berôp de partij him op syn status as minderhedepartij, sadat de fiif-persint-kiesdrompel om yn de lânsdei te kommen, net op de partij fan tapassing wêze soe.[12] De lieder fan de lânsdei sjocht de partij lykwols net as minderheidspartij. Nei de ferkiezings fan 2008 makken Die Friesen bekend, de ferkiezings ûnjildich ferklearje te wollen. Dêrfoar waard in offisjeel fersyk yntsjinne by de rjochtbank yn Bückeburg (Nedersaksen).[13]

Yn maaie 2010 waard bekend dat de Die Friesen net fan de kiesdrompel befrijd binne by de ferkiezings foar de lândei. De arguminten yn it fersyk fan Die Friesen wienen neffens de rjochtbank net jildich en sa waard de partij net yn de rjochterlike proseduere talitten.[14]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. nijsgjirrich krystboadskip... (sjoen op 7 maart 2010)
  2. Ostfriesen fordern eigene Partei op it Ostfriesenblog fan 21 maart 2007 (sjoen op 7 maart 2010)
  3. Entstehung op webside fan Die Friesen (sjoen op 6 maart 2010)
  4. "Die Friesen" begrüßen Dr. Marron C. Fort als Ehrenmitglied (sjoen op 6 maart 2010)
  5. The European Free Alliance gives green light to EU internal enlargement (sjoen op 6 maart 2010)
  6. Entstehung (sjoen op 12 septimber 2011)
  7. Friezen samen in Europese partij yn de Ljouwerter Krante fan 12 septimber 2008 (sjoen op 6 maart 2010)
  8. Kontenerferfier moat feiliger fan de Omrop Fryslân fan 25 febrewaris 2010 (sjoen op 6 maart 2010)
  9. SSW partij Noardfriezen no ek lid fan EFA FNP: yntinsivearring gearwurking mei oare Fryslannen (sjoen op 6 maart 2010)
  10. Moeting Die Friesen & FNP (sjoen op 6 maart 2010)
  11. Parteiengesetz, Kommentar von Jörn Ipsen, CH. Beck Verlag (2008)
  12. Friesen-Partei drängt in den Landtag (sjoen op 7 maaie 2010)
  13. Friesen wollen Wahl anfechten (sjoen op 7 maaie 2010)
  14. Friesen-Partei scheitert vor Gericht 06.05.2010 (sjoen op 7 maaie 2010)