Anni-Frid Lyngstad
Anni-Frid Lyngstad | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Anni-Frid Lyngstad yn 1980 | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Anni-Frid Synni Lyngstad | |
nasjonaliteit | Sweedsk | |
berne | 15 novimber 1945 | |
berteplak | Ballangen, Nordland | |
wurkpaad | ||
sjenre | Pop | |
sjongtaal | Ingelsk, Sweedsk | |
grutste hit(s) | Waterloo, Fernando, Dancing Queen | |
jierren aktyf | 1958 - No |
Anni-Frid (Frida) Synni Lyngstad, Prinses Reuss, Gravin fan Plauen (Ballangen, Nordland, 15 novimber 1945) is in Sweedsk sjongeres fan Noarsk komôf. Hja is bekend as ien fan de twa sjongeressen fan de popgroep ABBA.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iere begjin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Anni-Frid Lyngstad begûn as alve jierrige op te treden foar publyk. Doe't se 13 jier wie song se yn ferskate bandsjes. Hja moast lige oer har âldens, omdat se trije jier ûnder de tastiene âldensgrins siet.
Yn 1963 wie se de sjongeres fan it Gunnar Sandevarn Trio foardat se har eigen band oprjochte, de Anni-Frid Four. Dy groepen befetten beide har doetiidske man, Ragnar Fredriksson.
Op 3 septimber 1967 wûn Lyngstad de Sweedske nasjonale talintejacht New Faces, organisearre troch platemaatskippij EMI Svenska. De earste priis yn dy wedstriid wie in platekontrakt mei de Sweedske dochterûndernimming fan EMI. Fan de winer fan de wedstriid waard ferwachte dat dy deselde jûn ferskine soe yn Hylands Hörna, in populêre tv-show. Lyngstad song dêr har winnende nûmer live, op telefyzje op in jûn dat in soad Sweden thúsbleaune omdat der dy deis de Sweedske ferkearsregels feroaren, it dan ta gebrûklike lofts riden waard ferfongen troch it yn Jeropa gebrûklike rjochts riden. In pear dagen letter naam Lyngstad har earste single op yn de studios fan EMI.
Yn 1969 naam se diel oan de finales fan it Sweedske Eurofyzje Sjongfestival, de Sweedske foaromgongen foar it Eurofyzje Sjongfestival, mei it nûmer Härlig är vår jord, en einige op it fjirde plak. By dy wedstriid trof se sjonger en lietsjeskriuwer Benny Andersson, en al gau waarden se in keppel. Har earste album, Frida, produsearre troch har doetiidske ferloofde Benny Andersson, waard útbrocht yn 1971.
ABBA (1972–1982)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Frida toerde en trede geregeld op telefyzje en radio. Dêrnei late har relaasje mei Andersson en harren freonskip mei Björn Ulvaeus en Agnetha Fältskog ta de foarming fan ABBA. De ynternasjonale trochbraak fan de groep kaam mei it winnen fan it Eurofyzje Sjongfestival foar Sweden mei it liet Waterloo op 6 april 1974. Yn de folgjende acht jier boekte popgroep wrâldwiid in soad sukses en skoarde in rige fan nûmer 1-hits. Mei ABBA brocht Anni-Frid Lyngstad njoggen studio-albums en twa live-album út.
Nei ABBA
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei't ABBA yn 1982 útinoar gie pakte Lyngstad har solo Karriêre wer op en brocht noch trije studio-albums út. nei't se yn 1975 doe't ABBA noch bestie ek al har twadde studio-album Frida ensam útbrocht hie.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Lyngstad waard berne yn Ballangen, Nordland, Noarwegen, út in relaasje fan de Noarske Synni Lyngstad en de (troude) Dútske soldaat Alfred Haase (1919 - 2009) yn it ramt fan it Lebensborn-programma. Har heit wie yn de Twadde Wrâldkriich as sersjant fan de Wehrmacht legere yn it troch de Nazy-Dútslân besette Noarwegen en waard oan de ein fan de oarloch weromroppen nei Dútslân. Underweis sonk it skip wêrmei't er nei Dútslân werom fear, wêrnei't er as fermist opjûn waard. Pas yn 1977 kaam Lyngstad der efter dat har heit de ramp oerlibbe hie.
Se ferhuze mei har mem Synni en beppe, Arntine Lyngstad (1898-1970), nei Torshälla yn Sweden, om oan de troch de Noarske regearing organisearre represjebelied tsjin kollaborearjende jonge memmen en de saneamde "Tyskerbarn" of "Krigsbarn" te ûntkommen. Anni-Frid har mem ferstoar lykwols koart dêrnei en Anni-Fri waard grutbrocht troch har beppe.
Anni-Frid Lyngstad hat trije kear boaske west en werûnder trije jier mei Benny Andersson. Yn 1992 boaske se mei de Dútske prins Heinrich Ruzzo Reuss von Plauen, troch dit houlik krige Lyngstad, offisjeel de titel fan prinses. Yn 1997 kaam har dochter om by in auto-ûngelok yn de Feriene Steaten en 1999 ferstoar har tredde man Heinrich von Plauen oan de gefolchen fan kanker. Anni-Frid Lyngstad hat út dy trije relaasjes twa bêrn.
Diskografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Albums
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As gastmuzikant
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Single(s) | Album | Utbrocht yn | Mei sjonger |
---|---|---|---|
1865 | Lebe Deinen Traum | 2015 | Dan Daniell |