1912
Appearance
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1912 MCMXII |
Ab urbe condita | 2665 |
Armeenske kalinder | 1361 ԹՎ ՌՅԿԱ |
Etiopyske kalinder | 1904 – 1905 |
Hebriuwske kalinder | 5672 – 5673 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1967 – 1968 |
- Shaka Samvat | 1834 – 1835 |
- Kali Yuga | 5013 – 5014 |
Iraanske kalinder | 1290 – 1291 |
Islamityske kalinder | 1330 – 1330 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4608 – 4609 戊亥 – 己子 |
1912 is in skrikkeljier dat begjint mei in moandei. (Gregoriaanske kalinder foar 1912.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1910-er jierren.
Foarfallen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1 jannewaris - Formele oprjochting fan 'e Republyk Sina.
- 6 jannewaris - It Territoarium Nij-Meksiko wurdt opheft en yn it plak dêrfan ûntstiet de Steat Nij-Meksiko, dy't as 47e steat opnommen wurdt yn 'e Feriene Steaten.
- 9 jannewaris - Amerikaanske troepen dogge in ynfal yn Hondoeras, om't presidint Manuel Bonilla in spoarline en in skipswerf, dy't eigendom binne fan in Amerikaansk steatsboarger, fan doel is te nasjonalisearjen.
- 10 jannewaris - Mongoalje wurdt in protektoraat fan Ruslân.
- 17 jannewaris - De Britske ûntdekkingsreizger Robert Falcon Scott berikt de Súdpoal en konstatearret dêr ta syn teloarstelling dat de Noar Roald Amundsen him foar west hat.
- 25 jannewaris - By Ryksdeiferkiezings yn Dútslân behellet de sosjalistyske SPD in grutte oerwinning.
- 7 febrewaris - De Twadde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Coen de Koning út Arnhim yn in tiid fan 11 oeren en 40 minuten.
- 12 febrewaris - Yn Sina wurdt de Sineeske Revolúsje foltôge mei de abdikaasje fan 'e tolvejierrige keizer Pu Yi.
- 14 febrewaris - Arizona wurdt as 48e steat opnommen yn 'e Feriene Steaten.
- 26 febrewaris - Yn it Feriene Keninkryk begjint in massale mynstaking, dêr't likernôch 425.000 mynwurkers oan meidogge. It is harren te dwaan om 'e ynfiering fan in minimumlean.
- 1 maart - Emmeline Pankhurst, ien fan 'e liedsters fan 'e Britske suffrazjettes, wurdt arrestearre foar it yngoaien fan 'e ruten fan 'e amtswente fan 'e Britske premier, op 10 Downing Street.
- 13 maart - Servje en Bulgarije slute it geheime Ferdrach fan Sofia, dat rjochte is tsjin it Osmaanske Ryk.
- 29 maart - Op harren weromwei fan 'e Súdpoal komme de Britske ûntdekkingsreizger Robert Falcon Scott en syn fjouwer selskipslju ûnder in oanhâldende sniestoarm om fan 'e honger en ûntbearings.
- 30 maart - Under it Ferdrach fan Fez wurdt it Sultanaat Marokko fanôf hjoed in Frânske protektoraat, Frânsk-Marokko. Yn 'e praktyk wurdt it gebiet frijwol itselde behannele as in koloanje.
- 2 april - Yn Sina wurdt troch Sun Yatsen, de earste presidint fan 'e Republyk Sina, de nasjonalistyske politike partij Guomintang oprjochte.
- 15 april - Op syn earste reis komt it Britske passazjiersskip de RMS Titanic yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan te sinken. By dy ramp komme 1.517 minsken om.
- 17 april - By it Bloedbad fan Andrejevski falle op 'e goudfjilden fan Andrejevski, oan 'e rivier de Lena, yn Sibearje, 270 deaden as de Russyske plysje it fjoer iepenet op stakende mynwurkers.
- 29 maaie - Grikelân en Bulgarije slute it geheime Ferdrach fan Sofia, dat rjochte is tsjin it Osmaanske Ryk.
- 31 maaie - Amerikaanske mariniers lânje op Kuba om 'e saneamde Negeropstân, in rebûlje ûnder swarte arbeiders op 'e sûkerreidplantaazjes op it eilân, te ûnderdrukken.
- july - Tibet ferklearret him ûnôfhinklik fan Sina, yn 'e foarm fan 'e Steat Tibet.
- 21 july - Yn Albaanje brekt de Albaneeske Opstân út tsjin 'e oerhearsking troch it Osmaanske Ryk.
- 3 augustus - Yn in besykjen om 'e Albaneeske Opstân del te bêdzjen, ferlient it Osmaanske regear in beheinde foarm fan selsbestjoer oan Albaanje.
- 12 augustus - It regear fan Bulgarije easket fan it Osmaanske Ryk selsbestjoer foar Masedoanje.
- 14 augustus - Amerikaanske mariniers dogge in ynfal yn Nikaragûa, om in opstân tsjin it rezjym fan presidint Adolfo Díaz te ûnderdrukken.
- 15 augustus - Oan 'e grinzen fan it Keninkryk Montenegro mei it Osmaanske Ryk fine skermutselings plak tusken troepen fan 'e beide lannen.
- 24 augustus - It Distrikt Alaska, in ûnorganisearre territoarium fan 'e Feriene Steaten, wurdt bestjoerlik herfoarme ta it Territoarium Alaska.
- 30 augustus - Servje, Bulgarije, Grikelân en Montenegro kundigje de mobilisaasje ôf yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei it Osmaanske Ryk.
- 3 septimber - De regearings fan Servje, Bulgarije, Grikelân en Montenegro stjoere it Osmaanske Ryk in ultimatum, wêryn't easke wurdt dat Albaanje, Ald-Servje en Masedoanje binnen trije dagen selsbestjoer krije moatte.
- 4 septimber - It regear fan it Osmaanske Ryk wiist it utimatum fan 'e Balkansteaten ôf.
- 8 oktober - Utbraak fan 'e Earste Balkanoarloch: Montenegro ferklearret de oarloch oan it Osmaanske Ryk.
- 17 oktober - Bulgarije, Grikelân en Servje ferklearje de oarloch oan it Osmaanske Ryk.
- 18 oktober - De Italjaansk-Turkske Oarloch einiget yn in klinkende oerwinning foar Itaalje. It Osmaanske Ryk moat by it Ferdrach fan Lausanne Tripolitaanje en de Syrenaika yn Noard-Afrika ôfstean, dy't omfoarme wurde ta de koloanje Italjaansk-Lybje. Fierders wurdt ek de Dodekanesos, in eilannegroep yn 'e Egeyske See, in Italjaanske koloanje.
- 26 oktober - Servyske troepen feroverje yn it ramt fan 'e Earste Balkanoarloch de Osmaanske stêd Üsküp (Skopje).
- 5 novimber - Woodrow Wilson, de kandidaat fan 'e Demokratyske Partij, wurdt by presidintsferkiezings ûnferwachts keazen ta presidint fan 'e Feriene Steaten.
- 5 novimber - De Amerikaanske steaten Arizona, Kansas en Wiskonsin fiere it frouljuskiesrjocht yn.
- 8 novimber - Grykske troepen feroverje yn it ramt fan 'e Earste Balkanoarloch de Osmaanske stêd Thessaloniki.
- 11 novimber - By in oanslach yn Madrid wurdt de Spaanske premier José Canalejas y Mendez fermoarde troch in anargist.
- 27 novimber - Spanje reorganisearret syn koloniale besittings yn Marokko ta de koloanje Spaansk-Marokko.
- 28 novimber - Albaanje ropt de ûnôfhinklikheid út.
- 3 desimber - Tusken de stridende partijen yn 'e Earste Balkanoarloch wurdt in wiffe wapenstilstân sletten.
- 3 desimber - De Dútske rykskânselier Theobald von Bethmann-Hollweg warskôget yn in taspraak oan 'e Ryksdei Ruslân dat Dútslân syn bûnsgenoat Eastenryk-Hongarije militêr bystean sil as it ea ta in oarloch tusken dat lân en Ruslân komt oer in kwestje dy't mei Servje te krijen hat.
- 7 desimber - De Dútske argeolooch Ludwig Borchart ûntdekt yn Egypte de Búste fan Nefertiti.
- 16 desimber - Yn ferbân mei de oanboazjende spannings mei it Keninkryk Servje giet Eastenryk-Hongarije oer ta it ôfkundigjen fan 'e mobilisaasje.
Berne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- jannewaris
- 6 - Frederick Manfred, Amerikaansk skriuwer († 1994)
- 19 - Bernardus Nieuwenhuis, Frysk keunstskilder († 2001)
- 28 - Tante Leen, Nederlânsk sjongeres († 1992)
- febrewaris
- 12 - Pieter Wijbenga, Frysk sjoernalist en fersetsstrider († 1990)
- 20 - Pierre Boulle, Frânsk skriuwer († 1994)
- maart
- 15 - Lightnin' Hopkins, Amerikaansk sjonger († 1982)
- 16 - Sake Lieuwe Tiemersma, Frysk komponist, oargelist en dirigint († 1987)
- 16 - Pat Nixon, Amerikaansk presidintsfrou († 1993)
- 23 - Wernher von Braun, Dútsk raketlearde († 1977)
- 27 - James Callaghan, premier fan it Feriene Keninkryk († 2005)
- 29 - Jaap Romijn, Nederlânsk skriuwer en museumdirekteur († 1987)
- 29 - Willy van Hemert, Nederlânsk akteur en regisseur († 1993)
- 29 - Jules de Corte, Nederlânsk sjonger en pianist († 1996)
- april
- 5 - John Le Mesurier, Ingelsk akteur († 1983)
- 8 - Sonja Henie, Noarsk keunstrydster († 1969)
- maaie
- 2 - Marten Toonder, Nederlânsk skriuwer en striptekener († (2005)
- 17 - Jacob Ritzema van Ikema, Nederlânsk ûndernimmer († 1983)
- juny
- 2 - Pier Feddema, Frysk skriuwer en keunstner († 1983)
- 21 - Amy van Marken, Nederlânsk letterkundige en oersetter († 1995)
- 23 - Alan Turing, Ingelsk wiskundige († 1954)
- 30 - Ludwig Bölkow, Dútsk loftfeartpionier († 2003)
- july
- 7 - S.J. van der Molen, Frysk skriuwer en sjoernalist († 1995)
- 31 - Milton Friedman, Amerikaansk ekonoom († 2006)
- augustus
- 2 - Jalke Klijnsma, Frysk politikus († 1984)
- 6 - Tabe Beintema, Frysk boekhanneler, frisiast en oersetter († 1991)
- 10 - Nol Gregoor, Nederlânsk dichter († 2000)
- 10 - Carel Steensma, Frysk piloat en fersetsstrider († 2006)
- 16 - Marga Klompé, Nederlânsk politika († 1986)
- 23 - Gene Kelly, Amerikaansk akteur en dûnser († 1996)
- 28 - Ruurd Faber, Nederlânsk politikus († 1992)
- septimber
- 5 - John Cage, Amerikaansk komponist († 1992)
- 8 - W. Richard West sr., Amerikaansk keunstner († 1996)
- oktober
- 14 - Albert Richter, Dútsk hurdfytser († 1940)
- 28 - Richard Doll, Britsk epidemiolooch († 2005)
- novimber
- 16 - Anton Koolhaas, Nederlânsk skriuwer († 1992)
- 21 - Tine Winters-Van Asperen, Frysk toanielspylster († 1987)
- 23 - Lieuwe Brolsma, Frysk skriuwer († 1976)
- 25 - Johannes Doedes de Jong, Frysk fotograaf, filmmakker, sjoernalist en dichter († 1996)
- desimber
- 15 - Ru van Veen, Nederlânsk musikus († 1988)
- 22 - Lady Bird Johnson, Amerikaansk presidintsfrou († 2007)
- datum net bekend
- Krijn van den Helm, Nederlânsk amtner en fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich († 1944)
Ferstoarn
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 14 maaie - August Strindberg, Sweedsk skriuwer en skilder (* 1849)
- 30 maaie - Wilbur Wright, Amerikaanske loftfeartpionier (* 1867)
- 2 juny - Tsjalling Eeltsjes Halbertsma, Frysk skriuwer en ûnderwizer (* 1848)
- 25 juny - sir Lourens Alma-Tadema, Frysk-Ingelsk keunstskilder (* 1836)
- 20 augustus - William Booth, Ingelsk predikant, stifter fan it Leger des Heils (* 1829)
- datum ûnbekend
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- romans
Jierren: | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 | 1913 | 1914 | 1915 | 1916 | 1917 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|