Springe nei ynhâld

Zitkála-Ša

Ut Wikipedy
Zitkála-Ša
skriuwer
Zitkala-Sa fotografearre fan Gertrude Käsebier
Zitkala-Sa fotografearre fan Gertrude Käsebier
persoanlike bysûnderheden
oar pseudonym Gertrude Simmons Bonnin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 22 febrewaris 1876
berteplak yn it Jankton Yndianereservaat
(Súd-Dakota)
stoarn 26 jannewaris 1938
stjerplak Washington, D.C.
etnisiteit Dakota- (Sioux)
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. koarte ferhalen, opera,
essay's, non-fiksje, autobiogr.
perioade 1e helte 20e iuw
tema's Yndiaanske vs. Westerske
   kultuer
bekendste
  wurk(en)
American Indian Stories
School Days of an Indian Girl
The Sun Dance Opera
jierren aktyf 19001938
offisjele webside
n.f.t.

Zitkála-Ša ("Reade Fûgel", útspr.: [zit'ka:la ʃa], "zytkaala sja"; ek wol bekend as Gertrude Simmons Bonnin; yn it Jankton Yndianereservaat (Súd-Dakota), 22 febrewaris 1876Washington, D.C., 26 jannewaris 1938), wie in Amerikaansk skriuwster, publisiste, polityk aktiviste, ûnderwizeresse en musika fan Yndiaansk komôf. Hja lei in grut tal tradisjonele myten en leginden fan benammen de (Sioux) en de Jût (Ute) yn it Ingelsk fêst, wêrmei't sokke Yndiaanske ferhalen foar it earst in breed net-Yndiaansk publyk berikten. Dêrnjonken skreau Zitkála-Ša ferskate koarte ferhalen en in grut tal artikels wêryn't se utering joech oan 'e wrakseling dy't se yn har jonkheid trochmakke doe't se hinne en wer skuord waard tusken it kulturele erfskip fan har eigen folk en de ferlokkings fan 'e oerhearskjende blanke kultuer yn 'e Feriene Steaten. Mei William F. Hanson skreau se yn 1913 The Sun Dance, de earste Yndiaanske opera. Hja ûntjoech har ta in mûnich aktiviste en stried foar lykberjochtiging fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten, dy't yn har tiid de Amerikaanske nasjonaliteit net iens hiene. Yn 1926 rjochte se dêrta de Nasjonale Rie fan Amerikaanske Yndianen (NCAI) op, wêrfan't se oant har dea yn 1938 foarsitter wie.

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Zitkála-Ša waard yn 1876 berne yn it Jankton Yndianereservaat yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. Hja waard grutbrocht troch har mem, de Westlike Dakota-frou Taté Iyóhiwin ("Rikt-nei-de-Wyn"), nei't har heit, in blanke Amerikaan dy't fan Felker hiet, it gesin koart nei har berte yn 'e steek litten hie. Har iere jonkheid seach Zitkála-Ša letter op werom as in tiid fan frijheid en lokkigens, dy't hja trochbrocht yn it reservaat yn 'e skûle fan har folk.

Yn 1884, doe't hja acht jier wie, arrivearren lykwols de earste kristlike misjonarissen yn it Jankton Reservaat. Hja joegen de Yndianen Ingelske nammen; sa waard Zitkála-Ša har mem "Ellen Simmons", en sysels waard fan "Gertrude Simmons" neamd. Ferskate bern út it reservaat, wêrûnder Zitkála-Ša, waarden nei White's Manual Labor Institute ("White's Ynstitút foar Wurk sûnder Fakoplieding"), yn Wabash, yn 'e eastlike steat Indiana, stjoerd. Dy skoalle wie oprjochte troch de quaker Josiah White mei as doel om bern út earme gesinnen, sij it blank, swart of Yndiaansk, fan ûnderwiis te foarsjen. Zitkála-Ša bleau dêr trije jier, oant 1887. Letter beskreau se har tiid oan White's yn it autobiografyske The School Days of an Indian Girl. Dêrby gie se yn op 'e misêre dy't feroarsake waard trochdat har Yndiaanske identiteit har ûntnomd waard, bygelyks trochdat se twongen waard om op 'e wize fan 'e quakers ta de kristlike God te bidden en har tradisjoneel lange hier ôf te knippen, en ferbean waard om har yn har memmetaal, it Dakota, te uterjen. Mar ek neamde se yn dat wurk de dêrmei sterk kontrastearjende blydskip dy't se fielde troch lêzen en skriuwen en fioelspyljen leare te kinnen.

Zitkála-Ša mei har fioele, yn 1898.

Doe't Zitkála-Ša yn 1887, mei alve jier, weromkearde nei it Jankton Reservaat, wie se ûntsteld om te ûntdekken dat se langer net mear folslein mank har folk thúshearde, ek al lange se noch sa nei de âlde tradysjes. Boppedat foel har, no't se bekender wie mei de blanke kultuer, op dat der by in protte Dakota blanke gewoanten ynslûpten. Nei ferskate jierren by har mem wenne te hawwen, waard de langst nei fierder ûnderwiis har oermânsk, dat yn 1891 kearde se op eigen inisjatyf werom nei White's. Hoewol't de skoalle foarskreau dat famkes harren skikke moasten yn 'e rol fan húsfrou, wie Zitkála-Ša wisberet om mear út it troch har genoaten ûnderwiis te heljen. Hja hie talint foar muzyk, en learde njonken fioel- ek pianospyljen. Doe't de muzyklearaar fan 'e skoalle opstapte, naam sy it jaan fan muzyklessen oer. Yn 1895 behelle se har diploma, en by de útrikking hold se in taspraak oer de ûngelikense behanneling fan froulju, dy't der tige ynfoel by de pleatslike krante.

Hoewol't har mem der by har op oanstie dat se no weromkeare soe nei it reservaat, besleat de njoggentjinjierrige Zitkála-Ša, nei't se dêrta in stúdzjebeurs oanbean krigen hie, om fierder te learen oan it Earlham Kolleezje yn Richmond. Dêr wie se foar it earst omjûn troch mei-learlingen dy't yn grutte mearderheid blank wiene. Hoewol't se har yn 't earstoan as in kat yn in frjemd pakhús fielde, begûn se der stadichoan mear te wennen. It wie yn dizze snuorje dat se foar it earst Yndiaanske ferhalen, myten en leginden begûn op te skriuwen, wêrby't se dy earst yn it Latyn oersette, en doe nochris yn it Ingelsk. Yn 1897 moast se lykwols, seis wiken foar't se oan it Earlham Kolleezje ôfstudearje soe, fanwegen sûnensswierrichheden har stúdzje ôfbrekke.

Fan 1897 oant 1899 spile Zitkála-Ša fioele as lid fan it New England Conservatory of Music, út Boston. Yn 1899 naam se in baan as ûnderwizeresse oan 'e Carlisle Indian Industrial School oan, yn Carlisle, yn Pennsylvania. Dêr joech se muzykles en sprekfeardichheid, wêrby't se lieding joech oan debatten. Yn 1900 besocht se Jeropa om mei de Carlisle Indian Band fioele te spyljen op 'e wrâldtentoanstelling yn Parys. Datselde jiers begûn se artikels te skriuwen oer it deistige libben fan 'e Yndianen, dy't publisearre waarden yn tydskriften as Atlantic Monthly en Harper's Magazine.

Zitkála-Ša.

Yn it neijier fan 1900 waard Zitkála-Ša troch kolonel Richard Henry Pratt, de stifter fan 'e Carlisle-skoalle, weromstjoerd nei it Jankton Reservaat om nije learlingen te rekrutearjen. By dat besyk waard se rare kjel doe't se seach hoe'n ferfallen rottekleaster oft har memme hûs wol net wurden wie, en besaude se har deroer dat it gesin fan har broer oan 'e biddelstêf rekke wie, wylst blanke ynkringers yn it reservaat lân begûnen te besetten dat ûnder de Wet-Dawes, fan 1877, oan 'e Dakota tasein wie. Nei't se wer yn Carlisle wie, rekke se danich yn oanfarring mei kolonel Pratt oer de assimilaasje fan 'e Yndiaanske learlingen yn 'e blanke kultuer (sa't syn skoalle dat foarstie), en it feit dat de bern op gjin inkele manear oanmoedige waarden om mear as it ienfâldichste wurk te ambiëarjen. Uteinlik rûn de rûzje sa heech op dat Zitkála-Ša 1901 ûntslein waard. De direkte oanlieding dêrfoar wie nei alle gedachten in ferhaal dat hja publisearre hie yn Harper's Monthly, oer it djippe fertriet fan in Yndiaanske jonge oer it ferlies fan syn identiteit troch de oplieding dy't er oan 'e Carlisle-skoalle krigen hie.

Trouwen en jierren yn Utah

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Noed om har memme âlderdom en de earmoedige sitewaasje fan har famylje setten Zitkála-Ša neitiid oan om werom te kearen nei it Jankton Reservaat. Dêr begûn se noch yn 1901 by de âldere leden fan 'e stamme ferhalen te sammeljen om te publisearjen yn it wurk Old Indian Legends, dêr't se al in útjouwer foar fûn hie yn 'e foarm fan Ginn & Co., út Boston. Om harsels te ûnderhâlden, naam Zitkála-Ša yn 1902 in baan as siktaresse op it kantoar fan it Buro fan Yndiaanske Saken yn it Standing Rock Yndianereservaat, op 'e grins fan Súd- en Noard-Dakota. Dêr kaam se yn 'e kunde mei in kaptein Raymond Bonnin, in man fan mingd blank en Janktonai-Dakota-komôf, mei wa't hja datseldichste jier noch troude. Ek yn 1902 publisearre Zitkála-Ša it essay Why I Am a Pagan ("Wêrom't Ik in Heiden Bin"), yn it blêd Atlantic Monthly. Dêryn gie se yn op har eigen religieuze oertsjûgings en lei se út wêrom't se fêsthold oan it lânseigen leauwe fan har folk, om sa it idee ûnder it grutste part fan 'e Amerikaanske befolking tsjin te gean dat de Yndianen har allegear mei gragens ta it kristendom bekeare lieten.

Artikel út 1913 yn 'e El Paso Herald oer Zitkála-Ša har opera The Sun Dance.

Koart nei de brulloft waard Bonnin oerpleatst nei it Uintah en Ouray Yndianereservaat yn Utah, dêr't Zitkála-Ša en har man de folgjende fjirtjin jier mank de Jût (Ute) libje en wurkje soene. Yn dy tiid skonk Zitkála-Ša it libben oan harren ienlingssoan, Raymond Ohiya Bonnin. Teffens mette se yn dy tiid William F. Hanson, in komponist en perfester oan 'e Brigham Young Universiteit yn Provo, mei wa't se yn 1910 úteinsette om in opera te meitsjen. Dêrfoar komponearre Hanson de muzyk en skreau Zitkála-Ša it libretto en de lieten. It waard in romantysk ferhaal basearre op tradisjonele Sû- en Jût-tema's. Dizze earste Yndiaanske opera aller tiden, dy't de titel The Sun Dance krige, waard yn 1913 foar it earst opfierd, yn Vernal, troch leden fan 'e Jût Yndianestamme fan it Uintah en Ouray Reservaat. Yn 1938 gie The Sun Dance op Broadway yn premiêre, wêrby't trouwens inkeld melding makke waard fan William F. Hanson en it oandiel fan Zitkála-Ša yn it wurk ferswein waard.

Polityk aktivisme

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Under de tiid dat se yn Utah wenne, joech Zitkála-Ša har by it Genoatskip fan Amerikaanske Yndianen (SAI), in progressive organisaasje dy't yn 1911 oprjochte wie om te krewearjen foar it behâld fan 'e Yndiaanske kultuer en libbenswize, en om te lobbyen foar it rjocht op it Amerikaanske boargerskip foar Yndianen (oant 1924 wiene de Yndianen yn 'e Feriene Steaten nammentlik steateleas). As polityk aktiviste begûn hja hieltyd skerpere krityk te leverjen op 'e korrupsje en oare misstannen binnen it Buro fan Yndiaanske Saken (BIA), de wurkjouwer fan har man. Sa spuide se raar guod oer it belied fan it BIA om Yndiaanske bern op 'e skoallen yn 'e reservaten te ferbieden om har eigen talen te sprekken, en oer de geregeldwei foarkommende gefallen fan mishanneling troch blanke ûnderwizers as Yndiaanske bern net op 'e kristlike manear en ta de kristlike God bidde woene. Uteinlik late har krityk op it BIA yn 1916 ta it ûntslach fan har man.

De Bonnins ferfearen dêrop nei de Amerikaanske haadstêd Washington, D.C., dêr't Zitkála-Ša siktaris fan it SAI waard. Fan 1918 oant 1919 wie se teffens redaktrise fan it orgaan fan it SAI, it blêd American Indian Magazine. Yn 1921 publisearre se in twadde boek mei Yndiaanske ferhalen, mei as titel American Indian Stories, en yn 1923 skreau se mei Charles H. Fabens fan 'e Feriening ta Ferdigening fan 'e Amerikaanske Yndianen (AIDA) en Matthew K. Sniffen fan 'e Feriening foar Yndiaanske Rjochten (IRA) it ynfloedrike pamflet Oklahoma's Poor Rich Indians: An Orgy of Graft and Eksploitation of the Five Civilized Tribes, Legalized Robbery ("De Earme Rike Yndianen fan Oklahoma: In Orgy fan Ynklauwerigens en Eksploitaasje fan de Fiif Beskaafde Stammen, Legalisearre Berôving"). Dêryn waarden de praktiken fan ferskate grutte Amerikaanske bedriuwen oan 'e kaak steld dy't stelselmjittich op alle mooglike legale en yllegale manearen (wêrûnder sels moard) besocht hiene om 'e Sjeroky, Tsjoktau, Tsjikkesau, Kriik en Seminoalen fan eastlik Oklahoma har oaljerike lân te ûntnaderjen. Dit pamflet spile in wichtige rol by it beslút fan it Amerikaanske regear om ûnder de Yndiaanske Reorganisaasjewet fan 1924 it behear fan Yndiaanske lânrjochten wer oan 'e stammen sels oer te litten.

De earste helte fan 'e jierren tweintich begûn Zitkála-Ša út Washington wei it hiele lân troch te reizgjen om lêzings te hâlden. Dêrby stiek se in protte tiid en enerzjy yn it opsetten fan in pan-Yndiaanske beweging foar boargerrjochten. Under de Yndiaanske Boargerskipswet fan 1924 krigen in protte, mar net alle lânseigen folken fan 'e Feriene Steaten it boargerskip. Yn 1926 rjochten sy en har man de Nasjonale Rie fan Amerikaanske Yndianen (NCAI) op, dêr't se alle stammen yn 'e Feriene Steaten yn ferienje woe foar de striid om boargerskip foar eltsenien en foar it kiesrjocht, dat Yndianen doedestiden noch altyd ûntholden waard. Fan 1926 oant har ferstjerren yn 1938 wie Zitkála-Ša de foarsitter, dejinge dy't hast alle jild binnenbrocht en in warber sprekker fan 'e NCAI, wylst se de organisaasje frijwol eigenhandich runde en geande hold. Nei har dea kwûn de NCAI fuort, mar yn 1944 waard de beweging ûnder manlik liederskip weroprjochte, al waard Zitkála-Ša har krewearjen dêrby fierhinne negearre.

Behalven foar Yndiaanske boargerrjochten stried Zitkála-Ša fanôf de tweintiger jierren ek foar frouljusrjochten. Yn 1921 joech se har datoangeande by de Algemiene Federaasje fan Frouljusklubs (GFWC), in lanlike organisaasje mei in grut ferskaat yn syn lidmaatskip, dy't deroan tawijd wie om foar de Amerikaanske polityk oer de stim fan 'e frou te fertolkjen. Yn 1924 rjochte se ûnder de auspysjes fan 'e GFWC it Yndiaanske Wolwêzenskomitee op, wêrfoar't se neitiid sels as ûndersykster wurke.

Zitkála-Ša yn 1898.

Zitkála-Ša kaam op 26 jannewaris 1938 yn Washington, D.C. te ferstjerren, doe't se 61 jier wie. Hja waard ûnder de namme Gertrude Simmons Bonnin begroeven op it Nasjonaal Begraafplak Arlington. Yn 'e tachtiger jierren waard in grut diel fan har wurk oer de Yndiaanske kultuer werútjûn troch de Universiteit fan Nebraska, yn Lincoln. Yn 2001 ferskynde it skriuwwurk út har jonkheid, dat noch nea útjûn wie, yn 'e mande mei har opera The Sun Dance, ûnder redaksje fan P. Jane Hafen as Dreams and Thunder: Stories, Poems, and the Sun Dance Opera. Nei Zitkála-Ša is ek de krater Bonnin ferneamd, op 'e planeet Fenus.

  • Zitkála-Ša, American Indian Stories, Lincoln (Nebraska), 1985 (University of Nebraska Press).
  • Zitkála-Ša, A Warrior's Daughter, yn: Everybody's Magazine, ôfl. 4, 1902.
  • Zitkála-Ša, An Indian Teacher Among Indians, yn: Atlantic Monthly, ôfl. 85, 1900.
  • Zitkála-Ša, Dreams and Thunder: Stories, Poems, and The Sun Dance Opera (P. Jane Hafen, red.), Lincoln (Nebraska), 2001 (University of Nebraska Press), ISBN 0 80 32 49 187.
  • Zitkála-Ša, Impressions of an Indian Childhood, yn: Atlantic Monthly, ôfl. 85, 1900.
  • Zitkála-Ša; Fabens, Charles H.; en Sniffen, Matthew K., Oklahoma's Poor Rich Indians: An Orgy of Graft and Exploitation of the Five Civilized Tribes, Legalized Robbery, Philadelphia, 1924 (Office of the Indian Rights Association).
  • Zitkála-Ša, Old Indian Legends, Lincoln (Nebraska), 1985 (University of Nebraska Press).
  • Zitkála-Ša, School Days of an Indian Girl, yn: Atlantic Monthly, ôfl. 85, 1900.
  • Zitkála-Ša, Soft-Hearted Sioux, yn: Harper's Magazine, ôfl. 102, mrt. 1901.
  • Zitkála-Ša; en Hanson, William F., The Sun Dance Opera, Provo (Utah), 1913: fotokopy fan it oarspronklike muzykstik mei piano en sang, fan mikrofilm, 227 s, Bibleteek fan de Brigham Young Universiteit, Provo (Utah).
  • Zitkála-Ša, The Trial Path, yn: Harper's Magazine, ôfl. 103, okt. 1901.
  • Zitkála-Ša, Why I Am a Pagan, yn: Glynis Carr (red.), The Online Archive of Nineteenth-Century U.S. Women's Writings, 1999 (oarspronklik yn: Atlantic Monthly, ôfl. 90, 1902).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.