Springe nei ynhâld

Ynternetpornografy

Ut Wikipedy

Ynternetpornografy is pornografy dy't tagonklik is fia it ynternet: op websiden, troch peer-to-peer file-sharing of (foarhinne) op Usenet-nijsgroepen. Troch de yntrede fan it ynternet is de beskikberens fan pornografysk materiaal fan 'e ein fan 'e 1990-er jierren ôf tige by tige tanommen. Wylst men foartiid ôfhinklik wie fan pornoblêden en pornofilms, dy't foar in grut part fan 'e wrâldbefolking net of mar dreech beskikber wiene, kin in elk no mei in pear mûsklikken oan mear porno komme as dat er wit wat er mei moat. Der is wol útholden dat de groei fan it ynternet foar in grut part dreaun is troch de pornoyndustry, dy't der, sa falt te beärgumintearjen, mear baat by hân hat as hast alle oere sektoaren fan 'e ekonomy.

In wittenskiplik ûndersyk út 2015 fan it Amerikaanske Miller-McCune Center for Research stelde fêst dat der yn 'e twa desennia dêrfoar "in grutte sprong" plakfûn hie yn it besichtigjen fan pornografysk materiaal. Dêrby bestie it grutste ferskil tusken lju dy't yn 'e 1970-er jierren berne wiene en dejingen dy't yn 'e 1980-er jierren berne wiene. Hoewol't it ûndersyk dêrby oantekenet dat dat ferskil "lytser [is] as dat men ornaris tinke soe," is it noch hieltyd in oansjenlike kleau. Bern út 'e 1980-er jierren en letter binne ek de earsten dy't grutwurden binne yn in wrâld dêr't se fan it begjin fan harren tinerjierren ôf tagong ta it ynternet hawwe, en it soe skoan kinne dat dy iere bleatstelling oan ynternetpornografy de taname fan 'e populariteit dêrfan oanjaget.

Yn 2011 waard fêststeld dat de measte besjoggers fan ynternetpornografy manlju wiene, wylst froulju oer it algemien de foarkar joegen oan romantyske romans en eroatyske fanfiksje. Froulju makken likernôch in fjirde- oant in trêdepart fan 'e besikers fan populêre pornowebsiden út, mar foarmen net mear as 2% fan 'e abbonearden fan dy websiden. Anno 2018 hat ien inkeld bedriuw, MindGeek, in protte populêre ynternetpornografyske websiden yn besit, wêrûnder de videohostingtsjinsten Pornhub, RedTube en YouPorn, de pornowebsiden Brazzers en Reality Kings, en teffens de pornografyske filmstudio Digital Playground. Kritisy hawwe dat omskreaun as in monopoalje.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.