Willem Schoorstra
Willem Schoorstra (Ternaard, 22 july 1959) is in muzikant, dichter en skriuwer. Syn belangstelling lei yn it earstoan yn de muzyk, dêr't er ynspiraasje fan krige foar it skriuwen fan dichtwurk. Willem Schoorstra publisearret geregeld yn literêre tydskriften en op ynternet.
Wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1998 krige er de Ruurd Wiersma Poëzijpriis foar it fers Neffens it ynderlik bern. In jier letter wûn er in Rely Jorritsmapriis mei it ferhaal Trettjin dagen. Yn 2001 ferskynde de dichtbondel Ynwijing, en yn 2002 de ferhalebondel Berjochten út Babel. De haadpersoanen út de ferhalen fan Schoorstra binne minsken dy't skansearre binne troch opfieding, miljeu en leafdeleazens dy't wrakselje mei har libben.
De roman Swarte ingels (2004) beskriuwt in ûnmooglike leafde tusken in broer en in suster. It oardiel fan de kritisy oer it boek wie tige posityf. Yn 2005 wûn Schoorstra mei Swarte ingels de Fedde Schurerpriis fan de provinsje Fryslân foar debutanten. Yn 2007 ferskynde in Nederlânske oersetting fan Swarte ingels. Yn 2007 ferskynde ek De ôfrekken, in boek oer it libben fan in studint yn it homolibben fan Brussel dy't siket nei syn identiteit. Sawol Swarte ingels as De ôfrekken beskriuwe kontroversiële tema's lykas ynsest, homoseksualiteit en moslimproblematyk.
Yn it ramt fan 'Fryslân Lêst Syn Toppers' waard 17 febrewaris 2011 in literêre jûn holden dêr't Swarte ingels sintraal stie. Hille Stellingwerf makke by it boek Swarte ingels it nûmer 'Noait genôch'. Yn april 2011 folge de boekpresintaasje fan de roman Rêdbâd – kronyk fan in kening. De roman giet oer it libbensferhaal fan de ier-midsiuwske Fryske kening Rêdbâd. Sawol by de jûn oer de ûnmooglike leafde as ek by de boekpresintaasje fan Rêdbâd luts Schoorstra sa'n 100 minsken nei Dokkum.[1][2]
Yn 2012 die er foar de boargemaster oer de wetlike ‘Ferklearring fan ôfstân’ fan de Nederlânske Nasjonaliteit foar de Fryske Nasjonaliteit yn de gemeenteseal te Dokkum.
Syn talint om as dichter, romanskriuwer, koarteferhaleskriuwer, histoarysk-, polityk- en taalaktivist it Fryske fjoer by in soad minsken te ûntstekken wie foar de Jongfryske Mienskip reden om him de Gouden Kneppel 2024 út te rikken.[3]
Bibliografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Romans
- 2004: Swarte Ingels (3e pr. 2011)
- 2007: De ôfrekken
- 2011: Rêdbâd – kronyk fan in kening
- 2017: De Nacht fan Mare
- Oar
- Ynwijing (poëzij, 2001)
- Berjochten út Babel (ferhalebondel, 2002)
- Zwarte Engelen (Nederlânske oersetting fan Swarte ingels, 2007)
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1998 - Ruurd Wiersma Poëzypriis foar it fers Neffens it ynderlik bern
- 1999 - Rely Jorritsmapriis foar it ferhaal Trettjin dagen
- 2005 - Fedde Schurerpriis foar de roman Swarte ingels
- 2024 - Obe Postmapriis foar de oersetting fan de Edda nei it Frysk
- 2024 - Gouden Kneppel foar syn Frysk aktivisme
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|