Springe nei ynhâld

Willem Boeijenga

Ut Wikipedy

Willem Boeijenga (Lollum, 25 septimber 1909 - Gau, 8 augustus 1944) wie in fersetsstrider yn de Twadde Wrâldoarloch.

Monument foar Willem Boeijenga

Boeijenga, fan berop bakker yn it doarp Gau, wie meiwurker fan de Lanlike Organisaasje foar Help oan Underdûkers (LO) yn de destiidske gemeente Wymbritseradiel. Yn syn hûs ferburch hy in Amsterdamske joadske ûnderdûkster. Nei ferrie troch Pieter Bergsma, fjildwachter-konsjerzje fan it gemeentehuis yn Akkrum, waard Boeijenga op 8 augustus 1944 yn Gau arrestearre en op it plak sels fusilliearre. De ûnderdûkster waard deporteare nei in konsintraasjekamp, mar oerlibbe de oarloch.

Willem Boeijenga leit begroeven op it N.H. begraafplak by de tsjerke fan Gau. As oantinken oan him waard de belangrykste strjitte yn it doarp omdoopt yn Willem Boeijengastrjitte. Yn de tsjerketoer is in fan reade sânstien makke tinkstien ynmitsele, dy't makke waard troch de Fryske arsjitekt A. Goodijk. Op de stien stiet de tekst:

1940-1945
WILLEM BOEIJENGA
foel yn dit doarp op de
achtste fan Rispmoanne 1944
troch Dútkse terreur.
Hy joech syn libben om
dat fan oaren te rêdden.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: