Walter Scott
Sir Walter Scott, 1st baronet, (Edinboarch, 14 augustus 1771 - Abbotsford, 21 septimber 1832) wie in Skotsk dichter en skriuwer fan Histoaryske romans. Syn roman Ivanhoe wie de earste populêre histoaryske roman.
Bernetiid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Walter Scott is berne yn Edinboarch, as soan fan advokaat Robert Scott, yn College Wynd, in ferfallen part fan de Old Town. It libben dêr wie net sûn, de bernestjerte dêr wie heech.
As jonkje fan 8 krige Walter polio mei as gefolch in bliuwende ferlamming fan de rjochter skonk. Foar syn opbetterjen waard er nei syn pake en beppe op Sandyknowe Farm yn Smailholm, Roxburghshire stjoerd (1773). Syn beppe fertelde spannende ferhalen út de Skotske skiednis en lies him foar út âlde Skotske balladen. Muoike Jenny ûnderwiisde him lêzen en skriuwen. Ut en troch reizge Walter nei Bath en Prestonpans foar wetterkueren.
Studint
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1778 kaam Walter wer yn Edinboarch, benammen om goed ûnderwiis folgje te kinnen. Hy gie nei in privaatskoalle. Yntiid wiene syn âlden ferhuze nei de nije wyk George Square dêr't se in rom hûs kocht hienen. Dat bleaun Walter syn thús oant syn houlik.
Efkes letter studearre hy ek al rjocht oan de Universiteit fan Edinboarch en kaam as learling by syn heit yn de praktyk. Doe't er 22 jier wie waard er beëdige as advokaat.
Leafde
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Walter Scott syn earste grutte leafde wie Williamine Belscher. Hja wie fan rike adel. Oft sy ek fan him hâlden hat is ûnwis. Uteinlik hat se foar Sir William Forbes fan Pitsligo keazen, al wie it mar om't se oars fier ûnder har stân trouwe moatten hie. Om dy reden ôfwiisd te wurden hat Scott lange tiid in protte fertriet fan hân en hy hat him yn dy tiid synysk útlitten oer it houlik-út-leafde.
Hy troude mei Margaret Charlotte Charpentier (Lyon, desimber 1770 - 15 maaie 1826) op 24 desimber 1797 yn St Mary's Church yn Carlisle. Al nei trije wiken ferkearing hie er om har hân frege. Hy moete har doe't er mei syn broer John troch it Lake District. (Cumberland) reisge. It wie in lokkich houlik. Se krigen twa bern: Charlotte Sophia (24 oktober 1799) en Walter (28 oktober 1801).
Op 16 desimber 1799 waard er beneamd as Sherrif Depute fan Selkirkshire. Dy funksje frege syn oanwêzigens fan july oant novimber. Yn 1804 sette hy him ta wenjen yn Selkirk.
Skriuwer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Walter hie altyd al in soad lêzen neist skoalle, mar doe't er 25 jier wie begûn er sels serieus mei de skriuwerij neist syn wurk as advokaat.
Yn 't earstoan sette hy balladen en ferhalen út it Dútsk oer. Eigen wurk lykas The Minstrelsy of the Scottish Border waard goed ûntfongen, mar The Lay of the Last Minstrel (1805) wie in grut súkses.
Yn 1811 kocht er Cartly Hole Farm oan de rivier de Tweed by Melrose. Hy moast der alle jild foar liene. Fan 1816 - 1824 realisearre hy dêr Abbotsford, in hearehûs yn Ingelske Baronian Style.
Wilens wie er in begoedige man troch it súkses fan syn earste wurken, benammen The Lady of the Lake (1820). Hy waard in grut samler fan histoaryske boeken, âlde Skotske balladen, wapens, harnassen en oare histoaryske reliken. Op de ein fan syn libben hie er mear as 9000 boeken op Abbotsford.
Mei it ferskinen fan de histoaryske roman Waverly (1814) bruts in nije faze fan syn skriuwerskip oan. Scott wie yn 't earst tige benaud foar ôfwizing troch lêzers en kritisy, dat hy publisearre ûnder pseudonym. Hy hat ferskate skûlnammen brûkt, mar as Skriuwer fan Waverly waard er ferneamd. It hat oant 1827 duorre ear't h er ûnder eigen namme publisearre doarde, wylst de measte minsken doe al lang op de hichte fan syn identiteit wiene.
Walter Scott wurdt wol ien fan de earste ynternasjonale auteurs neamd. Hy hie lêzers yn Grut Brittanje, Kanada, Austraalje, West- en East Jeropa en ûnderhâlde kontakten mei bûtenlânske kollegas. Syn ynfloed op bûtenlânske skriuwers stiet net yn 'e kiif en men moat sizze dat troch him de skiednis fan Skotlân 'op de kaart' set is yn 19e-iuwsk Jeropa.
Ivanhoe
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Benammen Scott's roman Ivanhoe (1820) wie de oanset ta in hiel nij sjênre yn de literatuer: de histoaryske roman. Earst dêrnei ferskynde De Schaapsherder fan Jan Frederik Oltmans, De Leeuw van Vlaanderen fan Hendrik Consciënce, Robin Hood le Proscit en Les Trois Mousquetaires fan Alexandre Dumas de Aldere. Ivanhoe is ferskate kearen ferfilme en der binne tillefyzjesearjes fan makke. U.o.:
- Ivanhoe 1913, film fan Herbert Brenon mei Herbert Brenon en Leah Baird
- Ivanhoe 1950, film fan Richard Thorpe mei Robert Taylor (en Liz Taylor).
- Ivanhoe 1958, tillefyzjerige mei Roger Moore yn 'e haadrol.
- Ivanhoe 1983, tillefyzjefilm fan Douglas Camfield mei Anthony Andrews.
- Ivanhoe 1987, minirige fan Stuart Orme mei Steve Waddington.
Neitins
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei syn ferstjerren hat Sir Walter Scott in tombe krigen op it terrein fan Dryburgh Abbey (ek oan de Tweed) yn de Scottish Borders dêr't er sa fan hâlden hie.
In blyk fan populêrens wie it iepenstellen fan Abbotsford foar it publyk mar trije jier nei syn dea. It museum wurdt jierliks troch tûzenen besocht. Yn Edinboarch stiet it mânske Scott Monument ta syn eare. It is boud tusken 1841 en 1845. In 64 nissen steane stânbylden fan personaazjes út syn wurk. De ferfilmingen fan Ivanhoe yn de 20e iuw hawwe der och sa foar soarge dat de namme Walter Scott bekend bleaun is by in grut publyk.
Moderne lêzers fine syn wurk faak dreech en wiidweidich, in lot dat er dielt mei mear 19e-iuwske skriuwers, lykas Charles Dickens en Anthony Trollope yn Ingelân en Jacob van Lennep, Bosboom-Toussaint en Willem Bilderdijk yn Nederlân. De measte lêzers fan Walter Scott moatte tsjintwurdich socht wurde oan de universiteiten.
Sitaat
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Breathes there the man, with soul so dead,
Who never to himself hath said,
This is my own, my native land!
út The Lay of the Last Minstrel troch Walter Scott
Oh! what a tangled web we weave
When first we practise to deceive!
út Marmion, Canto VI. Stanza 17. troch Walter Scott
List fan wurken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In kar.
- P. The Chase (oerset) 1796
- P. William and Helen, Two Ballads from the German (oerset) 1796
- Goetz of Berlichingen (oerset) 1799
- P. The Minstrelsy of the Scottish Border 1802-1803
- P. The Lay of the Last Minstrel 1805
- P. Ballads and Lyrical Pieces 1806
- P. Marmion (mei Young Lockinvar) 1808
- P. The Lady of the Lake 1810
- P. The Vision of Don Roderick 1811
- P. The Bridal of Triermain 1813
- P. Rokeby 1813
- The Border Antiquities of England and Scotland 1814-1817
- Waverly 1814
- P. The Field of Waterloo 1815
- Guy Mannering 1815
- P. The Lord of the Isles 1815
- The Antiquary 1816
- Paul's Letters to his Kinsfolk 1816
- Tales of my Landlord, 1st series 1816
- P. Harold the Dauntless 1817
- Rob Roy 1818
- Tales of my Landlord 2nd series 1818
- Provincial Antiquities of Scotland 1819-1826
- Tales of my Landlord 3th series 1819
- Ivanhoe 1820
- Tales from Benedictine Sources, consisting of The Abbot and The Monastary 1820
- Kenilworth 1821
- Lives of the Novelists 1821-1824
- The Fortunes of Nigel 1822
- Halidon Hall 1822
- Peveril of the Peak 1822
- The Pirate 1822
- Quentin Durward 1823
- Redgauntlet 1824
- St Ronan's Well 1824
- Woodstock 1826
- The Live of Napoleon Bonaparte 1827
- Religious Discourses 1828
- Tales of a Grandfather 1st series 1829
- Anne of Geierstein 1829
- History of Scotland 2 vols 1829-1830
- P. Bonnie Dundee 1830
- Tales of a Grandfather 2nd series 1829
- The Doom of Devorgoil 1830
- Essay on Ballad Poetry 1830
- Tales of a Grandfather 3th series 1830
- Letters on Demonology and Witchcraft 1831
- Tales of my Landlord 4th series 1832
- The Bishop of Tyre (?)
- Exposition of the Revelation of Jesus Christ (jier ûnwis)
(P. = poëzij)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Project Gutenberg - Enkele werken van Walter Scott
- Walter Scott Digital Archive at the University of Edinburgh library: includes much primary material
- The Edinburgh Sir Walter Scott Club
- Sir Walter Scott, biography by Richard H. Hutton, 1878, from Project Gutenberg
- Works by or about Walter Scott at Internet Archive (scanned books original editions color illustrated)
- University of Pennsylvania e-texts of some of Walter Scott's works
- Sir Walter Scott's death mask
- Dandie Dinmont Terriers named after a character in Guy Mannering
- The Keepsake Stories at Arthur's Classic Novels website.
- My Native Land audio - Bullwinkle voice impression
- Walter Scott's profile and catalog of his library at Abbotsford on LibraryThing. Work in progress as of 2009-04-10
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Walter Scott fan Wikimedia Commons. |
- Skotsk dichter
- Skotsk romanskriuwer
- Skotsk skriuwer fan histoaryske fiksje
- Skotsk koarte-ferhaleskriuwer
- Skotsk toanielskriuwer
- Skotsk publisist
- Skotsk abbekaat
- Skotsk rjochter
- Skotsk skiedkundige
- Skotsk útjouwer
- Skotsk oersetter
- Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne
- Romantyk
- Persoan berne yn 1771
- Persoan stoarn yn 1832