Springe nei ynhâld

Universiteit Stellenbosch

Ut Wikipedy
Universiteit Stellenbosch
It âlde haadgebou fan de Universiteit Stellenbosch
It âlde haadgebou fan de Universiteit Stellenbosch
Namme
Ofkoarting SUN
Ynternasjonale namme Stellenbosch University
Biedwurd Pectora roborant cultus recti
Lokaasje
Lân Súd-Afrika
Plak Stellenbosch
Oare bysûnderheden
Type iepenbiere ûndersyksuniversiteit
Oprjochting 1866/1918
Rektor Wim de Villiers
Tal studinten 26.243 (2009)
Tal meiwurkers 2.430
Netwurken Feriening fan Afrikaanske Universiteiten
Offisjele webside
www.sun.ac.za

De Universiteit Stellenbosch is in universiteit yn it Súdafrikaanske Stellenbosch. De universiteit is ien fan de ferneamdste fan it Afrikaanske kontinint. It is de ienichste universiteit fan Súd-Afrika dy’t noch yn it Afrikaansk lesjout njonken it Ingelsk. Dy sitewaasje krijt fûl ferset fan minsken fan it regear.

It motto fan de skoalle is Pectora roborant cultus recti ('in deugdelike oplieding sterket it ferstân'). Op it stuit (2009) hat de universiteit 26.243 studinten[1] en hat it 2567 meiwurkers.[2]

Yn Afrikaansk-talige famyljes út heul Súd-Afrika (en de lannen dêr om hinne, lykas Namybje) is it fan âlds út in tradysje om de bern nei de middelbere skoalle studearje te litten oan de Universiteit Stellenbosch.

Stellenbosch hat al in lange skiednis as it giet om ûnderwiis, al yn 1685 waard der in begjin mei makke yn it doarp. De skiednis fan de Universiteit Stellenbosch giet werom op in gearkomste fan tritich ynwenners fan Stellenbosch yn desimber 1863. De gearkomste waard holden yn de Ou Leeskamer (Alde Lêskeamer) yn Stellenbosch. Der waard besletten om yn fiif jier tiid jild byelkoar te bringen om in gymnasium te stiftsjen (oare boarnen hawwe it wol oer in gearkomste yn jannewaris 1864 mei 43 minsken[3]). Yn 1866 wie it dan safier en koe it Stellenbossche Gymnasium, sa’t de skoalle neamd waard, los.

Yn 1879 bestie Stellenbosch 200 jier, as oantinken oan dat barren ûntstie der in foarnimmen om in kolleezjegebou te bouwen. Sir Bartle Frere, dy’t yn dy tiid yn Stellenbosch kaam, ynteressearre him foar it projekt, hy soe der omtinken foar freegje by it regear. Dêrnei stelden minister-presidint Sir Gordon Sprigg en it parlemint £3.000 beskikber foar it projekt, mar dan moast de befolking ek sa’n bedrach byelkoar bringe. It jild kaam der en it gebou waard yn stappen opboud. De earste stien waard yn 1880 lein en op 6 novimber 1886 waard it gebou offisjeel yn gebrûk naam.

Yn 1881 hie de skoalle al de status fan kolleezje krigen, de namme waard doe feroare nei Stellenbossche Kollege. Yn 1887 joech Keninginne Victoria har namme oan it kolleezje, de namme waard no it Victoria Kollege. Op 2 april 1918 krige it kolleezje de status fan universiteit en waard de namme omneamd nei Universiteit Stellenbosch.

It tal studinten is yn al de jierren bot groeid. Yn 1917, in jier foardat it in universiteit waard, wienen der 500 studinten. Yn 2009 is dat tal waakst nei 26.243.

In foto fan it plak Stellenbosch.

De universiteit is setten yn Stellenbosch, in stêd fan likernôch 90.000 ynwenners, útsein de studinten. It leit sa’n 50 kilometer fan Kaapstêd en stiet oan de igge fan de Eersterivier.

Der binne oer alles fjouwer ferskate lokaasjes. De haadlokaasje stiet yn Stellenbosch sels, dêrneist binne der ek fakulteiten yn Tygerberg, Bellville en Saldanha.

Taal fan it ûnderwiis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Stellenbosch Universiteit is ien fan de universiteiten dy’t op bachelors en honours nivo’s noch yn it Afrikaansk lesjouwe. Op masternivo wurdt it ûnderwiis hjoed de dei ek yn it Ingelsk dien. Afrikaansk mei dan wol de haadtaal fan de skoalle wêze, fan de studinten wurdt wol ferwachte dat de opjeften, toetsen en eksamen yn sawol it Afrikaansk as it Ingelsk skreaun wurde kinne.

Op it stuit hat likernôch 53% fan de studinten it Afrikaansk as memmetaal tsjin likernôch 37% dy't it Ingelsk as memmetaal hat. It tal Afrikaansk sprekkende studinten nimt al ôf, wylst de Ingelsktalige studinten hieltyd mear wurde.[4]

Om de taalsitewaasje is by it Súdafrikaanske regear in soad om te dwaan. It regear leit in grutte druk op de universiteit om hieltyd mear lessen yn it Ingelsk oan te bieden. Dat it ynstitút gau hielendal oergean sil nei it Ingelsk is net wierskynlik. De universiteit is ien fan de minne ynstituten dy’t noch lesjout yn it Afrikaansk, it stiet dan ek heech oanskreaun by de Afrikaner mienskip.

It studinteprofyl fan de universiteit, neffens ras, sjocht der yn 2009 as folcht út:

Etnyske komôf (2009) Persintaazje Totaal
Wyt 67.6% 17.753
Kleure 15.2% 4,000
Swart 14.4% 3,800
Yndiaansk 1.9% 500
Totaal 100% 26.243

It profyl neffens memmetaal sjocht der yn 2009 as folcht út:

Taal Persintaazje
Afrikaansk 53,25%
Ingelsk 36,98
Afrikaansk/Ingelsk 2,73%
Xhosa 1,75%
Oare SA-taal 2,55%
Oare taal 2,75%

De Universiteit Stellenbosch jout les yn likernôch 185 fakgebieten, ferdield oar tsien fakulteiten.[5] Ek hat it mear as 40 ûndersyks- en oare ynstituten.

De universiteit hat tsien fakulteiten, wêrfan der acht op de haadkampus fêstige binne:

In loftfoto fan de kampus by Tygerberg.

Neist Stellenbosch hat de universiteit noch trije oare lokaasjes:

  • Belville - Bedriuws- en bestjoerskunde
  • Tygerberg - Sûnenswittenskippen
  • Saldanha - Militêre akademy

De Universiteit Stellenbosch beskikt oer de ferneamde J.S. Gericke Bibleteek. It hat twa ferdjippings en omfiemet in gebiet dat like grut is as twa en in heal fuotbalfjilden. De bibleteek hat samlingen dy’t katalogisearre en digitalisearre binne.

Ek hat de universiteit in konservatoarium, mei twa konserthallen. It konservatoarium is it thús fan it Stellenbosch Universiteitskoar, dat it âldste koar fan Súd-Afrika is en in grut ferskaat oan prizen wûn hat.[6]

De universiteit hat in teater dêr’t 430 minsken yn kinne, it H.B. Thom Teater, ek is der in iepen loft amfiteater. Hjir wurde út en troch optredens jûn troch de Fakulteit Taal en Sosjale Wittenskippen.

Yn it Langenhoven Studinten Sintrum (bekend ûnder de namme Die Neelsie) is de studinterie fêstige. Dêrneist sitte der yn it sintrum tal fan fasiliteiten, bygelyks in bioskoop, in postkantoar, in winkel, in restaurant en alle gebouwen fan de studinteferienings. De universiteit hat har eigen radiostjoerder, de MFM (Matie FM), dat ek yn Die Neelsie fêstige is. It stjoert út oer it gebiet fan Stellenbosch op 92.6FM. Muzyk, nijs, amusemint en nijs oer de skoalle binne ûnderwerpen dy't omtinken krije.

De universiteit jout twa blêden út dy’t eltse twa wiken útkomme, Die Matie foar de studinten en KampUS foar de meiwurkers. It offisjele jierboek, Die Stellenbosch Student, wurdt elts jier útbrocht.

De universiteit beskikt oer in ferskaat oan wenromte, koshuise neamd yn it Afrikaansk.

Mei it júste netwurk kinne studinten telâne yn ien fan de ferneamde koshuise. Yn in koshuis wenje likernôch 450 manlju of froulju ûnder strang tafersjoch fan in ynwenjend haad. Om der wenje te meien moat der earst in ûntgriening barre. Faak wenje folle generaasjes studinten út ien en deselde famylje yn itselde koshuis. Yn de sporteveneminten dy’t organisearre wurde stride de koshuise tsjin elkoar.

Dagbreek, ien fan de koshuise fan de universiteit.

Manljukoshuise

Frouljukoshuise

  • Erica
  • Harmonie
  • Heemstede
  • Huis Ten Bosch
  • Irene
  • Lydia
  • Minerva
  • Monica
  • Nemesia
  • Nerina
  • Serruria
  • Sonop

Mingde Koshuise

  • Concordia
  • Goldfields
  • Academia
  • Metanoia

Manlju PSO's

  • Pieke

Froulju PSO'S

  • Silene

Ferneamde (eardere-)studinten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De Universiteit Stellenbosch hat de earste mikrosatelyt fan Afrika ûntwerpt en makke. It wie de SUNSAT, dy’t yn 1999 ôfsketten waard.
  • De studinten fan de universiteit wurde Maties neamd, in wurd dat ôflaat is fan it Afrikaanske wurd foar tomaat: tamatie. De kleur fan de universiteit is dan ek read.
  • De maskotte fan de universiteit is Pokkel, in iikhoarn[7]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1], Ynskriuwings nei jier (sjoen op 5 novimber 2009)
  2. [2], Telling fan personiel mei in fêste oanstelling (sjoen op 5 novimber 2009)
  3. [3], Stellenbosch arsjitektuer (sjoen op 5 novimber 2009)
  4. [4], Ynskriuwings nei taal en jier (sjoen op 5 novimber)
  5. [5], Universiteit fan Stellenbosch (sjoen op 5 novimber)
  6. [6], Oer de Universiteit Stellenbosch (sjoen op 5 novimber)
  7. [7], Moetsje Pokkel, de geloksbringer fan de Maties (sjoen op 5 novimber 2009)