Ulbe van Dijk
Ulbe van Dijk | ||
Reedrider | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Ulbe van Dijk | |
bertedatum | 1841 | |
berteplak | Gau | |
stjerdatum | 25 novimber 1910 | |
stjerplak | Amsterdam | |
sportive ynformaasje | ||
ûnderdiel | koartebaan |
</noinclude> Ulbe van Dijk (Gau 1841- Amsterdam 1909) wie yn de 19e iuw in bekende koartebaanrider.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ulbe van Dijk waard as boeresoen berne en it doel wie dat er syn heit opfolgje soe. Yn 'e âldens fan 19 jier died er mei oan in hurdriderij op 'e Jouwer, dy't er wûn. Van Dyk makke namme en yn febrewaris 1864 skreau de krante al dat der yn de omkriten grute waard dat Van Dijk wol 600 gûne de moanne fertsjinne mei it riden. Jierren wie Van Dijk de kampioen op de koarte baan en hy koe wol 160 meter yn 11 sekonden ôflizze.
Ulbe wûn sa'n soad prizen dat de aardichheid der foar guon iisklups ôf wie en him yn 1871 net mear by harren hurdriderijen hawwe woene. Yn 1873 waard Van Dijk lang om let dochs ferslein. Sûnt sette de delgong yn.
Van Dijk wûn meiïnoar 99 prizen en preemjes en hy woe graach de 100 fol meitsje, mar dat is him net mear slagge.
Libben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Van Dijk troude de boeredochter Aetske Terpstra en tegearre krigen hja 11 bern. Hja buorken sûnt 1882 yn Raerd, mar nei in krisis yn 'e lânbou waard er keapman en slachter yn Wytgaard. Dêr gyngen de saken net goed en nei in fallisemint hat er noch in skoftke as arbeider yn Dronryp wurke.
By in jubileumfiering fan de iisklup Thialf op It Hearrenfean wie ek de doe 63 jier âlde Ulbe van Dijk en hy hat dêr noch riden. Yn 1909 ferhûze Van Dijk fan Dronryp nei Amsterdam en dêr ferstoar er op 25 novimber 1910. Van Dijk waard yn Gau op it hôf begroeven, mar syn grêf bestiet net mear.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|