Springe nei ynhâld

Tjitze Vogel

Ut Wikipedy

Tjitze Vogel (De Gerdyk, 13 juny 1958) is in Nederlânsk kontrabassist, tubaïst, komponist en bandlieder yn de jazz en ymprovisearre muzyk; syn muzyk is in mjuks fan jazz en wrâldmuzyk.

Vogel is sûnt 1978 dwaande mei de jazz-muzyk en yn de jierren 1982-1988 studearre er oan it konservatoarium yn De Haach. Hy spile yn de bands fan Frank Grasso en Loek Dikker en begûn yn 1985 in eigen kwartet. Hy arbeide op mei Robert Jan Vermeulen en Nikos Tsilogiannis en rjochte ein jierren tachtich mei Paul Weiling de groep Four in One op. Teffens wie er yn dy tiid oan 't wurk mei fluitist Mark Alban Lotz. Yn de jierren njoggentich foarme er de groep Vogelvijf (1991), mei wa't er in cd opnaam dy't útbrocht waard op Vogel's eigen platelabel Loplop. Ek spile er mei yn de groepen fan ûnder oaren Akki Haak en Steven Kamperman. Yn 1997 rjochte Vogel syn VogelKwartet op, wêr't er in stikmannich albums mei makke.
Hy waard lid fan it Global Village Orchestra (fan 2001 ôf) en kaam mei Weiling mei de groep 'Ming principle', dy't Sineeske muzyk kombinearre mei westerske ymprovisearre muzyk (2003). Yn 2006 arbeide Vogel op 'e nij op mei Tsilogiannis, yn de groep 'Pan Project'. Yn 2007 sette er út ein mei it trio 'Hemelbestormers'.

Sûnt 2004 jout er les oan de Universiteit fan Utert.

In kar:

Vogelvijf:

  • This Side Up, Loplop

Vogelkwartet:

  • Eggs in Basket, Loplop, 1997
  • South of No Border, Loplop, 1999
  • Come to Catch Your Voice (mei Jaap Blonk), Loplop, 2001
  • De Keurcollectie, Loplop, 2003