Tichtheid
De tichtheid fan in materiaal is yn de natuer- en skiekunde in grutheid dy’t útdrukt hoefolle massa fan dat materiaal der oanwêzich is yn in beskaat folume. Hoe heger de tichtheid fan in foarwerp, hoe heger syn massa de folume is. De trochstringse tichtheid fan in foarwerp is lyk oan syn totale massa dield troch syn totale folume. In foarwerp mei in gruttere tichtheid hat minder folume as in gelike massa fan in minder tichte stof.
Faak wurdt noch de âlde (mar foute) term soartelike gewicht brûkt.
Formule
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Tradisjoneel tsjut min tichtheid oan mei de Grykske letter ρ (rho).
Mei
ρ: it foarwerp syn tichtheid (mjitten yn kilogram de kubike meter)
m: it foarwerp syn totale massa (mjitten yn kilogram)
V: it foarwerp syn totale folume (mjitten yn kubike meter)
Yn it Système International wurdt tichtheid útdrukt yn kilogram de kubike meter (kg/m³), mar de âldere ienheid (út it cgs-systeem) gram de kubike sintimeter (g/sm³) wurdt ek noch brûkt. De omsetting is 1000 kg/m³ = 1 g/sm³.
Fan de eleminten kin de tichtheid tige ferskille. Osmium en iridium bygelyks hawwe de grutste tichtheden (om en de by de 22 590 kg/m³) en wetterstof de lytste (0,08988 kg/m³). Hjirtusken yn befine harren ûnder oare goud (19 200 kg/m³), lead (11 300 kg/m³) en wetter (1000 kg/m³, by 4 graden Selsius).