Swart readsturtsje
swart readsturtsje | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
mantsje wyfke | ||||||||||||
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phoenicurus ochruros | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
simmerfûgel stânfûgel trekfûgel wintergast |
It swarte readsturtsje (Phoenicurus ochruros) is in sjongfûgel út de famylje Muscicapidae (miggesnappers). It fûgeltsje briedt yn Europa en it west fan Aazje en oerwinteret yn dielen fan Europa en yn Afrika. In lyts diel fan 'e Nederlânske populaasje oerwinteret yn eigen lân, wylst it grutste part nei súdliker streken trekt.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It 14 sm lange fûgeltsje hat in brúnreade sturt. De mantsjes binne fierder swart en griis en ha in wite flek op 'e wjukken. Mantsjes fan eastlike populaasjes hawwe in brúnreade búk. Wyfkes binne brúngriis. Swarte readsturtsjes sitte faak rjochtop en trilje mei de sturt.
Fersprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik komme swarte readsturtsjes út bercheftige gebieten en rotseftige lânskippen. It fûgeltsje profitearret fan it keunstmjittige lânskip dat mei stienbulten en oar boumateriaal ûntstiet by bouaktiviteiten, lykas de oanlis fan nije wenwiken. Hege sjongposten wurdt troch kranen en antennes bean.[1]
Swarte readsturtsjes komme yn in grut gebiet fan Europa foar, mar minder noardlik as it besibbe gewoane readsturtsje. Ek is it swarte readsturtsje yn grutte dielen fan Ruslân ôfwêzich, wylst syn ferspriedingsgebiet yn ferlikening mei it gewoane readsturtsje súdliker yn Aazje leit. It Afrikaanske oerwinteringsgebiet fan it swarte readsturtsje is dêrfoaroer beheind ta it noarden en noardeasten fan dat kontinint.
Yn ús lân wurdt it tal swarte readsturtsjes op sa'n 14.000-22.000 briedpearkes rûsd. De soarte hat him de lêste desinnia nei it west fan it lân útwreide, mar de grutste konsintraasjes fan 'e fûgel lizze rûchwei yn 'e eastlike helte. Winterdeis bliuwt in lyts, mar groeiend diel efter yn ús lân, de rest trekt nei it waarmere suden fan Europa. Strange winters yn it suden fan Europa kin de Nederlânske briedpopulaasje negatyf beynfloedzje. De fûgel past him maklik oan gebouwen oan en is ek yn 'e stêd sels en op yndustryterreinen te sjen.[2]
Der binne seis ûndersoarten fan de fûgel:[3]
- P. o. gibraltariensis (Gmelin, 1789): Europa en noardwestlik Afrika.
- P. o. ochruros (Gmelin, 1774): fan Turkije oant de Kaukasus en noardwestlik Iran.
- P. o. semirufus (Hemprich & Ehrenberg, 1833): westlik Syrje, Libanon en noardeastlik Israël.
- P. o. phoenicuroides (Moore, 1854): noardeastlik Iran en Turkmenistan oant noardwestlik Pakistan, súdeastlik Kazachstan, noardwestlik Sina en eastelijk Mongoalje. Wurdt ek wol eastlik swart readsturtsje neamd.
- P. o. murinus (Fedorenko, 2018): noardeastlik Kazachstan, it súdlike diel fan Sintraal-Sibearje, it noardlike diel fan Sintraal-Sina en westlik Mongoalje.
- P. o. rufiventris (Vieillot, 1818): fan 'e sintrale Himalaya oant Sintraal-Sina.
Guon ûndersikers ûnderskiede ek in Phoenicurus ochruros xerophilus yn Phoenicurus ochruros rufiventris en in Phoenicurus ochruros aterrimus yn Phoenicurus ochruros gibraltariensis. Dy lêste ûndersoarte soe him pas yn it Weichselyn, de lêste iistiid, ôfsplitst ha.
Iten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It iten fan 'e swarte readsturt bestiet út ynsekten en beien.
Nêst
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel boud syn nêst yn holtes fan beammen, rotsen en gebouwen. It nêst bestiet út fiif oant sân wite aaikes, dy't nei twa wiken útkomme. Nei tolve oant sechtjin dagen fleane de jonge fûgels út.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De populaasje wurdt op 32.000.000 oant 57.999.999 folwoeksen fûgels rûsd en oannommen wurdt dat de oantallen tanimme. It swarte readsturtsje hat boppedat in grut ferspriedingsgebiet en wurdt troch de IUCN op 'e Reade list as net bedrige.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
- Readsturtsje
- Fûgelsoarte
- Lânseigen fauna yn Abgaazje
- Lânseigen fauna yn Albaanje
- Lânseigen fauna yn Andorra
- Lânseigen fauna yn Armeenje
- Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan
- Lânseigen fauna yn Belgje
- Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina
- Lânseigen fauna yn Bulgarije
- Lânseigen fauna yn Denemark
- Lânseigen fauna yn Dútslân
- Lânseigen fauna yn Eastenryk
- Lânseigen fauna yn Estlân
- Lânseigen fauna yn Fatikaanstêd
- Lânseigen fauna yn Finlân
- Lânseigen fauna yn Frankryk
- Lânseigen fauna yn Fryslân
- Lânseigen fauna yn Georgje
- Lânseigen fauna yn Gibraltar
- Lânseigen fauna yn Grikelân
- Lânseigen fauna yn Guernsey
- Lânseigen fauna yn Hongarije
- Lânseigen fauna yn Ierlân
- Lânseigen fauna yn Ingelân
- Lânseigen fauna yn Itaalje
- Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân
- Lânseigen fauna yn Jersey
- Lânseigen fauna yn de Kanaryske Eilannen
- Lânseigen fauna yn Kazachstan
- Lânseigen fauna yn Kosovo
- Lânseigen fauna yn Kroaasje
- Lânseigen fauna yn Letlân
- Lânseigen fauna yn Lychtenstein
- Lânseigen fauna yn Litouwen
- Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân)
- Lânseigen fauna yn Malta
- Lânseigen fauna yn Man
- Lânseigen fauna yn Moldaavje
- Lânseigen fauna yn Monako
- Lânseigen fauna yn Montenegro
- Lânseigen fauna yn Nederlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Ierlân
- Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje
- Lânseigen fauna yn Noarwegen
- Lânseigen fauna yn de Oekraïne
- Lânseigen fauna yn Poalen
- Lânseigen fauna yn Portegal
- Lânseigen fauna yn Roemeenje
- Lânseigen fauna yn San Marino
- Lânseigen fauna yn Servje
- Lânseigen fauna yn Sibearje
- Lânseigen fauna yn Sloveenje
- Lânseigen fauna yn Slowakije
- Lânseigen fauna yn Spanje
- Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje
- Lânseigen fauna yn Sweden
- Lânseigen fauna yn Switserlân
- Lânseigen fauna yn Syprus
- Lânseigen fauna yn Tsjechje
- Lânseigen fauna yn Turkije
- Lânseigen fauna yn Wales
- Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân
- Lânseigen fauna yn Afganistan
- Lânseigen fauna yn Bachrein
- Lânseigen fauna yn Bangladesj
- Lânseigen fauna yn Birma
- Lânseigen fauna yn Bûtan
- Lânseigen fauna yn de Feriene Arabyske Emiraten
- Lânseigen fauna yn Yndia
- Lânseigen fauna yn Irak
- Lânseigen fauna yn Iran
- Lânseigen fauna yn Israel
- Lânseigen fauna yn Jemen
- Lânseigen fauna yn Jordaanje
- Lânseigen fauna yn Katar
- Lânseigen fauna yn Kirgyzje
- Lânseigen fauna yn Koeweit
- Lânseigen fauna yn Libanon
- Lânseigen fauna yn Mongoalje
- Lânseigen fauna yn Nepal
- Lânseigen fauna yn Oezbekistan
- Lânseigen fauna yn Oman
- Lânseigen fauna yn Pakistan
- Lânseigen fauna yn Palestina
- Lânseigen fauna yn Saûdy-Araabje
- Lânseigen fauna yn Sina
- Lânseigen fauna yn Syrje
- Lânseigen fauna yn Tadzjikistan
- Lânseigen fauna yn Turkmenistan
- Lânseigen fauna yn Algerije
- Lânseigen fauna yn Dzjibûty
- Lânseigen fauna yn Egypte
- Lânseigen fauna yn Eritreä
- Lânseigen fauna yn Etioopje
- Lânseigen fauna yn Lybje
- Lânseigen fauna yn Marokko
- Lânseigen fauna yn Mauretaanje
- Lânseigen fauna yn Somaalje
- Lânseigen fauna yn Sûdan
- Lânseigen fauna yn Súd-Sûdan
- Lânseigen fauna yn Tuneezje
- Lânseigen fauna yn de Westlike Sahara