Steven de Jong
Steven de Jong | ||
regisseur en/of produsint | ||
Steven de Jong by de produksje fan Stuk! (2014) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 26 juny 1962 | |
berteplak | Skarsterbrêge | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | filmregisseur, filmprodusint, akteur | |
bekenste produksje(s) |
De Hel van '63, Snuf de Hond in oorlogstijd, De schippers van de Kameleon, Grutte Pier | |
jierren aktyf | 1985-no | |
offisjele webside | ||
http://www.stevendejongfilms.nl/ |
- Dizze side giet oer de filmregisseur. Foar de skriuwer en dichter, sjoch: Steven H.P. de Jong.
Steven de Jong (Skarsterbrêge, 26 juny 1962) is in súksesfolle Fryske regisseur en produsint fan (spyl)films. De Jong folge de "Media Akademy" in Hilfertsom en makke dêrnei namme mei ferfilmingen fan meast Fryske ûnderwerpen. As regisseur makke er sawol jeugdfilms as films foar folwoeksenen.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonge jierren en start filmkarrière
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Jong is hikke en tein yn Skarsterbrêge. Nei de middelbe reskoalle begûn hy as 18-jierrige in platewinkel op de Jouwer. Dêr kaam letter in cd-winkel op It Hearrenfean by. Lettter folge De Jong de "Media Academie" yn Hilfertsom en makke dêrnei namme mei in soad ferfilmings fan meast Fryske ûnderwerpen. Hy makke yn 1981 syn debút as akteur yn Zeg 'ns Aaa. Hy wurke dêrnei mear as tsjien jier foar de produksjemaatskippijen fan Joop van den Ende en John de Mol, as ûnde mear regisseur en produsint, foar ferskate telefyzjeproduksjes wêrûnder Goede Tijden Slechte Tijden, De Erfenis en Paardenmagazine.[1]
Selsstannich
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 1995 sette de Jong in eigen produksjemaatskippij op, Steven Dejong Producties. Hy produsearre, regisearre en skreau it senario foar tsientallen films en telefysyproduksjes, wêrûnder Spijkerhoek, De Hel van ’63, De Scheepsjongens van Bontekoe en Snuf de Hond.
Hy wie dêrnei aktyf as regisseur en as bestjoerder fan syn trije produksjemaatskippijen. Tegearre mei Dick van den Heuvel skriuwt hy faak de senario's. De Jong is ek foarsitter fan de Stichting Frysk Filmfûns.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 2000 wûn De Jong de 'Televizierring' foar Westenwind foar syn wurk as regisseur en creative producer. Foar syn rezje- en aktearwurk foar De Fûke krige hy de Stimulânspriis, en ek 2 Gouden Keal-nominaasjes. Mei syn films wûn hy ferskate oare prizen, wêrûnder in platinafilm foar De schippers van de Kameleon, in gouden film foar De Scheepsjongens van Bontekoe, Kameleon 2 en De Hel van '63, en in tal lokale prizen as de Cinekid bêste film foar Penny's Shadow en de titel Best Art & Director op it Bagdad International Film Festival.
Filmografy (as regisseur)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Spylfilms
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- De Gouden Swipe - 1995
- De Fûke - 2000
- De Schippers van de Kameleon - 2003
- Kameleon 2 - 2005
- De Scheepsjongens van Bontekoe - 2006
- Snuf en de Jacht op de Vliegende Volckert - 2008
- Snuf de Hond in Oorlogstijd - 2008
- De Hel van '63 - 2009
- Snuf en de IJsvogel - 2010
- Snuf en het Spookslot - 2010
- Penny's Shadow - 2011
- Leve Boerenliefde - 2013
- Stuk! - 2014
- Spaak - 2017
- De Kameleon aan de Ketting - 2021
- Grutte Pier - 2022
Telefyzjeriges
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Onderweg naar Morgen - 1995-1999
- Westenwind - 1999
- Baas boppe Baas - 2005
- Dankert & Dankert - 2005
- Van Jonge Leu en Oale Groond - 2005
- Penny - 2008
- Bit - 2008 (basearre op it libben fan Tjitse Smeding)
- De Kameleon - 2018
Filmografy (as akteur)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Snuf de Hond in oorlogstijd - 2008 - Tjerk Verhoef (omke fan Tom)
- Spijkerhoek - 1990 - 1992
- De Schippers van de Kameleon - 2003 + heit Klinkhamer
- Kameleon 2 - 2005 - heit Klinkhamer
- De scheepsjongens van Bontekoe - 2006 - Klaas Hajo (heit fan Peter)
- De Kameleon - 2018, heit Klinkhamer
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|