Springe nei ynhâld

Stede Grootebroek

Ut Wikipedy
Flagge
Wapen
Stede Grootebroek en omkriten

Stede Grootebroek of Stede Broec is in stêd yn de gemeenten Stede Broec en Drechterlân yn Noard-Hollân. De stêd is formeel allinnich in stêd yn dy sin, dat it plak stedsrjochten krigen hat.

De plakken dy't de stêd foarmje lizze tsjintwurdich yn twa gemeenten, Heechkarspel yn de gemeente Drechterlân en Boppekarspel, Grootebroek, Lutjebroek en Horn yn de gemeente Stede Broec. Dy lêste gemeentenamme is in ferwizing nei de âlde stêd. Omdat de stad bestiet út ferskate doarpen wurdt it dêrom ek wol in doarpestêd neamd.

Yn 1364 waarden Grootebroek en Boppekarspel ta in 'stêd' mei stedsrjochten gearfoege, mei de namme Stede Broec, al waard it earst ynskreaun as Gruttebroek, wat letter feroare waard yn Broek. Yn ferskate dokuminten troch de iuwen hinne dûkt dy namme ek op, neist Stede Broec. Grootebroek wie by it ûntstean fan de stêd ek in grutter plak as Boppekarspel.

Yn 1402 kamen ek Lutjebroek en Horn by de stêd, in jier letter folge ek Heechkarspel. Sûnt dy tiid wurdt ek wol de folle namme, Stede Grootebroek, brûkt. Noch folle letter wie der ek in koarte perioade, tusken 1786 en sirka 1800, dat it doarp Andyk ta de stêd rekkene waard. Andyk foel al langer formeel ûnder it gesach fan de stêd mar hearde net ta de stêd sels. Yn 1811 waard Andyk yndield by de gemeente Wervershoof en yn 1812 waard it in selsstannige gemeente.

Ut dokuminten blykt dat Stede Grootebroek as in echte stêd beskôge waard, ûndanks dat inkele yn it each springende kenmerken Ûntbrutsen: it hie gjin stedsmuorren, koe net as ien wenkearn beskôge wurde en hie in echt agrarysk karakter.

Yn de 19e iuw foel de stêd yn gemeentlike sin útinoar en ferlear stadichoan yn funksjoneel opsicht har betsjutting. Der wurdt algemien fan útgien dat nei 1811 de stêd net mear funksjonearre as plak mei stedsrjochten en dat it sûnt 1825 net mear offisjeel útdroegen wurdt nei ferskate ûnderlinge mieningsferskillen. Yn dy perioade waarden stedsrjochten ek foar de wet ôfskaft. Yn 1979 waarden de gemeenten Gruttebroek en Boppekarspel gearfoege ûnder de hjoeddeiske gemeentenamme, Stee Broec, in ferwizing nei de stêd.

De stêd mei dan net mear offisjeel útdroegen wurde, mar de stedsrjochten spilen wol mei yn it omsetten fan it bestimmingplan fan it grûngebiet yn sawol nei 1970 as yn 1994 sadat de plakken fan de stêd flink útwreide wurde koenen om de groei fan bewenners út de Rânestêd oan te kinnen. Itselde barde mei de doarpenstêd Langedyk, wat krekt boppe Alkmar leit. Sa waarden Heechkarspel, Gruttebroek en Boppekarspel folle grutter. Nei 1970 wie der sprake fan tuskenstasjon. It gebiet fan de doe noch trije gemeenten (Heechkarspel, Gruttebroek en Boppekarsel) bleau in griengemeente mar der mocht folle mear boud wurde as yn de measte buorgemeentes en bepaalde stikken grûn koenen earder omsetten wurde fan grien/agraryske nei bougrûn as dêrfoar. Yn 1994 waard Stede Broec dochs noch gau as in echte groeikearn oantsjutten doe't de groei serieus heger út bliek te fallen as wat tastien wie.

De haven Broekerhaven is ûntstien doe't Stede Grootebroek yn 1415 tastimming krige in haven te bouwen yn it súdlike efterlân fan de stêd. It duorre lykwols oant 1449 eardat der werklik begûn wurde koe mei de oanlis fan de haven. De reden wie dat de neistlizzende stêd Inkhuzen faaljekant tsjin de oanlis wie. Wat de saak noch slimmer makke wie dat yn de Hoekse en Kabbeljauske twisten Stede Grootebroek foar Jakoba fan Beieren wie en Inkhuzen foar Filips fan Boergonje.

Dit late ta in oantal konfrontaasjes tusken de twa stêden. De bekendste en grutste wie dy fan 1425, doe't Hoekske soldaten ferburgen sieten yn de Broekerse heapreammen en sa it Kabbeljauske Inkhuzen besochten binnen te kommen. Mar spitigernôch foar harren waarden se ûntdekt en ferjage, wat net betsjutte dat Stede Grootebroek ynieen ophold mei it steunen fan de Hoeksen.

Stede Grootebroek ferlear de stedsrjochten neidat de Hoekse en Kabbeljauske Tsierderijen yn it foardiel fan Filips beteard wiene, wêrtroch der ek gjin haven komme koe. Stede Grootebroek krige noch in swiere boete oplein. Mar neidat de stêd steun- en oanhinklikheidsbetsjûgingen oan Filips dien hie, krige se yn 1436 de stedsrjochten werom en waard it plan ta de bou fan de haven wer fan de palnke helle. Yn 1448 karde men dat goed en sa begûn men op 30 july 1449 mei it trochgraven fan de seedyk om de haven oan te lizzen.

By de haven groeide neist de gewoane drokte ek in buorren, dat deselde namme krige as de haven. Lange tiid waard it as selsstannige kearn bskôge en de wenkearn foel ek bûten de stêd. By it útinoar fallen fan de stêd yn ferskate gemeentes yn 1807 waard Broekerhaven ûnderdiel fan de gemeente Boppekarspel en sels fan it doarp Boppekarspel.